De Heare stjoert Gog op Israel ôf
1Dit wurd fan de Heare krige ik: 2Minskesoan, kear dy tsjin Gog fan it lân Magog, grutfoarst fan Mêsjek en Tûbal; profetearje tsjin him, 3en sis: Dit hat God de Heare te sizzen: Sjoch, Ik sil dy oanpakke, Gog, grutfoarst fan Mêsjek en Tûbal. 4Ik helje dij nei foaren en slach dy heakken yn ’e kaken; Ik lit dy útmarsjeare, dij en dyn hiele legermacht, hynders en ruters, allegearre yn folle útris, in grutte macht, mei grutte en lytse skylden en allegear mei it swurd yn ’e hân. 5Perzen, Etiopiërs en Pûteeërs binne der ek by, allegearre mei skyld en helm; 6Gomer mei al syn kloften; it folk fan Togarma út it hege noarden mei al syn kloften, machtige folken, folken dy’t it mei dy hâlde. 7Set dy te skoar en hâldt dy ree, do en de hiele macht, dy’t him by dy oansletten hat; wês do har foarman. 8Nei ferrin fan tiid silst in oprop krije en yn ’e jierren dy’t komme, silst nei in lân ta gean, dat de oarlochsellinde wer teboppen is, nei in folk, dat tusken gâns folken wei byinoarbrocht is op ’e bergen van Israel, dy’t der sa lang foar wyld hinnelein hawwe; no is dat folk tusken de oare folken weihelle en wenje se feilich en wol byinoar. 9Dan silsto opsetten komme as in tongerbui en as in wolk oer it lân falle; sa sil it wêze mei dy en al dyn kloften en gâns folken dy’t it mei dy hâlde.
Gog op bút út
10Dit hat God de Heare te sizzen: Dyselde deis sil dij wat yn ’e holle opkomme en silst in minne set útbriede. 11Do silst by dysels sizze: Ik set derop ta, op sa’n lân dat der samar iepen hinneleit; ik kom de lju oer’t mad, dy’t dêr sa rêstich en fredich wenje, sûnder muorre om har hinne en sûnder skoattele poarten. 12Dêr set ik op ta om te plonderjen en te roovjen en te gripen nei de púnfallen dêr’t no wer minsken wenje; in folk dat wer byinoarbrocht is tusken oare folken wei, dat wer fee en have hat en wennet op ’e nâle fan ’e ierde. 13Skeba en Dedan, de keaplju fan Tarsjisj en al har hannelslju sille tsjin dy sizze: Bisto hjirhinne kommen om te plonderjen? Hasto dy macht fan dij byinoarbrocht om te roovjen, om sulver en goud mei te tôgjen, om fee en have te naderjen en in grutte bút yn hannen te krijen?
Rjochtdei oer Gog
14Dêrom minskesoan, profetearje tsjin Gog: Dit hat God de Heare te sizzen: Silsto dy deis dat myn folk wer feilich en wol wennet, net oereinkomme 15út dyn wenplak wei, út it hege noarden, do en machtige folken dy’t it mei dy hâlde, allegear op hynders, in grutte macht, in machtich leger? 16Silst dan net tsjin myn folk Israel opsetten komme as in wolk dy’t oer it lân falt? Yn it lêst fan ’e dagen sil it wêze, dat Ik dij op myn lân ôfstjoer, om te soargjen, dat de heidenfolken My kenne, mei’t se sjogge, hoe’t Ik tsjin dij, Gog, myn hillichheid bewiis. 17Dit hat God de Heare te sizzen: Bisto wier wol de man, dêr’t Ik yn earder dagen oer sprutsen haw troch myn tsjinners, de profeten fan Israel; hawwe dy yn dy dagen oan ien stik wei profetearre, dat Ik dij op harren ôfstjoere soe? 18Nee, de deis dat Gog op it lân fan Israel taset, – is de godsspraak fan God de Heare – dan sil de grime My oerrinne. 19Want yn myn baarnende leafde en yn it fjoer fan myn gleone grime haw Ik sward, dat in swiere ierdbeving dy deis de grûn fan Israel skodzje litte sil. 20De fisken yn ’e see, de fûgels yn ’e loft, de wylde bisten en al it bisteguod dat oer de grûn krûpt, en alle minsken dy’t op ’e ierdboaiem wenje, allegear sille se foar My stean te triljen; de bergen sille ynstoarte, de berchhellings nei de bedelte komme; alle muorren tsjin ’e flakte gean. 21Dan sil Ik op al myn bergen de oarloch tsjin him útroppe, – is de godsspraak fan God de Heare – de lju sille mei it swurd foarinoar oer stean. 22Ik sil rjochtdei oer him hâlde mei pest en mei bloed. En eazjende stjalprein mei hagelstiennen, fjoer en swevel sil Ik delkomme litte op him en op syn binden en op de machtige folken dy’t it mei him hâlde. 23Sa sil ik myn gruttens en hilligens bewize en My oan wit-hoefolle folken iepenbierje; dan sille se witte, dat Ik de Heare bin.