De frjemde froulju moatte fuort
1Doe’t Ezra oan it bidden wie en skriemend skuld belied en dêrby foar it hûs fan God delfoel, joech in grutte smite folk út Israel har by him: manlju, froulju en bern. Dat die wol bliken út it lûde gûlen fan it folk. 2Doe naam Sjekanja, de soan fan Jechiël, ien út ’e neiteam fan Elam, it wurd en sei tsjin Ezra: Wy hawwe ús God ûntrou west troch frjemde froulju by ús te nimmen út de befolking fan it lân. Likegoed is der noch in lytse hope foar Israel. 3Wy moatte ús no mei-inoar ferbine foar ús God, dat wy sokke froulju allegearre fuortstjoere mei de bern fan har, sa’t de Heare en hja dy’t ûntsach hawwe foar it gebod fan ús God, dat hawwe wolle. Lit der dochs dien wurde neffens de wet! 4Oerein, want it komt foar jo op! Wy steane njonken jo! Meitsje in man út! Meitsje risselwaasje!
5Doe gong Ezra oerein. Hy liet de foaroanmannen fan ’e prysters, de leviten en hiele Israel swarre, dat se neffens dat wurd dwaan soenen en dat dienen se. 6Dêrnei gong Ezra foar it hûs fan God wei en bejoech him nei de keamer fan Jochanan, soan fan Eljasjib. Doe’t er dêr hinnegien wie, iet er gjin brea en dronk er gjin wetter, want hy roude oer de troubrek fan ’e ballingen.
7Der waard in oprop yn Juda en Jeruzalem rûnstjoerd oan alle ballingen om yn Jeruzalem byinoar te kommen. 8De foaroanmannen en de âldsten wienen oerienkommen, dat wa’t der binnen trije dagen net wie, al syn hawwen en hâlden soe de ban op lein wurde en hysels soe út de gearkomste fan ’e ballingen set wurde. 9Doe kaam alleman út Juda en Benjamin binnen trije dagen yn Jeruzalem byinoar. It wie yn ’e njoggende moanne, op de tweintichste dêrfan. En it hiele folk siet te rydboskjen op it plein fan it hûs fan God fanwegen dy saak en tagelyk om’t it reinde dat it easde. 10Dêr gong pryster Ezra oerein en sei tsjin it folk: Jimme hawwe de trou brutsen troch frjemde froulju by jimme te nimmen. Dêrmei hawwe jimme de skuld fan Israel noch grutter makke. 11Mar bring no de Heare, de God fan jimme âffaars, eare ta; doch wat Him nei ’t sin is en haw gjin gedoente mei de befolking fan it lân en de frjemde froulju.
12De hiele gearkomste fan it folk antwurde ferheftich: Ja, wy sille dwaan krekt sa’t jo sizze. 13Der binne lykwols safolle minsken en it is yn ’e wiete rite, men kin net bûtendoar stean bliuwe. It wurk kin ek net-yn ien dei besljochte wurde, ek net yn twa. Dêrfoar hawwe hjiryn tefolle ôffallich west. 14Lit de foaroanmannen foar de hiele gearkomste yn ’t spier gean. En litte allegearre yn ús stêden dy’t frjemde froulju nommen hawwe, ien foar ien komme, op ’e fêststelde tiden. En mei har de âldsten, stêd foar stêd, en de rjochters dêrwei. Mochten wy sa de gleone grime fan ús God oer dizze saak fan ús ôfkeare!
15Allinne Jonatan, de soan fan Asahel en Jachzeja, de soan fan Tikwa, iggewearren dêr tsjinyn en Mesjûllam mei Sjabbetai, de levyt, stipen har. 16Mar de ballingen dienen sa. Doe waarden apart set: pryster Ezra mei manlju, famyljehaden, elk foar syn eigen stamhûs, allegearre mei namme en tanamme. Hja hâlden de earste deis fan ’e tsiende moanne sitting om de saak te ûndersykjen. 17De earste deis fan ’e earste moanne wienen se mei alle manlju dy’t frjemde froulju by har nommen hienen, klear.
List fan ’e skuldigen
18Under de prystersoannen dy’t frjemde froulju by har nommen hienen, troffen se oan út ’e neiteam fan Jesjûa en syn bruorren, soannen fan Josadak: Maäséja, Eliêzer, Jarib en Gedalja. 19Hja joegen de hân derop dat se har froulju fuortgean litte soenen; en om’t se skuldich stienen, joegen se in raam út it lytsfee foar har skuld. 20Fan ’e soannen fan Immer wienen it: Chanany en Sebadja; 21fan ’e soannen fan Charim: Maäséja, Elía, Sjemaja, Jechiël en Oezia; 22fan ’e soannen fan Pasjchûr: Eljoënai, Maäséja, Jisjmael, Netanel, Jozabad en Elasa.
23Fan ’e leviten: Jozabad, Sjimy en Kelaja, dat is Kelita, Petachja, Jehûda en Eliêzer.
24Fan ’e sjongers: Eljasjib; en fan ’e poartewachters: Sjallûm, Telem en Oery.
25Ut Israel wienen it: fan ’e soannen fan Parosj: Ramja, Jizzia, Malkía, Miamin, Elazar, Malkia en Benaja; 26fan ’e soannen fan Elam: Mattanja, Sekarja, Jechiël, Abdy, Jeremot en Elias; 27fan ’e soannen fan Sattû: Eljoënai, Eljasjib, Mattanja, Jeremot, Sabad en Aziza; 28fan ’e soannen fan Bebai: Jehochanan, Chananja, Sabbai en Atlai; 29fan ’e soannen fan Bany: Mesjûllam, Mallûk en Adaja, Jasjûb en Sjeäl, Jeramot; 30fan ’e soannen fan Pachat-Moäb: Adna en Kelal, Benaja, Maäséja, Mattanja, Besalel, Binnûi en Menassjé; 31fan ’e soannen fan Charim: Eliêzer, Jissjia, Malkia, Sjemaja, Sjimon, 32Benjamin, Mallûk en Sjemarja; 33fan ’e soannen fan Chasjûm: Mattenai, Mattatta, Sabad, Elifêlet, Jeremai, Menasjé en Sjimy; 34fan ’e soannen fan Bany: Maädai, Amram, Oeël, 35Benaja, Bedeja, Kelûhû; 36Wanja, Meremot, Eljasjib, 37Mattanja, Mattenai en Jaäsai, 38Bany, Binnûi, Sjimy, 39Sjêlemja, Natan, Adaja, 40Maknadbai, Sjasjai, Sjarai, 41Azarel, Sjêlemja, Sjemarja, 42Sjallûm, Amarja en Joazef; 43fan ’e soannen fan Nebo: Jeiël, Mattitja, Sabad, Sebina, Jaddai, Joël en Benaja. 44Dy hienen allegearre frjemde froulju nommen. Der wienen ûnder harren ek guon mei froulju dêr’t se bern by krige hienen.