Sa triek Abram út Egypte mei syn frou en alles dat sines wie en mei Lot, nei it Suderlân. Abram no wie tige ryk oan fee, sulver en goud. Hy gong al fierder en fierder, út it Suderlân wei oan Bet-El ta, oan it plak tusken Bet-El en Ai ta, dêr’t yn it begjin syn tinte stien hie, it plak dêr’t er earder in alter makke hie. En dêr rôp Abram de namme fan de Heare oan. Mar Lot, dy’t mei Abram gong, hie ek skiep, kij en tinten. Sadwaande koe it lân har net drage as se byinoar wennen, omdat se safolle besit hienen, dat se koenen net byinoar bliuwe. Sa kaam der tsierderij tusken de hoeders fan Abrams fee en dy fan Lots fee. (Doetiids wennen de Kanaäniten en de Perizziten yn it lân.) Dat Abram sei tsjin Lot: Der moat gjin spul komme tusken ús beiden en tusken myn hoeders en dines, want wy binne neie famylje. It hiele lân leit ommers foar dy. Dat gean do no mar by my wei. Giesto de linkerkant út, dan nim ik de rjochter en giesto de rjochterkant út, dan nim ik de linker.
Doe liet Lot syn eagen gean en hy seach dat der yn ’e hiele krite fan ’e Jordaan oeral wetter wie. Ear’t de Heare Sodom en Gomorra ferdylge hie, wie it dêr like ryk oan wetter as it hôf fan de Heare, as Egypte oan Soän ta. Dat Lot keas foar him de hiele krite fan ’e Jordaan en hy ferreizge nei it easten. Sa gongen dy beide famyljeleden útinoar.
Abram wenne yn it lân Kanaän en Lot yn ’e stêden fan ’e Jordaankrite en hy sette syn tinten op fuort by Sodom.
No wienen de mannen fan Sodom ferdoarn en joegen om God noch syn gebod.
Belofte oan Abram
Nei’t Lot by him weigien wie, sei de Heare tsjin Abram: Slach no dyn eagen op en sjoch fan it plak ôf dêrst no bist nei it noarden, it suden, it easten en it westen, want it hiele lân datst sjochst, sil ik dy en dyn neiteam foar altyd jaan. Ik sil dyn neiteam meitsje as it stof fan ’e ierde, dat, as der ien is, dy’t it stof fan ’e ierde telle koe, hy ek dyn neiteam telle kin. Kom, gean it hiele lân mar troch yn syn langte en yn syn breedte, want Ik sil it dy jaan. En Abram sette syn tinte op en sette him nei wenjen by de terebinten fan Mamré, dy’t te Hebron steane en hy boude dêr de Heare in alter.