By Egypte is gjin help te krijen
1Wee dy balstjurrige bern, – is de godsspraak fan de Heare –,
dat fynt fan alles út bûten My om,
dat slút ferbûnen dy’t Ik har net ynjûn haw,
en loeget mar sûnde op sûnde;
2dat fljocht mar nei Egypte ta
sûnder myn útspraak te freegjen,
dat siket mar ûntwyk en help by Farao
om yn it skaad fan Egypte beskûl te finen.
3Mar mei Farao syn help
sille jim raar te pal komme;
en in beskûl yn it skaad fan Egypte set jimsels te skande.
4Al sitte syn hege hearen no yn Soän
en al binne syn gesanten nei Chanes ta set,
5se komme der allegearre min foar wei
by in folk dêr’t se gjin stipe by fine,
se krije dêr gjin help of stipe,
mar allinne smaad en skande.
6De bisten fan it Suderlân hawwe in lêst te dragen;
troch in lân fan benearing en need,
dêr’t liuw en liuwinne tahâlde,
njirre en fleanende draak,
tôgje se har rykdommen op ezelsrêgen
en har skatten op kamielebulten
nei in folk dêr’t se gjin baat by fine.
7Want Egypte en syn help is neat mei neat derop ta;
dêrom haw Ik it neamd:
‘Rahab dy’t ta swijen brocht is.’
Ferset dat neat jout
8Gean hinne en rits it yn in skriuwplaat,
lis it fêst yn in boek,
dat it der letter noch stiet
as in bewiis foar alle tiden.
9Want dit is in dwerstrieddich folk,
oerkommen bern binne it,
dy’t net harkje wolle nei wat de Heare leart;
10dy’t tsjin de sjenners sizze: ‘It moat út wêze mei dy gesichten fan jimme!’
en tsjin dy’t fizioenen krije: ‘Hâld ús net langer de wierheid foar,
mar sis ús wat ús noflik oankomt;
jou ús bylden dy’t ús wat moais foarspegelje!
11Slach fan ’e wei ôf,
wyk ôf fan it rjochte paad,
soargje dat de Hillige fan Israel út ús eachweid ferdwynt!’
12Dêrom hat de Hillige fan Israel dit te sizzen:
Om’t jim dizze warskôging by jim del glide litte
en fertrouwen hawwe yn falske streken
en it der mar op oankomme litte,
13dêrom sil dizze ûngerjochtichheid op jim delkomme
as in losrekke stik stien
dat boppe út in hege muorre losskuort
en samar ynienen delstoart
14en útinoar spat as in pottebakkerskrûk;
hy is sa ûngenedich oan gruzels slein,
dat der ûnder de gruzeleminten
net iens in diggel te finen is
dêr’t men stikjes fjoer mei út ’e hurd nimme
of wat wetter mei opskeppe kin út in dobbe.
15Want dit hat God de Heare te sizzen,
de Hillige fan Israel:
Troch rêstich op jim plak te bliuwen hienen jim rêden wurde kinnen;
stil betrouwen,
dat hie jimme krêft west.
Mar dêr hawwe jim net oan wollen,
16jim seinen: ‘Nee,
wy sjogge dat wy op hynders fuortkomme.’
No dan, jim sille sjen dat jim fuortkomme.
Jim seinen: ‘Wy sille ús hurddravers drave litte!’
No, dy’t achter jim oansitte, kinne hurd.
17Foar it drigemint fan ien slagge tûzen op ’e flecht,
foar it drigemint fan fiif dogge jim dat allegearre;
dat der bliuwt oars net fan jim oer
as in flaggemêst boppe op in berch
of in seinpost op in hichte.
Beloften foar Sion
18En dochs sjocht de Heare dernei
út jim syn geunst te bewizen,
en dochs jout Er Him oerein om jimme barmhertich te wêzen;
want de Heare is in God fan rjocht:
dy’t nei Him útsjogge binne wòl gelokkich.
19Ja, folk fan Sion, folk dat yn Jeruzalem wennet –
do hoechst net te skriemen.
Hy sil Him oer dy ûntfermje asto om help ropst,
sa gau’t Er dat heart, jout Er antwurd.
20Al hat de Heare jim krapte fan brea jûn
en grut ferlet fan wetter,
dyn learmasters sille har net langer ferside hâlde,
mar mei eigen eagen silsto har sjen.
21En mochten jim rjochts of links ôfslaan wolle,
dan silsto mei eigen earen
in stimme achter dy sizzen hearre:
‘Dit is de wei, dy’t jim gean moatte.’
22Dan sille jimme jim ôfgodsbylden mei har sulverbeslach
en jim bylden mei har goudbeklaaisel ûnrein achtsje,
do silst se weismite as fize smoargens
en derfan sizze: ‘Fuort dermei!’
23Dan sil de Heare rein jaan op it sied datsto siedde hast,
en it brea dat it lân dy jout
sil smaaklik en streksum wêze.
As dy dei komt, sil dyn fee de romte fan weidlân hawwe;
24de oksen en de ezels dy’t dyn lân beärbeidzje,
sille krûdich foer te iten krije
dat mei werpskeppe en wanne skjinwyndere is.
25En elke hege berch en elke oprizende hichte
sil it wetter yn beekjes by delrinne
de deis fan ’e grutte slachting,
as de sterke tuorren komme te fallen.
26De moanne sil likefolle ljocht jaan as de sinne,
de sinne sânkear safolle as oars, it ljocht fan sân dagen yn ien dei,
de deis dat de Heare de stikkene
lea fan syn folk ferbynt
en de wûnen dy’t se oprûn hawwe, wer hielet.
Assyrië’s ûndergong, feest yn Jeruzalem
27Sjoch, de Heare sels komt fan fierrens oan,
syn grime baarnt, in swiere wolk fan reek;
syn lippen binne laden mei de grammoedigens,
syn tonge is in fertarrend fjoer.
28Syn azem is as in losbrutsen wetterfloed,
sa heech, dat it komt oan ’e hals ta.
Hy skoddet de naasjes op ’e souwe fan ’e ûndergong,
Hy leit de folken in teame oan dy’t har op ’e doele bringt.
29Mar jimme sille in liet op ’e lippen hawwe,
lykas yn ’e nacht dat men jin útrist foar in hillich feest,
en fan herten fleurich wêze
as immen dy’t stapt op it lûd fan ’e skalmei,
om op de berch fan de Heare te kommen,
nei de Rots fan Israel.
30Dan lit de Heare syn keninklike stimme hearre
en lit Er sjen, hoe’t syn earm delkomt
yn gleone grime en mei de lôge fan in fertarrend fjoer,
mei in eazjende stjalprein en delslaande hagel.
31Want it lûd fan de Heare syn stim
sil Assyrië fan opskrilje,
as it de slach fan syn stôk fielt.
32En elke slach fan ’e tuchtroede
lit de Heare op him delkomme;
by it lûd fan hânpauk en liere
en ûnder dûnsjende bewegings sil
Er him ûnderhannen nimme.
33Ja, al lang lyn is der in brânsteapel oanlein
en dy is foar de kening;
op it hurdstee leit in macht brânhout
en de azem fan de Heare sil it as mei in stream fan swevel oplôgje litte.