Genesis 11
Spraakbetizing fan Babel
1Alle minsken hienen ien taal en brûkten deselde wurden. 2Wylst se it easten yn trieken, fûnen se in leechflakte yn it lân Sjineär en dêr setten se har nei wenjen. 3Doe seinen se tsjin inoar: Kom! Lit ús tichelstien meitsje en dy goed trochbakke. De tichelstien wie har boustien en it asfalt wie har speesje. 4En hja seinen: Kom! Lit ús in stêd bouwe mei in toer dêr’t de spits fan yn ’e himel rikt en lit ús ússels in namme meitsje. Oars koenen wy ris fersille reitsje, de hiele ierde oer. 5Doe kaam de Heare del om de stêd en de toer dy’t de minskebern makke hienen, te besjen. 6En de Heare sei: Sjoch, hja binne ien folk en hawwe allegearre ien taal. Wat se no dogge, is noch mar in begjin; skielk sil har neat mear ûnmooglik wêze fan alles dat se fan doel binne. 7Kom, lit ús delkomme en dêr har taal betiizje, dat de iene de oare syn taal net mear ferstean kin. 8Sa ferstruide de Heare har dêrwei de hiele ierde oer en hja hâlden op mei de stêd te bouwen. 9Dêrom wurdt dy stêd Babel neamd. De Heare hat dêr ommers de taal fan ’e hiele ierde betiisd en dêrwei hat de Heare har de hiele ierde oer ferstruid.
Neiteam fan Sem
10Dit is it neigeslacht fan Sem: Sem wie 100 jier, doe’t er Arpachsjad krige, twa jier nei de floed. 11Sem libbe, neidat er Arpachsjad krige hie, noch 500 jier en hy krige soannen en dochters. 12Arpachsjad wie 35 jier doe’t er Sjêlach krige. 13Arpachsjad libbe, neidat er Sjêlach krige hie, noch 403 jier en hy krige soannen en dochters. 14Sjêlach wie 30 jier en doe krige er Eber. 15Sjêlach libbe, neidat er Eber krige hie, noch 403 jier en hy krige soannen en dochters. 16Eber wie 34 jier en doe krige er Pêleg. 17Eber libbe, neidat er Pêleg krige hie, noch 430 jier en hy krige soannen en dochters. 18Pêleg wie 30 jier en doe krige er Reû. 19Pêleg libbe, neidat er Reû krige hie, noch 209 jier en hy krige soannen en dochters. 20Reû wie 32 jier en doe krige er Serûg. 21Reû libbe, neidat er Serûg krige hie, noch 207 jier en hy krige soannen en dochters. 22Serûg wie 30 jier en doe krige er Nachor. 23Serûg libbe, neidat er Nachor krige hie, noch 200 jier en hy krige soannen en dochters. 24Nachor wie 29 jier en doe krige er Têrach. 25Nachor libbe, neidat er Têrach krige hie, noch 119 jier en hy krige soannen en dochters. 26Têrach wie 70 jier en doe krige er Abram, Nachor en Haran.
Neiteam fan Têrach
27Dit is it neigeslacht fan Têrach: Têrach krige Abram, Nachor en Haran, en Haran krige Lot. 28Haran stoar noch by syn heite libben yn syn heitelân yn Oer, de stêd fan ’e Chaldeeërs. 29Abram en Nachor trouden. De frou fan Abram hiet Sarai en dy fan Nachor Milka, dochter fan Haran, de heit fan Milka en Jiska. 30No wie Sarai ûnfruchtber; hja krige gjin bern. 31Têrach naam syn soan Abram, en Lot, de soan fan Haran, syn bernsbern en Sarai, syn skoandochter, Abram syn frou, mei en hja gongen mei-inoar út Oer, de stêd fan ’e Chaldeeërs om nei it lân Kanaän te gean. Doe’t se yn Charan oankommen wienen, bleauwen se dêr. 32Têrach is 205 jier wurden; doe is er stoarn te Charan.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap