De ferdieling fan it lân
1Wannear’t jimme it lân yn erflike besittings ferdiele en derom lotsje, dan moatte jimme in hillich stik foar de Heare apart hâlde fan 25.000 jellen lang en 20.000 breed. Dat hiele stik, sa grut as it is, sil hillich wêze. 2Fan dat stik is in fjouwerkant fan 500 by 500 jellen foar it hillichdom ornearre, mei dêromhinne in stripe weidlân fan 50 jellen. 3Datselde stik moatte jim in part fan ôfmjitte fan 25.000 jellen lang en 10.000 breed en dêr komt it hillichdom, it Allerhillichste op te stean. 4Dat sil it hillichste stik fan it lân wêze en komt oan de prysters dy’t de tsjinst yn it hillichdom waarnimme en dy’t tichteby de Heare komme meie om Him te betsjinjen. Dêr sil plak wêze foar har huzen; it is ek in hillich stik grûn foar it hillichdom. 5(In stik fan) 25.000 jellen lang en 10.000 breed sil foar de Leviten wêze, de timpeltsjinners, om dêr har wensteeën te hawwen. 6De stêd moatte jimme in stik yn eigendom jaan fan 5000 jellen lang en 500 breed, by it hillige diel lâns; dat sil hearre oan it hiele folk fan Israel. 7Oan wjerskanten fan it hillige diel en fan it stedseigendom oan ’e westkant nei it westen op en oan ’e eastkant nei it easten op leit de foarst syn diel; it sil like lang wêze as in stamdiel en fan ’e westgrins ôf oan ’e eastgrins ta rinne. 8Dat sil syn eigendom yn Israel wêze. Sa sille myn foarsten myn folk noait wer ûnderdrukke, mar it folk fan Israel it lân hâlde litte, elke stam sines.
Rjochten en plichten fan ’e foarst
9Dit hat God de Heare te sizzen: It hat mear as genôch west, foarsten fan Israel. Fuort mei ôftwingerij! Doch rjocht en gerjochtichheid. Hâld op mei myn folk út har besit te stjitten, is de godsspraak fan God de Heare. 10Jimme skealjes en jimme mjitten foar wiet en droech moatte suver wêze. 11Efa en bat moatte like grut wêze en in ynhâld hawwe, dy’t it tsiende part is fan in chomer; foar beide moat men fan de chomer as stander-mjitte útgean. 12In sikkel geane tweintich geara yn; fiif sikkel sil fiif sikkel wêze, tsien sikkel tsien; jimme pûn geane fyftich sikkels yn.
13Dit moatte jimme foar de foarst opbringe: it sechste part fan in efa op in chomer weet en ek it sechste part fan in efa op in chomer koarn. 14Foar oalje – oalje giet by it bat – jildt de regel: it tsiende part fan in bat op in kor, want in kor is tsien bat, krekt as in chomer. 15Fierders ien skiep op elke keppel fan twahûndert dy’t op Israels tierige greiden weidzje, foar it ûnderhâlden fan it moaloffer, brânoffer en frede-offer; dat is om fersoening foar har te bewurkjen, is de godsspraak fan God de Heare.
16It hiele folk is ferplichte dy heffings oan ’e foarst yn Israel ôf te dragen, 17en de foarst hat de ferantwurding foar it brânoffer, it moaloffer en it drankoffer op ’e grutte feesten, by nije moanne en op sabbat, op alle fêste heechtiden fan it folk Israel; hy moat soargje, dat it sûnde-offer, it moaloffer, it brânoffer en de tankoffers der komme om foar it folk fan Israel fersoening te bewurkjen.
Suvering fan it hillichdom
18Dit hat God de Heare te sizzen: Op ’e earste dei fan ’e earste moanne moatsto in geve interbolle nimme en it hillichdom fan sûnde suverje. 19De pryster sil dan wat bloed fan it sûnde-offer nimme en it op ’e doarstilen fan ’e timpel strike, op ’e fjouwer hoeken fan ’e omgong fan it alter en op ’e poartestilen fan it binnenste foarhôf. 20Krektsa moatte jimme dwaan op ’e sânde dei fan ’e moanne; dat is foar lju dy’t sûnder erch of euvelmoed sûndige hawwe. Sa sille jimme de timpel suverje.
De feesten
21Op ’e fjirtjinde dei fan ’e earste moanne sille jimme Peaske hâlde, in feest dat sân dagen duorret; dan moat der ûnsuorre brea iten wurde. 22Dy deis moat de foarst foar himsels en foar it hiele folk in interbolle as sûnde-offer jaan. 23Alle sân feestdagen moat er sân interbollen en sân rammen, allegearre geef, as brânoffer jaan, al dy sân dagen wer; en elke dei ek noch in geitebok as deistich sûnde-offer. 24By elke interbolle en by elke bok moat er in efa as moaloffer jaan en by elke efa in hyn oalje.
25Op ’e fyftjinde dei fan ’e sânde moanne moat er op it feest dat dan is, sân dagen lang itselde sûnde-offer, brânoffer en moaloffer jaan mei likefolle oalje derby.