Hoséa 3
Gods folk wurdt djoer kocht
1Doe sei de Heare tsjin my:
Gean wer hinne en haw in frou leaf,
dy’t har troch oare manlju leafhawwe lit en dêrmei omslacht;
haw leaf lykas de Heare de Israeliten leafhat,
wylst hja har nei oare goaden keare
en sljocht op druvekoeken binne.
2En ik kocht har foar fyftjin sulverstikken en seis mudde koarn. 3Ik sei tsjin har:
Dagen lang silsto thússitte
sûnder te huorkjen of dy mei in oare man ôf te jaan;
sels sil ik ek gjin mienskip mei dy hawwe.
4Want gâns in tiid sille de Israeliten sûnder kening of sûnder foarst sitte,
sûnder offer en sûnder wijde stien,
sûnder efod en tearafim.
5Dêrnei sille de Israeliten har bekeare
en har God, de Heare, en har kening David sykje.
Hja sille triljende by de Heare komme, dy’t sa goed is;
sa sil it wêze yn ’e tiid dy’t komt.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap