Untrouwe prysters en in ûntrou folk
1Hear it wurd fan de Heare, folk fan Israel,
want de Heare hat in rjochtsaak tsjin de bewenners fan it lân,
om’t der gjin trou en leafde mear is
en se God net mear kenne yn it lân.
2Flokke, lige, moardzje, stelle, troubrekke,
it boazet al mar oan en de iene halsmisdied jaget de oare.
3Dêrom leit it lân der treurich hinne
en al wat der wennet, ferkwynt mei de wylde bisten en de fûgels yn ’e loft derby;
sels de fisken yn ’e see komme om.
4Mar lit no gjinien mei oanklachten komme
en lit gjinien it in oar op ’e skuld jaan, want tsjin dij giet myn oanklacht, pryster.
5Do silst stroffelje by dei,
de profeet mei dy by nacht
en Ik sil dyn skaai ferkomme litte.
6Myn folk ferkomt, om’t it gjin Godskennis hat.
En omdatsto it bist, dy’t dy kennis fersmyt,
dêrom fersmyt Ik dij as myn pryster.
Omdatsto net tinkst om it ûnderrjocht yn myn godlike wet,
dêrom tink Ik net mear om dyn soannen.
7Wat machtiger hja waarden,
wat mear’t se tsjin My sûndigen;
har eare sil Ik yn skande feroarje.
8De sûnde fan Myn folk, dat is har brea,
en syn ûngerjochtichheden longerje se op.
9De pryster sil it krektsa fergean as it folk:
Ik sil him syn dwaan en litten yn rekken bringe,
him lean nei wurken jaan.
10Se sille ite sûnder sêd te wurden,
huorkje, mar der neat mei bedije.
Want hja hawwe de Heare ferlitten om oan huorkerij te dwaan.
11Alde en jonge wyn rekket myn folk syn ferstân by kwyt.
12Se freegje har stik hout om in útspraak
en har stôk moat harren antwurd jaan.
In geast fan huorkerij hat har paadbjuster makke,
yn ûntrou brekke se mei har God.
13Op ’e berchtoppen bringe se fleisoffers
en rûkoffers op ’e heuvels;
ûnder iik, popelier en terebint,
want yn dat skaad sit it noflik.
Gjin niget dat jimme dochters huorkje
en jimme skoandochters de trou brekke.
14Ik sil jimme dochters net straffe foar har huorkerij
en jimme skoandochters net foar har troubrek,
want de hearen sels jouwe har mei huorren ôf
en offerje mei wijde huorren.
Sa giet dat dwaze folk syn ûndergong temjitte.
15Asto al huorkje wolst, Israel,
lit Juda him dêr net skuldich oan meitsje.
Kom net te Gilgal en gean net nei Bet-Awen,
en swar dêr net: sa wier as de Heare libbet!
16Want Israel wie dwers as in dwers rier,
wylst de Heare harren as lammen weide op it wide fjild.
17Efraïm is ferslingere op ’e ôfgodsbylden.
Lit harren gewurde!
18Hawwe se dien mei sûpen, dan huorkje se der wer op ta;
it is harren om gleonens te rêden;
har ûnbeskamsumens is mear as skandalich.
19In stoarmwyn hat harren yn syn wjukken bewuolle,
mei offer en al reitsje se te skande.