De befolking fan ’e ierde
1Dit is de neiteam fan Noächs soannen Sem, Cham en Jafet. Nei de floed krigen dy soannen. 2De soannen fan Jafet: Gomer, Magog, Madai, Javan, Tûbal, Mêsjek en Tiras. 3De soannen fan Gomer: Asjkenaz, Rifat en Togarma. 4De soannen fan Javan: Elisja en Tarsjisj, Kittiten en Dodaniten. 5Fan harren binne de folken fan ’e kuststreken útinoar gien, elk yn syn lân, nei taal, famylje en folk.
6De soannen fan Cham: Kûsj, Egypte, Pût en Kanaän. 7De soannen fan Kûsj: Seba, Chawila, Sabta, Rama en Sabteka. De soannen fan Rama: Sjeba en Dedan. 8Kûsj krige Nimrod; dat waard de earste geweldner op ierde. 9Hy wie in geweldich jager foar de eagen fan de Heare. Dêrom wurdt der wol sein: In geweldich jager as Nimrod foar de eagen fan de Heare. 10It begjin fan syn keninkryk lei yn Babel, Erek, Akkad en Kalnê yn it lân Sjineär. 11Ut dat lân wei is er nei Assyrië gien en hat dêr Ninevé boud en Rechobot-Ir en Kalach, 12ek Rêsen tusken Ninevé en Kalach; dat is de grutte stêd.
13Egypte krige de Lûditen, de Anamiten, de Lehabiten, de Naftûchiten, 14de Patrûsiten, de Kaslûchiten, dêr’t de Filistinen út fuortkommen binne en de Kaftoriten.
15Kanaän krige Sidon, syn âldste en Het, 16ek de Jebûsiten, de Amoriten, de Girgasjiten, 17de Chiwwiten, de Arkiten, de Siniten, 18de Arwaditen, de Semariten en de Hamatiten. Letter hawwe de geslachten fan de Kanaäniten har ferspraat. 19De grins fan ’e Kanaäniten rûn fan Sidon oer Gearar oan Gaza ta; en dan oer Sodom, Gomorra, Adama en Seboïm oan Lasja ta. 20Dat binne de bern fan Cham, nei har geslachten en talen yn har lannen en folken.
21Sem krige ek bern. Hy wie de âldste broer fan Jafet en stamheit fan alle bern fan Eber. 22De soannen fan Sem: Elam, Asjoer, Arpachsjad, Lûd en Aram. 23De soannen fan Aram: Oes, Chûl, Gêter en Masj. 24Arpachsjad krige Sjêlach en Sjêlach krige Eber. 25Eber krige twa soannen. De iene hiet Pêleg, mei’t yn syn dagen de ierde ferdield waard. Syn broer hiet Joktan. 26Joktan krige Almodad, Sjêlef, Chasarmawet, Jêrach, 27Hadoaram, Oesel, Dikla, 28Obal, Abimael, Sjeba, 29Ofir, Chawila en Jobab. Dat wienen allegearre soannen fan Joktan. 30Hja wennen fan Mesja ôf de kant út nei Sefar, de eastlike berch. 31Dat binne de soannen fan Sem neffens har geslachten en talen, yn har lannen en neffens har folken.
32Dat binne de geslachten fan Noächs soannen neffens har ôfstamming ûnder de folken. Fan harren út hawwe de folken har nei de grutte floed oer de ierde ferdield.