De Easterpoarte moat ticht bliuwe
1Doe naam er my wer mei nei de bûtenste poarte fan it hillichdom, dy op it easten; mar dy siet ticht. 2En de Heare sei tsjin my: dizze poarte moat ticht bliuwe, hy mei net iependien wurde; gjin minske mei dêrtroch, want de Heare, de God fan Israel, is dêrtroch kommen; dêrom moat er ticht bliuwe. 3Allinne de foarst mei der, omdat er foarst is, sitten gean te iten foar it antlit fan de Heare; troch it poarteporteal moat er deryn gean en sa der ek wer út.
4Doe brocht er my nei de Noarderpoarte, nei de foarkant fan ’e timpel. Ik seach en dêr wie de gloarje fan Israels God en de hiele timpel wie der fol fan. Ik liet my mei it gesicht foaroer falle. 5En de Heare sei tsjin my: Minskesoan, nim it goed yn dy op, sjoch út dyn eagen en harkje mei sân pear earen nei alles wat Ik dy sis oer alle regels en wetten foar it hûs fan de Heare. Jou omtinken oan de yngongen [fan it hûs] en al de útgongen fan it hillichdom.
Leviten en prysters
6Tsjin dat oerhearrige folk, dat folk fan Israel, moatst sizze: Dit hat God de Heare te sizzen: No hat it mear as genôch west mei dy skandlike praktiken fan jimme, folk fan Israel: 7Jim hawwe frjemden, ûnbesnienen nei lichem en geast, myn hillichdom ynbrocht en sadwaande myn eigen hûs ûntwijd, as jim har myn iten hjir bringe lieten: fet en bloed; sadwaande hawwe se troch jim skandlike praktiken myn ferbûn brutsen. 8Myn hillige tsjinst hawwe jim net sels waarnommen, nee, jim hawwe dy lju oansteld om foar jim de tsjinst yn myn hillichdom waar te nimmen. 9Dit hat God de Heare te sizzen: Gjin frjemde – ûnbesnien nei lichem en geast as er is – mei yn myn hillichdom komme; nee, net ien fan al it frjemdfolk dat ûnder it folk fan Israel tahâldt.
10Allinne de leviten, al binne se fan My ôfdoarme, doe’t Israel it ferkearde paad opgong en hja achter har smoarge ôfgoaden oanrûnen, dy sille de lêst fan har ûngerjochtichheid drage 11en yn myn hillichdom de tsjinst waarnimme as wachters oan ’e timpelpoarten en as tsjinners yn ’e timpel sels. Sij sille it brânoffer en it fleisoffer foar it folk slachtsje en foar it folk klear stean moatte om foar harren de tsjinst te fersoargjen. 12Omdat se de tsjinst foar har smoarge ôfgoaden ek foar har fersoarge hawwe en makke, dat it folk fan Israel ta ûngerjochtichheid ferfoel, dêrom haw Ik mei de fingers yn ’e hichte sward – is de godsspraak fan God de Heare – dat hja de lêst fan har ûngerjochtichheid drage sille. 13Dêrom meie se net mear tichteby My komme om de prystertsjinst waar te nimmen; se meie net mear oan de hillige en oan de allerhillichste dingen komme; se moatte de skande drage foar har skandlike praktiken. 14Harren lis ik de timpeltsjinst op mei al it wurk en de plichten dy’t dêroan fêst sitte.
15Mar allinne de Levityske prysters út Sadok syn laach, dy’t de tsjinst yn myn hillichdom trou waarnommen hawwe, doe’t it folk fan Israel fan My ôfdoarme, dy sille by My komme meie en My betsjinje; dy sille foar My klear stean om My fet en bloed te bringen, – is de godsspraak fan God de Heare. 16Dy meie myn hillichdom yngean en by myn tafel komme om My te betsjinjen; hja sille myn tsjinst waarnimme.
17As se de poarten fan it binnenste foarhôf yngeane, moatte se linnense klean oan hawwe; se meie gjin wolle oan har hawwe, salang’t se tsjinst dogge yn ’e poarten fan it binnenste foarhôf en yn ’e timpel sels. 18Se moatte in linnense tulbân op hawwe en in linnense broek oan; se meie de mulriem net sa oanhelje, dat se begjinne te switten. 19As se wer nei it bûtenste foarhôf geane, dêr’t it folk is, dan moatte se de klean dêr’t se tsjinst yn dien hawwe, útdwaan en dy yn ’e hillige keamers dellizze en oare klean oandwaan, oars soenen se troch har klean hillichheid op it folk oerbringe. 20Se meie de holle net keal skeare, mar it hier ek net frij waakse litte; se moatte kreas knipt wêze. 21Gjin ien fan ’e prysters mei foartyd wyn drinke, as se it binnenste foarhôf yn sille. 22Se meie gjin widdo as frou nimme of in frommiske dat troch de man fuortstjoerd is: nee, it moat in faam wêze út it laach fan Israel; de widdo fan in pryster mei ek. 23Se moatte myn folk it ûnderskie leare tusken wat hillich is en wat net en harren it ûnderskie bybringe tusken rein en ûnrein. 24By in pleitsaak moatte se as rjochter stean en útspraak dwaan neffens myn rjochtsregels. Se moatte myn wetten en myn oarderingen foar al myn heechtiden yn acht nimme en myn sabbat hillich hâlde. 25Se meie net by it lyk fan in deade komme en sadwaande ûnrein wurde; allinne foar heit of mem, soan of dochter, broer of net troude suster meie se dy ûnreinens opdwaan. 26En dan moat er, nei’t er suvere is, sân dagen wachtsje. 27Dan, de deis dat er wer yn it hillichdom komt, yn it binnenste foarhôf, om de tsjinst yn it hillichdom waar te nimmen, moat er in sûnde-offer foar himsels opdrage, is de godsspraak fan God de Heare. 28In erfdiel meie se net hawwe: Ik bin har erfdiel; jimme meie har ek gjin fêst besit yn Israel jaan: Ik bin har fêst besit. 29It moaloffer, it sûnde-offer en it skuldoffer, dêr sille se fan libje; ek sil alles yn Israel dêr’t de ban op leit, foar har wêze. 30It bêste fan alle earstelingeguod en fan alle offers dy’t jimme opbringe moatte, sil foar de prysters wêze. Jim moatte de pryster ek de earste klute fan jimme breadaai jaan, dat der segen op jim hûs rêste mei. 31De prysters meie gjin fleis ite fan in dea of ferskuord bist, oft it no fan in fûgel is of fan wat oars.