In kleisang oer Farao
1Yn it tolfte jier, op ’e earste dei fan ’e tolfte moanne, krige ik dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, set in kleiliet yn op kening Farao fan Egypte en sis tsjin him:
Do jonge liuw ûnder de folken, it is dien mei dij!
Do wiest as in seemeunster yn it wetter;
do lietst it troch de noasters opbuorrelje,
brochtst it mei dyn poaten yn ûnstjoer
en makkest de weagen grommich.
3Dit hat God de Heare te sizzen:
Ik smyt myn fangnet oer dy út,
machtige folken geane deroer gear,
en helje dij op yn myn seine.
4Ik smyt dij op it droege,
Ik slingerje dij op ’e neakene grûn,
Ik meitsje, dat al it fûgelguod op dij delstrykt
en alle wylde bisten har oan dy sêd ite.
5Dyn fleis strui Ik oer de bergen út
en de dellings meitsje Ik fol fan dyn fergien lyk.
6Ik bedrinzgje it lân mei it focht dat út dy weirint,
mei dyn bloed oant op ’e bergen;
de útdroege wetterlopen rinne dermei fol.
7As Ik dyn lampe útpûst, lit Ik de loft berinne
en meitsje Ik de stjerren dy’t der steane, tsjuster.
Ik sko in wolk foar de sinne lâns
en de moanne sil syn ljocht net mear skine litte.
8Alle ljochten dy’t oan ’e himel steane te skitterjen,
sil Ik tsjuster meitsje om dij
en Ik set dyn lân yn it roettsjuster,
– is de godsspraak fan de Heare.
9It hert fan machtige folken bring Ik yn ûnstjoer,
as Ik de folken it nijs fan dyn ûndergong takomme lit yn lannen dêrsto net fan witst.
10Ik meitsje, dat machtige folken der ûntdien fan binne
en har keningen sil de grize oer de grouwe gean om dyn lot;
wannear’t Ik myn swurd foar har eagen swaai,
sille se oanienwei stean te triljen,
elk deabenaud foar syn eigen libben op ’e dei fan dyn fal.
11Want dit hat God de Heare te sizzen:
It swurd fan ’e kening fan Babel sil op dy delkomme;
12dy grutte kliber fan dij slach Ik del mei it swurd fan fjochtersbazen,
it rouste folk fan alle heidenfolken,
dy sille alles ferdylgje, dêr’t Egypte sa grutsk op is,
en de hiele kliber sil útroege wurde.
13Al syn fee by it wide wetter reagje Ik derwei;
gjin minskefoet, gjin bisteklei
sil it wetter mear omgromje.
14Dan lit Ik dat wetter wer besinke en de weagen wer glide as oalje,
– is de godsspraak fan God de Heare.
15As Ik fan it lân Egypte in wyldernis meitsje
en it lân dat earst fol wie, leech helje lit,
as Ik allegearre dy’t der wenje, delslach,
dan sille se witte, dat Ik de Heare bin.
16Dit is in kleiliet en moat as kleiliet songen wurde. By alle folken moatte de froulju it as kleiliet sjonge; as kleiliet oer Egypte en al syn folk, – is de godsspraak fan God de Heare.
Farao nei it deaderyk
17Yn it tolfte jier, op ’e fyftjinde fan ’e earste moanne, krige ik dit wurd fan de Heare: 18Minskesoan, set in rouklacht yn, do en de froulju ûnder de heidenfolken, in rouklacht op al dat folk fan Egypte. Lit harren it deaderyk yngean,
it lân fan ’e ûnderwrâld,
by har dy’t yn ’e kûle weisonken binne.
19‘Soe it dij better ôfgean as oaren?
Nei ûnderen do, en jou dy del by de ûnbesnienen,
20tusken harren dy’t troch it swurd ferslein binne ...’
21Sa roppe him de befelhawwers fan ’e striders út it deaderyk wei ta, dêr’t de ûnbesnienen delkommen binne en dêr’t se lizze, delslein troch it swurd.
22Dêr leit Assyrië mei al syn kriichsfolk om syn grêf hinne, allegear delslein, fallen troch it swurd. 23Syn grêven binne yn ’e fierste úthoeke fan ’e kûle: syn kriichsfolk leit om syn grêf hinne; allegear delslein, fallen troch it swurd; deselden dy’t ienris de skrik deryn brochten yn it lân fan ’e libbenen.
24Dêr leit Elam mei al syn folk om syn grêf hinne, allegear delslein, fallen troch it swurd; ûnbesnien binne se de djipte yngien nei it lân fan ’e ûnderwrâld, deselden dy’t ienris de skrik deryn brochten yn it lân fan ’e libbenen en dy’t no de skande drage mei allegear dy’t yn ’e kûle weisonken binne. 25Tusken al dy delsleinen hawwe se him in rêstplak jûn mei al syn folk om syn grêf hinne, allegear ûnbesnienen, delslein troch it swurd. Ja, se hawwe de skrik deryn brocht yn it lân fan ’e libbenen, mar no moatte se har skande drage mei allegear dy’t yn ’e kûle weisonken binne; ja, midden tusken dy delsleinen hawwe se in plak krige.
26Dêr leit Mêsjek-Tûbal mei al syn folk om syn grêf hinne, allegear ûnbesnienen, delslein troch it swurd. Ja, yn it lân fan ’e libbenen hawwe se de skrik deryn brocht. 27Mar no lizze se net tusken heldhaftige striders dy’t earder fallen binne en it deaderyk yngongen yn wapentoai; de lju dy’t it swurd ûnder de holle en it skyld oer it lichem lein waard. Ja, dy striders hienen de skrik deryn yn it lân fan ’e libbenen. 28Mar do, Farao, mei brutsen lea silst tusken de ûnbesnienen lizze, mei har dy’t troch it swurd delslein binne.
29Dêr leit Edom: syn keningen en al syn foarsten; – hoe heldhaftich as se ek wienen, se binne delslein by har dy’t troch it swurd fallen binne. Hja lizze likegoed by de ûnbesnienen, by har dy’t yn ’e kûle weisonken binne. 30Dêr lizze al de foarsten fan it noarden, en de Sidoaniërs, dy’t mei de delsleinen de djipte yngien binne, te skande set, al hienen se mei har macht de skrik der noch sa yn. As ûnbesnienen lizze se dêr mei har dy’t troch it swurd fallen binne, en hja moatte de skande mei drage fan dy’t yn ’e kûle weisonken binne.
31Sokken kriget Farao no te sjen, en dat sil him wol treast jaan foar it ferlies fan syn hiele kliber. Fallen troch it swurd binne se, Farao en syn hiele legermacht – is de godsspraak fan God de Heare. 32Want al haw Ik de skrik foar him deryn brocht yn it lân fan ’e libbenen, no leit er dêr tusken de ûnbesnienen mei har dy’t troch it swurd delslein binne: Farao en syn hiele kliber – is de godsspraak fan God de Heare.