Kleiliet oer Tyrus
1Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, set do in kleiliet op Tyrus yn, 3en sis fan Tyrus:
Sa’t it dêr leit boppe seehavens
en saken docht foar de folken,
mei gâns lannen oan ’e seekust:
dit hat God de Heare te sizzen:
Tyrus, do seist: Ik bin in skip,
in ivich moai pronkstik.
4Midden yn ’e wide see leit dyn domein,
dyn boumasters hawwe in ivich moai pronkstik fan dy makke.
5Sipressen fan ’e Senir ha se dyn romp fan boud;
se hawwe in seder fan ’e Libanon helle
om dyn mêst fan te meitsjen.
6Iken út Bazan ha se foar dyn roeiriemen brûkt;
dyn boech makken se fan ivoar,
dat set is yn grenenhout fan ’e Kittityske eilannen.
7Ryk borduerd Egyptysk linnen wie dyn seildoek,
dêr koenen se dy oan;
mei pears- en readpoarper fan ’e kusten fan Elisja
wienen dyn dektinten opset.
8Lju út Sidon en Arwad wienen dyn roeiers;
de kundichste mannen dyst hiest,
Tyrus, wienen oan board,
dat wienen dyn seelju.
9Yn ’t sâlt bebiten faklju fan Gebal hiest by dy
om lekkaazje te ferhelpen.
Alle seeskippen en har farrenslju leinen by dy oan om dyn waren te ferhanneljen.
10Perzen, Lûditen en Pûteeërs
tsjinnen as soldaten yn dyn leger,
skyld en helm hongen se by dy op,
sij joegen dy dyn gloarje.
11Mannen út Arwad en Chelek holden wacht op dyn muorren,
de Gammaditen op dyn tuorren,
dy hongen har skylden dyn hiele ringmuorre lâns,
dy makken, datst sa’n ivich moai pronkstik wiest.
12Tarsjisj diest hannel mei yn guod fan allerhanne soarte, foar dyn waren leveren se sulver, izer, tin en lead. 13Javan, Tûbal en Mêsjek dienen ek saken mei dy: slaven en koperguod forhannelen se mei dy. 14Dy fan Togarma leveren foar dyn waren lûkhynders, rydhynders en mûlezels. 15Dedaniten dienen ek saken mei dy en in grut tal kustlannen hiest ek hannel mei: wat se dy opbringe moasten, betellen se mei ivoar en ebbenhout. 16Aram die ek hannel mei dy yn guod fan allerhanne soarte; foar dyn waren leveren se dy haematyt, readpoarper, ryk borduerwurk, fyn linnen, parlemoer en robinen. 17Juda en it lân Israel dienen ek saken mei dy: weet út Minnit, moal, hunich, olive-oalje en balsem ferhannelen se mei dy. 18Damaskus diest ek hannel mei yn al dyn produkten, guod fan allerhanne soarte, tsjin wyn út Chelbon en wolle út Sachar. 19Wedan en Javan leveren guod út Oezal tsjin dyn waren: smeid izer, kassia en kalmus ferhannelen se mei dy. 20Dedan die ek saken mei dy yn hynstedekken. 21Arabië en al de foarsten út Kedar diest hannel mei yn lammen, rammen en bokken. 22De keaplju fan Skeba en Raäma dienen ek saken mei dy; allerhanne djoere krûderijen, allerhanne edelstiennen en goud ferhannelen se mei dy. 23Charan, Kanné en Eden, de keaplju fan Assyrië en Kilmad, allegear dienen se saken mei dy. 24Dat wienen de lju dêrst hannel mei diest yn djoere klean, pearspoarperen en rykborduerde mantels yn twakleurige stoffen, draaid kabeltou; dat brochten se by dy op ’e merk. 25De skippen fan Tarsjisj brochten as karavanen dyn hannelswaar oan.
Djip laden mei in swiere fracht leist midden op ’e grutte see.
26Op wiid wetter ha se dy brocht,
dy roeiers fan dij;
mar de eastewyn hat dy stikken slein midden op ’e grutte see.
27Dyn rykdom oan waren, alles dêrst yn dochst,
dyn matroazen en skippers,
dyn timmerlju en hannelslju
en al de soldaten dyst oan board hiest,
ja al it skipsfolk, dat by dy wie,-
weisonken binne se midden yn ’e wide see
de deis fan dyn ûndergong.
28It lûde gejammer fan dyn skippers beevje de oerstjoere weagen fan.
29Dy’t oan ’e riemen sitte geane no allegearre fan board;
de matroazen en alle seelju geane no oan wâl.
30Lûd roppe se oer dyn lot,
bitter klinkt har klacht,
se struie harsels stof op ’e holle
en rôlje har yn ’e jiske om.
31Se skeare har keal om wat dij oerkommen is
en dogge sekkeguod om;
bitter temoede skrieme se om dij in bittere rouklacht.
32Jammerjend sette se in kleiliet yn,
se sjonge in rousang oer dij:
‘Wa koe Tyrus belykje, midden yn ’e see,
de stêd dy’t no plat leit?’
33Doe’t dyn waren noch oer see oankamen,
binne gâns folken by dy sêd wurden;
mei dyn rykdom oan hannelswaren hasto de keningen fan ’e ierde ryk makke.
34No bisto stikken slein en fan ’e seeën ferdwûn,
weisonken yn ’e djipte;
dyn waar en al dyn skipsfolk,
binne mei dy sonken.
35Allegearre dy’t oan ’e seekant wenje,
binne fol ûntsetting oer dyn lot.
Har keningen stiet it hier oerein,
en de skrik stiet har op it gesicht te lêzen.
36De hannelslju ûnder de folken fluitsje dy út;
in skrikbyld bisto wurden,
foar ivich wei.