It wie yn it jier dat de fjildhear op Asjdod tasette, dêr’t kening Sargon fan Assyrië him op ôfstjoerd hie. Hy foel it oan en naam it yn. No hie de Heare yn dy snuorje tsjin Jesaja, de soan fan Amoz, sein: Kom, doch it sekkeguod datst om ’e lea hast, omwei en de sandalen ôf. Dat died er en dêr rûn er neaken en op bleate fuotten. Doe sei de Heare: Myn tsjinner Jesaja hat no al trije jier neaken en op bleate fuotten omrûn, as in teken om Egypte en Etiopië te warskôgjen. Krektsa sil de kening fan Assyrië de gefangenen fan Egypte en de ballingen fan Etiopië, jong en âld meinimme, neaken en op bleate fuotten en mei har skamte iepen en bleat. – Wat in skande foar Egypte! Dan sil elkenien ferslein wêze en syn rie te’n ein om Etiopië, dêr’t se sa’n betrouwen yn hienen, en om Egypte, dêr’t se sa fan bearden. As dy dei komt, sille de minsken dêr oan ’e seekant sizze: Sjoch, as it al sa giet mei de lju dêr’t wy op betrouden en dêr’t wy ûntwyk by sochten en help om de kening fan Assyrië te ûntkommen, wat útwei is der dan foar ús?