It ferbûn mei Noäch
1Doe segene God Noäch en syn soannen en Hy sei tsjin har: Wês fruchtber, win oan yn tal en meitsje de ierde fol. 2Frees en skrik foar jimme sil der wêze by alle dieren fan ’e ierde, by alle fûgels yn ’e loft, by alles dat oer de grûn krûpt en by alle fisken yn ’e see: hja binne set ûnder jimme macht. 3Alles dat him beweecht en libbet, sil iten foar jim wêze. Ik haw it jimme jûn, krektlyk as it griene krûd. 4Allinne it fleis mei it libben – it bloed – der noch yn, meie jim net ite. 5Sa net, jimme eigen bloed sil Ik ek opeaskje. Fan alle dieren sil Ik it opeaskje en ek fan ’e minske sil Ik it libben fan syn meiminske opeaskje.
6Dy’t it bloed fan in minske ferjit,
troch de minske sil syn bloed fergetten wurde.
Want nei it byld fan God
hat Hy de minske makke.
7En jimme, wês fruchtber en win oan yn tal, swermje út oer de ierde en win dêrop oan yn tal.
8God sei tsjin Noäch en tsjin syn soannen dy’t by him wienen: 9Ik fan myn kant gean myn ferbûn oan mei jimme en mei jimme neiteam, 10en mei alle libbene wêzens, oan fûgels, oan fee en oan alle wylde dieren by jimme, mei allegearre dy’t út ’e arke gien binne, ja, oan alle dieren op ierde ta. 11Ik gean myn ferbûn mei jimme oan: Nea sille alle wêzens wer troch in wetterfloed útroege wurde. Der sil tenei net wer in floed komme dy’t de ierde ferdjerre sil.
12God sei:
Dit is it teken fan myn ferbûn
dat Ik set tusken My en jimme
en alle libbene wêzens by jimme,
foar altyd, alle geslachten troch.
13Ik haw myn bôge yn ’e wolken set.
Dy sil in teken wêze fan it ferbûn tusken My en de ierde.
14En as Ik dan wolken oer de ierde bring, dan sil dy bôge yn ’e wolken te sjen wêze. 15Dan sil Ik tinke oan myn ferbûn tusken My en jimme en alles dat libbet. It wetter sil net wer in grutte floed wurde, dy’t alle libben ferdjert. 16As de bôge yn ’e wolken stiet, dan sil Ik dêr nei sjen en tinke oan it ivich ferbûn dat der is tusken God en alles dat libbet: alle wêzens op ierde. 17En God sei tsjin Noäch: Dat is it teken fan it ferbûn dat Ik oangien bin tusken My en alle wêzens dy’t op ’e ierde binne.
Noäch en syn soannen
18De soannen fan Noäch, dy’t út ’e arke gien binne, wienen Sem, Cham en Jafet. En Cham dat wie de heit fan Kanaän. 19Dy trije wienen de soannen fan Noäch en fan harren is de hiele ierde befolke.
20Noäch begûn as hôfker mei it oanlizzen fan in druvehôf. 21Doe’t er fan ’e wyn dronken hie, waard er dronken en hy klaaide him neaken út yn syn tinte. 22Doe’t Cham, de heit fan Kanaän, syn heit neaken seach, fertelde er dat syn beide bruorren bûten. 23Mar Sem en Jafet namen in mantel, dienen dy tegearre op it skouder, rûnen achterút en bedieken dêrmei har neakene heit. Hja hâlden it gesicht fan him ôf, dat se seagen har heit syn neakenens net. 24Doe’t Noäch wer bykaam út syn rûs, waard er gewaar wat syn jongste soan him oandien hie. 25Doe sei er:
Ferflokt is Kanaän,
de minste sil er wêze
fan syn bruorre slaven.
26Hy sei ek:
Heech te priizjen is de Heare,
de God fan Sem;
en Kanaän sil syn slaaf wêze.
27God sil Jafet wreidzje litte;
yn ’e tinten fan Sem sil er wenje
en Kanaän wurdt syn slaaf.
28Noäch libbe nei de floed noch 350 jier. 29Dat de dagen fan Noäch wienen mei-inoar 950 jier en doe is er stoarn.