Wachter en folk hawwe elk har eigen ferantwurdlikheid
1Dit wurd fan de Heare haw ik krige: 2Minskesoan, sprek dyn lânslju oan en sis tsjin harren: Wannear’t Ik oarloch oer it lân bring en it folk fan dat lân kiest ien fan harren en set dy as wachter út; 3as hy dan de fijân it lân oer kommen sjocht en op ’e hoarn blaast om it folk te warskôgjen; 4en as der dan ien is, dy’t it lûd fan ’e hoarn skoan heart, mar der him net oan steurt en sadwaande troch de fijân oerfallen wurdt, dan hat sa’n ien syn dea oan himsels te tankjen. 5Ja, hy hat it oan himsels te tankjen, want hy hie it lûd fan ’e hoarn wol heard, mar hy hat him der net oan steurd; hied er dat wol dien, dan hied er it libben derôf rêden. 6Mar as de wachter net op ’e hoarn blaasd hie en it folk net warskôge, doe’t er de fijân oankommen seach, dan stjert elk dy’t troch de fijân oerfallen wurdt, wol om syn eigen ûngerjochtichheid, mar syn bloed sprek Ik de wachter foar oan.
7Minskesoan, sa haw Ik dij as wachter útset foar it folk fan Israel. Alle kearen datsto in wurd fan My krijst, warskôgje har dan út myn namme. 8As Ik tsjin ’e goddeleaze sis, dat er sûnder mis stjerre sil, en do seist gjin wurd om him foar syn goddeleas dwaan te warskôgjen, dan sil dy goddeleaze om syn eigen ûngerjochtichheid stjerre, mar syn bloed sprek Ik dij foar oan. 9Asto de goddeleaze wol warskôge hast, dat er syn dwaan feroarje en him bekeare moat, mar hy docht it net, dan sil er stjerre om syn ûngerjochtichheid, mar do hast dyn libben derôf rêden.
10Minskesoan, sis tsjin it folk fan Israel: Jimme kleie: Wier, ús misstappen en sûnden lizze as in lêst op ús, wy ferkomme derûnder, dat hoe soenen wy it libben hâlde kinne? 11Sis tsjin harren: Sa wier as Ik libje – is de godsspraak fan God de Heare – Ik begear de dea fan ’e goddeleaze net; Ik sjoch al sa leaf, dat er him fan syn ferkearde paad ôfkeart en yn ’t libben bliuwt. Kear jim dochs fan jim ferkearde paden ôf, folk fan Israel: wêrom soenen jimme stjerre?
12Minskesoan, sis tsjin dyn lânslju: As in rjochtskepen man in misstap docht, dan sil syn (eardere) gerjochtichheid him net rêde. As in ferkearden-ien him fan syn ferkearde paad ôfkeart, dan sil er net troch syn (eardere) ferkeardens komme te fallen; likemin sil de rjochtskepene dy’t ta sûnde ferfalt, it libben hâlde troch syn (eardere) gerjochtichheid. 13As Ik fan de rjochtskepene sis, dat er it libben hâlde sil, en as er dan, wis fan syn gerjochtichheid ûnrjocht docht, dan sil al syn (eardere) gerjochtichheid fergetten wêze; hy sil stjerre om it ûnrjocht dat er dien hat. 14En as Ik fan ’e goddeleaze sis, dat er sûnder mis stjerre sil, mar hy keart him fan syn sûnde ôf en docht rjocht en gerjochtichheid, 15– dy goddeleaze jout bygelyks werom wat him yn ûnderpân jûn wie; fergoedet wat er roofd hie; hy hâldt him oan ’e oarderingen dy’t it libben fêstichheid jouwe, en docht gjin ûnrjocht mear – dan sil er it libben hâlde en net stjerre. 16Alle sûnden dy’t er earder dien hat, sille fergetten wêze: hy sil it libben hâlde, om’t er rjocht en gerjochtichheid dien hat.
17No kinne dyn lânslju wol sizze: ‘De wei fan de Heare is net rjocht!’, mar it is krekt har eigen wei dy’t net rjocht is. 18As in rjochtskepen man him fan syn gerjochtichheid ôfkeart en ûnrjocht docht, dan sil er dêrom stjerre. 19Mar as in ferkeardenien him fan syn ferkeardens ôfkeart en hy docht rjocht en gerjochtichheid, dan sil er dêrom libje. 20Mar jimme sizze: ‘De wei fan de Heare is net rjocht!’ – Ik sil rjochtdei oer jim hâlde, oer elkenien, al nei’t er him holden hat, folk fan Israel.
De tynge fan ’e fal fan Jeruzalem
21Yn it tolfte jier fan ús ballingskip, op ’e fyfte fan ’e tsiende moanne, kaam der ien dy’t út Jeruzalem ûntkommen wie, by my mei it boadskip: De stêd is ynnommen. 22De jûns foardat er oankaam, hie de Heare de hân op my lein, en de oare moarns, tsjin ’e tiid dat er by my kaam, joech de Heare my de spraak werom. Ik koe wer prate en wie net stom mear. 23Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 24Minskesoan, de lju dy’t no noch yn dy ferwoeste oarden fan Israels lân wenje, sizze: Doe’t Abraham it lân yn besit krige, wie er mar allinne; mar wy binne no wit-hoe-machtich, dat it lân is ús foargoed yn besit jûn. 25No, sis dêrom tsjin harren: Dit hat God de Heare te sizzen: Jimme ite it fleis mei it bloed der noch yn; jim slagge de eagen op nei ôfgoaden, jim litte mar bloed floeie en soenen jim dan it lân yn besit hawwe kinne? 26Jimme rekkenje op jim swurd, bedriuwe skandlike praktiken, slagge allegearre mei in oar syn frou om en soenen jimme dan it lân yn besit hawwe kinne? 27Dit moatst harren sizze: Dit hat God de Heare te sizzen: Sa wier as Ik libje – dy’t tusken de púnfallen tahâlde, komme troch it swurd te fallen; dy’t op it iepen fjild tahâlde, jou Ik as foer oan ’e wylde bisten; dy’t yn hoalen en grotten sitte, sille oan ’e pest stjerre. 28It lân meitsje Ik in ferlittene woestenij fan; de pracht dêr’t se sa grutsk op binne, sil in ein oan komme; de bergen fan Israel wurde in ferlitten oarde dêr’t gjin mins mear komt. 29En as Ik fan it lân in ferlittene woestenij meitsje om alle skandlike praktiken dy’t se bedreaun hawwe, dan sille se witte dat Ik de Heare bin.
In profeet is gjin lietsjesjonger
30Minskesoan, dyn lânslju hawwe it ûnderinoar oer dij, oan ’e hússide en by de doarren. De iene seit tsjin ’e oare: Kom, lit ús ris hearre watfoar boadskip der by de Heare weikomt. 31Se komme yn in kloft op dy tasetten en geane foar dy sitten, as wienen se myn folk. Se hearre dyn wurden, mar dogge der net neffens; as men har heart, is’t allegear like moai, mar har hert is allinne op eigen profyt út. 32Tink derom, do bist foar harren neat oars as in sjonger fan leafdesankjes, ien dy’t moai sjonge en prachtich op ’e liere spylje kin; dyn wurden hearre se wol, mar se dogge der net neffens. 33Mar as it komt – en pas mar op, dat docht it – dan sille se witte, dat der in profeet yn har fermidden west hat.