Minne hoeders en de Goede
1Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, profetearje tsjin de hoeders fan Israel, doch dat en sis tsjin har, dy hoeders: Dit hat God de Heare te sizzen: Wee de hoeders fan Israel, dy’t harsels fetweidzje. Hearre de hoeders net de skiep te weidzjen? 3De molke hawwe jimme sels opdronken, de wolle hawwe jimme jimsels mei klaaid, it mestfee hawwe jimme slachte, mar de skiep weidzje, dat dienen jim net! 4It swakke skiep ha jim net oansterkje litten, it sike net fersoarge, it skiep dat him beseard hie, net ferbûn; dat ôfdwaald wie, net te plak brocht; dat te syk wie, net socht; nee mei wreed geweld ha jim har derûnder holden. 5Sa binne se fersille, om’t der gjin hoeder wie, sa binne se foer wurden foar alle wylde bisten, ja fersille binne se. 6Myn skiep doarmje oeral yn ’e bergen om en op alle hege hichten; it hiele ierdryk oer binne myn skiep fersille rekke; gjinien dy’t dernei omsjocht of derom siket.
7Dêrom hoeders, hear it wurd fan de Heare! 8Sa wier as Ik libje, – is de godsspraak fan God de Heare – myn skiep binne bút en foer wurden foar al de wylde bisten, om’t net ien har hoede hat, want myn hoeders seagen net nei myn skiep om, mar hawwe allinne harsels fetweide en myn skiep weidzje dienen se net. 9Dêrom hoeders, hear it wurd fan de Heare! 10Dit hat God de Heare te sizzen: Rekkenje der mar op, Ik sil dy hoeders oanpakke en Ik sil myn skiep fan har werom-easkje: Ik meitsje in ein oan dat skieppe-weidzjen fan har. Dan kinne de hoeders harsels net langer fetweidzje. Ik skuor har myn skiep tusken de kiuwen wei, dêr sille se har net langer mei fuorje.
De Heare sels is de goede Hoeder
11Ja, dit hat God de Heare te sizzen: Tink derom, Ik, Iksels sil nei myn skiep omsjen en derom tinke. 12Sa’t in hoeder om syn keppel tinkt, as syn skiep oeral om him hinne ferstruid binne, sa sil Ik om myn skiep tinke en har oeral weihelje, dêr’t se hinne fersille wienen yn ’e dagen dat de wolken it sa tsjuster makken. 13Ik helje harren tusken de folken wei, ik helje har út ’e frjemde lannen byinoar en bring har wer nei eigen grûn. Dêr lit Ik har weidzje op ’e bergen fan Israel, yn ’e beekdellings, ja oeral dêr’t it lân bewenber is. 14Op goed weidlân lit Ik har weidzje en ek op ’e hege berchtoppen fan Israel sil weidplak foar har wêze. Dêr kinne se har deljaan op in goed weidplak en op ’e bergen fan Israel sille se har fetweidzje kinne. 15Sels sil Ik myn skiepkes weidzje en har in rêstplak jaan, – is de godsspraak fan God de Heare. 16It skiep dat te syk is, sykje Ik op; dat ôfdwaald is, bring Ik wer te plak; it skiep dat him beseard hat, ferbyn Ik; dat swak is, lit Ik oansterkje; dat sûn en sterk is, soargje Ik goed foar: Ik sil se weidzje sa’t it heart.
17En foar jimme, myn skiep, hat God de Heare dit te sizzen: Tink derom, Ik sil as rjochter stean tusken it iene skiep en it oare; tusken rammen en bokken. 18Is it jimme net genôch, dat jim it goede weidlân ôfweidzje? Moatte jimme wat derfan oer is, no ek noch platwâdzje? Of moatte jim, as jim it heldere wetter opdronken hawwe, wat der oer is, ek noch omgromje mei jim poaten? 19En moatte myn skiep dan mar ôffrette, wat jim platwâde hawwe, en drinke wat jimme mei jim poaten omgromme hawwe? 20Dêrom hat God de Heare dit te sizzen: Tink derom, Ik, Iksels sil as rjochter stean tusken it fette skiep en it meagere. 21Om’t jimme mei skoft en side al wat swak is, oan ’e kant triuwe en mei de hoarnen fuortstjitte, oant jimme se om utens ferballe hawwe, 22dêrom kom Ik myn skiep te help, dat se net langer roofguod hoege te wêzen; Ik sil as rjochter stean tusken it iene skiep en it oare. 23Ik sil ien hoeder oer har sette, dy’t har weidzje litte sil: myn tsjinstfeint David; dy sil har weidzje litte en hoeder oer har wêze. 24En Ik, de Heare, sil har God wêze en myn tsjinstfeint David, har foarst. Ik, de Heare, haw sprutsen. 25Dan slút Ik mei harren in fredebûn en Ik meitsje it lân frij fan wylde bisten, dat se yn ’e wyldernis feilich tahâlde kinne en samar yn ’e bosken sliepe. 26En Ik lit harren om myn heuvel fan heil hinne wenje; Ik jou op ’e tiid reinwetter en dy rein sil segen bringe. 27De beammen op it lân sille har frucht jaan en de ierde syn opbringst, hja sille feilich wenje op har eigen grûn; sa sille se witte, dat Ik de Heare bin, wannear’t Ik de stangen fan har jok stikken slach en har ferlos út ’e macht fan dy’t har derûnder hâlde. 28Hja sille net langer roofguod foar de oare folken wêze en de wylde bisten sille har net langer ferskuorre en hja sille feilich wenje, sûnder dat ien har opjaget. 29Ik sil in gewaaks foar har opgroeie litte, dêr’t elkenien fan beart; dan sil gjinien yn it lân mear fan ’e honger omkomme. Hja sille de smaad fan ’e folken net langer ferneare hoege. 30Dan sille se witte, dat Ik, de Heare, har God, har bystean en dat sij it folk fan Israel, myn folk binne, – is de godsspraak fan God de Heare. 31Jimme binne myn skiep ommers, de skiep dy’t Ik weidzje lit, jimme, minsken; en Ik bin jimme God, – is de godsspraak fan God de Heare.