Ezechiël 43
De Heare komt wer yn syn timpel
1Doe brocht er my nei de poarte ta, dy op it easten. 2Dêr seach ik de gloarje fan Israels God út it easten wei kommen; syn lûd wie as dat fan in geweldige wetterfloed en de ierde ljochte op fan syn gloarje. 3Wat ik te sjen krige, wie krekt sa as wat ik sjoen hie, doe’t de Heare kaam om de stêd te ferwoesten; it wie krekt as it fizioen dat ik oan it Kebarkanaal hân hie. Doe liet ik my mei it gesicht foaroer falle. 4De gloarje fan de Heare kaam de timpel yn troch de poarte op it easten. 5In wynpûst naam my op en brocht my yn it binnenste foarhôf en sjoch, de timpel wie fol fan ’e gloarje fan de Heare. 6Doe hearde ik út ’e timpel wei ien tsjin my praten, wylst de man njonken my stean bleau. 7Hy sei tsjin my: Minskesoan, dit is it plak fan myn troane, it plak dêr’t Ik myn fuotten delset; hjir sil Ik foar ivich wenje yn it fermidden fan Israels folk. Dat folk sil, likemin as har keningen, myn hillige Namme langer besmodzje mei har ûntucht en mei de liken fan har ferstoarne keningen. 8Troch har drompel nêst Mines te setten en har doarstilen njonken Mines – mei inkeld in muorre tusken My en har yn – hawwe se myn hillige namme besmodze mei har skandlike praktiken; dêrom haw Ik harren yn myn grime ferdylge. 9Mar no sille se har ûntucht en de liken fan har keningen fier by My weihâlde en dan sil Ik foar ivich yn har fermidden wenje.
It folk moat hjir fan witte
10En do, minskesoan, beskriuw it folk fan Israel dizze timpel sa, dat se har skamje oer har ûngerjochtichheden. As se it bestek útmetten hawwe, 11dan sille se beskamme stean oer alles wat se dien hawwe. Sis har dan, hoe’t de foarm fan ’e timpel is en hoe’t dy ynrjochte wurdt mei syn út- en yngongen en alle wetten en regels dy’t dêrfoar jilde; en skriuw dat allegearre op, dêr’t se by binne; dan kinne se it bestek en alle ûnderdielen ûnthâlde en dêrneffens te wurk gean.
12Sa moat de timpel wurde: Boppe op ’e berch sil er stean en it hiele gebiet deromhinne sil heechhillich wêze; wis, sa moat de timpel wurde.
It brânofferalter
13Dit binne de mjitten fan it alter yn jellens – elke jellen in hânpalm langer as de gewoane –: De goate deromhinne in jellen djip en in jellen breed. De opsteande râne oan ’e bûtenkant in span heech. No it fuotstik fan it alter: 14fan ’e goate op ’e grûn ôf oant de ûnderste omgong fan ien jellen: twa jellen heech; en fan dat lytsere ûnderstik ôf oant de ien jellen brede omgong fan it grutte ûnderstik: fjouwer jellen. 15Fjouwer jellen dêrboppe de fjoerhurd mei fjouwer opsteande hoarnen. 16De fjoerhurd tolve jellen lang en tolve breed: in fjouwerkant. 17De omgong deromhinne fjirtjin jellen lang en fjirtjin breed oan alle fjouwer kanten; en de râne dêrbûtenom in heale jellen heech; om de fjoerhurd hinne in goate fan ien jellen breed; de altertreppen wienen op it easten.
18Doe sei er tsjin my: Minskesoan, dit hat God de Heare te sizzen: Dit binne de regels dy’t foar it alter jilde, as it der ienkear stiet om der brânoffers op te bringen en der bloed op te sprinkeljen. 19Dan moatsto de Levityske prysters út ’e neiteam fan Sadok, en dat binne de iennichste dy’t tichteby My komme meie en My betsjinje – is de godsspraak fan de Heare – in jong bist, in interbolle beskikke as sûnde-offer. 20Dan moatsto der wat bloed fan nimme en dat op ’e fjouwer hoarnen fan it alter jitte en op ’e fjouwer hoeken fan ’e omgong en op ’e râne bûtenom; sadwaande silsto it frij fan sûnde meitsje en it mei God fersoenje. 21Dan moatsto de interbolle nimme, dy’t foar sûnde-offer ornearre is, en dy ferbaarne op it plak dat dêrfoar oanjûn is op it timpelterrein, mar bûten it hillichdom. 22De twadde deis moatsto in geve geitebok as sûnde-offer bringe; dêr moatte se it alter frij fan sûnde mei meitsje, sa’t se dat ek mei de interbolle dien hawwe. 23En ast dêr klear mei bist, dan moatst in geef jong kobist, in interbolle derhinne bringe en in geve raam út ’e keppel. 24Dy moatst de Heare as offer bringe; de prysters sille der sâlt oer struie en se as brânoffer foar de Heare offerje. 25Sân dagen lang moatsto elke dei in bok as sûnde-offer reemeitsje; en ek in jong bist, in interbolle en in raam út ’e keppel, allebeide geef. 26Dy sân dagen binne om it alter mei God te fersoenjen en it te suverjen en yn te wijen. 27As dy dagen om binne, de achtste deis en dêrnei moatte de prysters jimme brânoffers en tankoffers op it alter offerje en dan sil Ik jimme yn genede oannimme – is de godsspraak fan God de Heare.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap