1Dy deis sil de Heare mei syn wreed,
sterk en machtich swurd,
Leviatan, dy fuortslûpende slange,
witte te finen,
Leviatan, de kronkeljende slange,
en Hy sil dat seemeunster dea slaan.
De wyngerd fan de Heare
2Sjong dy deis it liet fan ’e leaflike wyngerd.
3Ik, de Heare, fersoargje him,
iderkear jou Ik him wetter;
nacht en dei hâld Ik de wacht deroer dat neat him deare mei.
4In ringmuorre hoech Ik der net om.
Soe ik toarnen en stikels fine,
dan soe Ik dy wyngerd oanpakke
en alhielendal opbaarne.
5Of se moasten har taflecht by My sykje
en frede mei My slute, ja frede slute.
6Der komt in tiid dat Jakob woartel sjitte,
Israel groeie en bloeie sil
en de hiele ierde ûnder de fruchten sette.
Israel fermoanne
7God hat Israel net slein,
sa’t Er de lju slein hat, dy’t Israel sloegen.
Hy hat ûnder dy fan Israel net sa moarde
as ûnder har moardners.
8Nee: mei har te ferdriuwen en te fersiljen hawwe Jo tsjin har stien.
Hy hat har ferjage mei in fûle wynpûst, doe’t de eastewyn opsetten kaam.
9Hjir wurdt de skuld fan Jakob mei útsoend
en sa docht bliken, dat syn sûnde út ’e wei is:
Hy fermoarzelet al syn alterstiennen as wie it kalkstien,
gjin wijpeal noch wijreekstander bliuwt oerein.
10De fersterke stêd wurdt iensum achterlitten,
in ûntromme wenstee, sa ferlitten as in wyldernis,
dêr’t keallen weidzje,
en har deljouwe en elk twychje keal plúzje.
11De fertoarre tûken wurde ôfbrutsen;
en froulju dy’t dêr komme, sette it fjoer dermei oan.
Ja, dit folk hat gjin grevel ferstân,
dêrom hat har Skepper der gjin begrutsjen mei,
en dy’t it stal jûn hat, sil der gjin genede mei hawwe.
12Dy deis komt it sa, dat de Heare de ieren ôfslacht
fan ’e Eufraat ôf oan ’e grinsbeek fan Egypte ta;
en jimme sille opsocht wurde,
Israeliten, ien foar ien.
13Dy deis komt it sà,
dat der op in grutte rammehoarn blaasd wurdt;
dy’t yn Assyrië ferlern rekke wienen
of fersille yn Egyptelân, komme werom
en sille de Heare oanbidde
op ’e hillige berch te Jeruzalem.