De ropping fan Abram
1De Heare sei tsjin Abram: Gean út dyn lân, út dyn famylje en út dyn heite hûs wei nei it lân dat Ik dy wize sil. 2Ik sil in grut folk fan dy meitsje en dy segenje. Ik sil dy in grutte namme jaan en do silst in segen wêze.
3Segenje sil Ik dy’t dy segenet,
en dy’t dy ferwinsket, dy sil Ik ferflokke.
Yn dij sille segene wurde
alle geslachten op ’e ierde.
4Doe gong Abram op reis, lykas de Heare him hjitten hie en Lot gong mei him. Abram wie fiifensantich jier doe’t er út Charan weigong. 5Abram naam Sarai, syn frou, mei en Lot, de soan fan syn broer, en alle besit dat se krige hienen en it folk dat se yn Charan wûn hienen. Doe gongen se fuort nei it lân Kanaän ta. Yn it lân Kanaän oankommen, 6triek Abram it lân troch oan it plak Sjichem, oan ’e terebint Moaré ta. Doedestiids wennen de Kanaäniten yn it lân.
7En de Heare ferskynde Abram en sei: Dit lân sil Ik dyn neiteam jaan. Doe boude hy dêr in alter foar de Heare dy’t him ferskynd wie. 8Dêrwei ferreizge er nei it berchlân, east fan Bet-El en hy sette syn tinte op tusken Bet-El yn it westen en Ai yn it easten. Hy boude dêr in alter foar de Heare en rôp de namme fan de Heare oan. 9Doe briek Abram wer op en sakke stadichoan ôf, fierder it suden yn.
Abram nei Egypte
10Doe kaam der in hongersneed yn it lân en Abram gong del nei Egypte om dêr as frjemdling ta te hâlden, want de hongersneed yn it lân wie slim. 11Doe’t se sawat yn Egypte oankommen wienen, sei er tsjin syn frou Sarai: Hark, ik wit datsto in frou bist, dy’t der kreas útsjocht. 12No soe’t ris wêze kinne, dat de Egyptners, as se dy sjogge, sizze: Dat is syn frou. En dan sille se my deameitsje en dy yn it libben hâlde. 13Sis dan datst myn suster bist. Dan sille se my goeddwaan om dy en ik sil troch dy yn it libben bliuwe.
14Sadree’t Abram yn Egypte oankaam, seagen se dêr dat syn frou tige kreas wie. 15En doe’t de foarsten fan Farao har seagen, joegen dy heech fan har op by Farao, dat sadwaande waard dy frou meinommen nei Farao’s hûs. 16En hy die Abram goed om har, dat dy krige skiep, kij en ezels, slaven en slavinnen, ezelinnen en kamielen. 17Mar de Heare rekke Farao mei slimme pleagen en ek syn hûs, fanwegen dy kwestje mei Sarai, Abram syn frou. 18Dat Farao liet Abram roppe en sei: Wat hawwe jo my no oandien? Wêrom ha jo my net ferteld, dat it jo frou is? 19Wêrom seinen jo: it is myn suster? No haw ik har my ta frou nommen. No dan: Sjoch, hjir is jo frou. Nim har mei en jou jo ôf. 20En Farao joech inkelde mannen opdracht oangeande Abram en dy stjoerden him, syn frou en alles dat er hie, fuort.