Hebreeërs 5
1Want elke hegepryster wurdt keazen út ’e minsken en oansteld foar (de) minsken yn ’e tsjinst fan God om jeften en offers te bringen foar de sûnden. 2Om’t er sels mei swakheden oanhelle is, kin hy der ynkomme as minsken ûnwittend en op ’e doele binne. 3En om dy swakkens moat er ek net allinnich foar de sûnden fan it folk offers bringe, mar krektlikegoed foar syn eigen. 4En net ien eigenet himsels dat earfolle amt ta, mar jo moatte dêr ta roppen wurde, lykas Aäron. 5Sa hat ek de Kristus net Himsels de eare jûn fan hegepryster te wurden; dat hat God dien, dy’t tsjin Him sein hat:
Myn Soan bisto,
hjoed bin Ik Heit fan Dy wurden.
6Sa seit Er ek op in oar plak:
Do bist pryster foar ivich,
op ’e wize fan Melchisédek.
7Yn ’e dagen fan syn libben op ierde hat Er mei lûd gerop en triennen gebeden en smekings opdroegen oan Him dy’t Him fan ’e dea ferlosse koe. En om syn frommens is Er ferheard. 8En yn dy wei hat Er, al wie Er de Soan fan God sels, troch syn lijen leard om Him ûnder God del te jaan. 9Doe’t Er folslein wurden wie, is Er boarne fan ivich behâld wurden foar allegearre dy’t nei Him harkje, 10mei’t Er troch God útroppen wie as hegepryster op ’e wize fan Melchisédek.
Warskôging tsjin ôffal
11Oer dizze saak hawwe wy hiel wat te sizzen, mar it is min út te lizzen om’t jimme sa staf wurden binne. 12Jimme hienen ommers nei sa’n lange tiid sels al learmasters wêze moatten, mar jimme hawwe wer ferlet fan ien dy’t jimme de earste lessen fan Gods boadskip bybringt. It is safier kommen, dat jim moatte wer oan ’e flesse en kinne net fan ’e tafel mei-ite. 13Wa’t oan ’e flesse is, is in lyts bern en hat gjin weet fan ’e rjochte lear. 14Fan ’e tafel mei-ite lykwols kinne grutten, dy’t oefene binne en sa opskerpe fermogens hawwe om goed en kwea te ûnderskieden.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap