It wetter falt
Doe tocht God oan Noäch en oan alle wylde dieren en oan alle fee by him yn ’e arke. Dat God liet in wyn oer de ierde gean en it wetter joech him del. De boarnen fan ’e ôfgrûn gongen ticht. En ek de lûken fan ’e himel, dat der kaam in ein oan it reinen út ’e loft. Sa begûn it wetter boppe de ierde stadichoan te sakjen. Nei ferrin fan hûndertfyftich dagen begûn it wetter te fallen. De santjinde dei fan ’e sânde moanne rekke de arke op ’e bergen fan Ararat oan ’e grûn. It wetter sakke stadichoan fierder oant de tsiende moanne. De earste deis fan dy moanne kamen de toppen fan ’e bergen te sjen.
It wie oan ’e ein fan fjirtich dagen, dat Noäch it finster dat er yn ’e arke makke hie, iepen die en in raven útliet. Dy fleach nei bûten ta en kaam hieltyd werom, oant it wetter boppe de ierde opdroege wie. Doe liet er in do út om te sjen oft it wetter al yn ’e grûn weisakke wie. Mar de do fûn gjin plak om de poatsjes del te setten, dat hy kaam wer by him yn ’e arke werom, want de hiele ierde stie noch ûnder wetter. Noäch stiek de hân út, pakte him en naam him wer by him yn ’e arke. Hy wachte nochris wer sân dagen en doe liet er de do wer út ’e arke fleane. Tsjin ’e jûntiid kaam dy wer by him werom en sjochdêr, hy hie in ôfskuord oliveblêd yn ’e bek. Doe wist Noäch dat it wetter yn ’e ierde weisakke wie. Hy wachte nochris sân dagen en liet doe de do wer fleane, mar diskear kaam er net by him werom.
It wie yn it seishûndert-en-earste jier, op ’e earste dei fan ’e earste moanne, dat it wetter op ierde opdroege wie. Doe die Noäch it dak fan ’e arke ôf. Hy seach, en ja, de grûn wie droechfallen. En de sân-en-tweintichste dei fan ’e twadde moanne wie de ierde droech.
Hja geane út ’e arke
Doe sei God tsjin Noäch: Gean út ’e arke, do en dyn frou, dyn soannen en de froulju fan dyn soannen. Lit ek alle dieren dy’t by dy binne, alles dat libbet; alle fûgels, alle fee en alle dieren dy’t oer de ierde krûpe, mei dij der útgean. Dan sille se útswermje oer de ierde, fruchtber wêze en yn tal oanwinne. En Noäch gong derút mei syn soannen, syn frou en de froulju fan syn soannen. Alle dieren, alle krûpende dieren, alle fûgels en alles dat him op ierde beweecht, soarte by soarte, gongen út ’e arke wei.
Gods belofte
Doe boude Noäch in alter foar de Heare en hy naam fan alle reine fee en alle reine fûgels en hy brocht offers op dat alter. De Heare rûkte dy swietrook en Hy tocht by Himsels: Ik sil om de wille fan ’e minske de grûn tenei net wer ferflokke. It minskehert hinget ommers fan syn jonge jierren ôf nei it ferkearde oer. En Ik sil al wat libbet tenei net wer deadzje sa’t Ik it no dien haw.
Salang’t de ierde bestiet sille tenei
siedzjen en rispjen, kjeld en hjitte,
simmer en winter, dei en nacht
noait wer ophâlde.