1Want de wet jout allinnich mar in skaad fan ’e goede dingen dy’t komme, net de eigentlike saak dêr’t it om giet. Dêrom kin dy wet noait troch it jier-oan-jier bringen fan deselde offers de minsken dy’t oan dy earetsjinst dielnimme, foargoed folslein meitsje. 2Oars hienen se it offerjen wol oerjûn, om’t sy dy’t God dêrmei tsjinnen gjin weet fan sûnde mear hawwe soenen, nei’t se ien kear suver makke wienen. 3Mar dy offers bringe har krekt jier-oan-jier de sûnden wer yn ’t sin. 4It bestiet ommers net, dat it bloed fan bollen en bokken sûnden weinimme kin.
5Dêrom seit Kristus, mei’t Er yn ’e wrâld komt:
Fleisoffers en offerjeften hawwe Jo net wollen.
Jo hawwe foar my in lichem taret.
6Brânoffers en sûnde-offers wienen Jo net nei ’t sin.
7Doe haw Ik sein: Sjoch hjir bin Ik,
o God
– lykas yn ’e boekrol fan My beskreaun stiet –
om jo wil te dwaan.
8Earst seit Er: Fleisoffers en offerjeften, brânoffers en sûnde-offers hawwe Jo net wollen en dy wienen Jo net nei ’t sin, al mei de wet dan foarskriuwe dat se brocht wurde moatte. 9En letter seit Er: Sjoch, hjir bin Ik om jo wil te dwaan. Hy set foar de earste offertsjinst de twadde yn it plak. 10En troch dy wil binne wy ien kear foargoed oan God wijd, troch it offer fan it lichem fan Jezus Kristus.
11Elke pryster stiet alle dagen weroan om syn tsjinst waar te nimmen en iderkear wer deselde offers te bringen, dy’t dochs noait (de) sûnden alhiel weinimme kinne. 12Hy lykwols hat ien (inkeld) offer foar de sûnden brocht en is doe foargoed sitten gien oan ’e rjochterhân fan God. 13Sûnt wachtet Er, oant fan syn fijannen in fuotbank foar Him makke is. 14Want mei ien offer hat Er har dy’t har hilligje litte, foargoed folslein makke.
15Dêr jout ek de hillige Geast tsjûgenis fan. Want, nei’t Er sein hat:
16Dit is it ferbûn dat Ik mei harren oangean sil
nei dy dagen, seit de Heare:
Ik sil har myn wetten yn it hert jaan
en op it ferstân sil Ik se har skriuwe.
17En dan: Ik sil oan har sûnden en ûngerjochtichheden wier net langer tinke, 18No, dêr’t dy ferjûn binne, is der gjin ferlet mear fan in offer foar de sûnde.
Lit ús ta God gean. Oantrún en warskôging
19Wy hawwe no, bruorren, alle frij om ta it hillichdom yn te gean troch it bloed fan Jezus. 20Hy hat foar ús in nije, libbene wei iepene troch it kleed – dat is troch syn eigen lichem – hinne. 21(En) wy hawwe in grut pryster dy’t oer it hûs fan God giet. 22Lit ús dêrom ta God gean, mei in oprjocht hert en yn ’e folle oertsjûging fan it leauwen, nei’t it hert troch besprinkeljen suvere is fan besef fan kwea en it lichem wosken mei suver wetter. 23Lit ús oan ’e belidenis fan wat wy hoopje ûnferwrigge fêsthâlde, want Him dy’t it ús tasein hat, kinne wy fertrouwe. 24En lit ús op inoar tasjen om inoar oan te trúnjen ta leafde en goede dieden. 25Wy moatte net weibliuwe fan ús eigen gearkomsten, sa’t somliken dat foar moade hawwe, mar elkoar moed ynsprekke en dat nammerste mear mei’t jimme sjogge, dat de grutte dei tichterby komt.
26Want as wy willemoeds sûndigje, nei’t wy de kennisse fan ’e wierheid krige hawwe, is der gjin offer mear mooglik dat de sûnden weinimt; 27mar dan hoege wy allinne mar te rekkenjen op in freeslik oardiel en in roppich fjoer, dat de tsjinstanners (fan God) fertarre sil. 28As ien de wet fan Mozes fersmiten hat, dan wurdt er sûnder meilijen deade op it getugenis fan twa of trije minsken. 29Hoefolste swierder straf, tinkt jimme, sil dan net fertsjinje ien dy’t de Soan fan God ferachte hat, it bloed fan it ferbûn, dêr’t er troch hillige is, foar in ding fan neat hâlden en de Geast dy’t de genede jout, misledige hat. 30Want wy kenne Him dy’t sein hat: Oan My is de wrake, Ik sil har derfoar bliede litte en ek: De Hear sil syn folk oardielje. 31Freeslik is it yn ’e hannen fan de libbene God te ferfallen.
32Hâld de dagen fan foarhinne foar de geast, doe’t jimme (krekt) it ljocht krige hienen. Wat hawwe jimme it (doe) swier te ferduorjen hân, mar jimme hawwe it trochstien. 33Oan ’e iene kant waarden jimme te kyk set, mei’t se jim ferhúnden en yn it near brochten, oan ’e oare kant koenen sy dy’t sa behannele waarden, op jim rekkenje. 34Jimme hawwe lijd mei har dy’t fêstset wienen. Ja, jimme hawwe it foar leaf nommen, jim wienen der sels noch bliid om, dat jimme besit rove waard. Jimme wisten ommers, dat jim noch wat betters hienen, dat noait ferlern giet. 35Smyt dan jimme frijmoedigens net wei, want dy hat in grutte beleanning yn. 36Wêr’t jimme ferlet fan hawwe is stânfêstens, om de wil fan God te dwaan en sa te winnen wat tasein is. 37Want (seit de Skrift):
Noch in tige koarte tiid en Hy dy’t kommendeweis is, sil komme
en net langer op Him wachtsje litte.
38Myn rjochtfeardige sil troch it leauwen yn libben bliuwe,
mar as er it oerjout,
dan haw Ik myn nocht fan him ôf.
39Mar wy binne gjin minsken dy’t ferlern geane om’t se it leauwen oerjouwe, mar minsken dy’t har libben rêde om’t se leauwe.