Spotliet op ’e kening fan Babel
1Ja, de Heare sil Him oer Jakob erbarmje en op ’e nij foar Israel kieze. Hy sil harren wer in fêst plak jaan op eigen grûn. De frjemdling sil him derby jaan en him oanslute by it folk fan Jakob. 2Folken sille har meinimme en te plak bringe en it folk fan Israel sil dy tawiisd krije om as slaven en slavinnen te arbeidzjen op it lân fan de Heare. De lju dy’t harren earst yn ’e macht hienen, krije sij dan de macht oer; en de lju dy’t baas spilen oer har, sille sij der dan ûnder hawwe. 3Sa sil it komme de deis dat de Heare dy rêst jout fan dyn lijen en soargen en fan de wrede slavetsjinst dyst te ferduorjen hiest. 4Dan silsto dit spotliet op ’e kening fan Babel ophelje:
No is ’t foargoed dien mei dy driuwer,
foargoed dien mei de man dy’t der mar op ynfleach!
5De Heare hat de stôk fan ’e goddeleazen stikken slein,
de roede fan ’e hearskers,
6dy’t yn wylde woede op ’e folken ynsloech,
mei slaggen dy’t noait misten;
dy’t naasjes der grimmitich ûnder hâlde,
har ferfolge en gjinien ûntseach.
7No hat de hiele ierde frede en rêst,
en barst yn jubel út.
8Sels de sypressen hawwe wille om dij,
en de seders fan ’e Libanon sizze:
‘Nosto plat leist, komt gjinien de bergen op
om ús del te slaan.’
9It deaderyk yn ’e ûnderwrâld rekket om dij yn ûnstjoer,
en wol dij yn ’e mjitte, nosto komst.
It makket om dij de ferstoarnen wekker,
alle potentaten fan ’e ierde,
it lit fan har troanen oereinkomme
alle keningen fan ’e naasjes.
10Dy nimme allegear it wurd om tsjin dij te sizzen:
No hast neat mear om by te setten,
likemin as wy
en bist as ien fan ús wurden.
11Dyn heechheid is yn it deaderyk delstjitten,
mei it gerûs fan dyn harpen.
Dyn rêstbêd sit ûnder it libben guod
en dyn tekken is ien en al maitsen.
12Wat bisto raar út ’e himel fallen,
do Moarnsstjer, soan fan ’e dage!
Dêr leist no, tsjin ’e grûn slein,
do betwinger fan naasjes!
13By dysels hiest sein:
Ik sil yn ’e himel opklimme,
heech boppe de godlike stjerren
sil ik myn troan sette;
ik sil troanje op ’e berch dêr’t de goaden gearkomme,
op ’e heechste toppen fan ’e Safon.
14Ik sil heech boppe de wolkebanken út stige
en de Alderheechste belykje.
15Jawol, no bist yn it deaderyk delstjitten,
yn it djipste fan ’e ôfgrûn.
16Dy’t dij gewaar wurde, sjogge dy op en del oan,
se nimme dy skerp op en sizze:
‘Is dat no de man dy’t de ierde yn ûnstjoer brocht,
dat keninkriken derfan skodden;
17dy’t fan ’e wrâld in wyldernis makke
en de stêden platlei,
dy’t wa’t er fêstset hie, noait wer frij nei hûs gean liet?’
De keningen fan ’e oare naasjes
18binne no allegear mei eare rêst,
elk yn syn eigen hûs;
19mar do bist bûten dyn grêf der samar hinne smiten
as in stik fûlens dêr’t men wee fan wurdt,
by oaren dy’t mei it swurd deastutsen
en op ’e stiennen ûnder yn ’e put smiten binne,
as in tewâde kadaver.
20Do bist net iens mei harren yn in mienskiplik grêf bedarre,
want do hast dyn lân yn ’e ellinde brocht,
dyn eigen folk útmoarde!
Sa’n skaai fan dogeneaten
sil sels de namme fan weiwurde.
21Set foar syn soannen de slachtbank mar ree
fanwegen de ûngerjochtichheid fan har foarâlden;
dan kinne se net wer oereinkomme
om it lân yn besit te nimmen
en de ierde ûnder de stêden te bedobjen.
22Ik sil tsjin harren opkomme
– is de godsspraak fan de Heare Almachtich –
en Ik sil Babel mei namme en al útroegje
oan ’e lêste neiteam ta, – is de godsspraak fan de Heare.
23Ik meitsje der in útsochte oarde foar reiddompen fan,
sompich ûnlân,
Ik fei har fuort mei de biezem fan ’e ûndergong
– is de godsspraak fan de Heare Almachtich –.
De fêstens fan Gods plannen
24De Heare Almachtich hat der in eed op dien
en sein: Ja wier,
krekt sa’t Ik it My tocht haw, sa komt it;
sa’t Ik it besletten haw, sa wurdt it dien.
25Ik sil de Assyriër yn myn eigen lân de nekke brekke
en him ferwâdzje op myn eigen bergen.
Syn jok sil fan jim ôfglide,
syn lêst wurdt jim fan ’t skouder tild.
26Dat is it beslút dat nommen is foar de hiele ierde,
dat is de hân dy’t tsjin alle heidenfolken útstutsen is.
27Ja, de Heare Almachtich hat in beslút nommen
en wa soe it keare kinne?
Hy hat de hân útstutsen,
wa soe dy weromtriuwe?
Profesij oer de Filistinen
28Yn it jier dat kening Achaz stoar, waard dizze útspraak dien:
29Lit net ien fan jim him bliid meitsje, Filistinen,
dat de stôk dy’t jim slein hat brutsen is,
want út it sturtein fan ’e slang sil in njirre komme
en dêr komt wer in fleanend meunster út.
30De lytse lju sille rêstich weidzje kinne
en har fredich deljaan yn al har earmoed;
mar jimme neiteam lit Ik fan ’e honger omkomme,
en wat der dan noch oer is, sil ombrocht wurde.
31Gûl, binnen jim poarten; raas it út,
jim yn ’e stêd;
trilje allegearre, jim Filistinen,
want út it noarden wei komt in wolk opsetten
en syn rigen hawwe gjin útfallers.
32Wat foar antwurd sil der wêze
foar de boaden fan dat heidenfolk?
Ditte: ‘De Heare hat Sion in fêste grûnslach jûn,
dêr kin syn folk yn al syn ellinde in taflecht fine!’