Israels ûntrou. Sûnde yn Egypte en yn ’e woestyn.
1Yn it sânde jier, op ’e tsiende dei fan ’e fyfte moanne, kamen guon fan ’e âldsten fan Israel om de Heare om in útspraak te freegjen. Hja gongen foar my oer sitten. 2Doe krige ik dit wurd fan de Heare: 3Minskesoan, sprek de âldsten fan Israel oan en sis tsjin harren: Dit hat de Heare te sizzen: binne jim kommen om My om in útspraak te freegjen? Sa wier as Ik libje: Ik lit My net troch jimme freegje, – is de godsspraak fan God de Heare –. 4Soest harren net leaver it oardiel oansizze, it oardiel oansizze, minskesoan? Hâld har de skandlike praktiken fan har foarâlden foar, 5en sis tsjin harren: Dit hat God de Heare te sizzen: De deis dat Ik Israel útkeas, haw Ik Mysels mei de fingers yn ’e hichte bûn oan it folk, dat fan Jakob ôfstammet en My yn Egypte oan har bekend makke. Ik haw de fingers derfoar yn ’e hichte stutsen en sein: Ik bin de Heare, jimme God. 6Dy deis haw Ik harren mei de fingers yn ’e hichte sward, dat Ik har út Egypte weihelje soe en nei it lân bringe, dat Ik foar harren ornearre hie, in lân dat oerrint fan molke en hunich, it moaiste lân fan ’e ierde; 7en Ik sei tsjin harren: Lit in elk de stikken ôfgriis dy’t er sa graach sjen mei, fuortsmite; besmodzje jimsels net mei dy smoarge Egyptyske ôfgoaden: Ik bin de Heare, jimme God. 8Mar hja setten it tsjin My yn ’e kant en woenen net nei My harkje. Der wie net ien dy’t de stikken ôfgriis, dêr’t er sa graach nei sjen mocht, fuortsmiet; se woenen net fan dy smoarge Egyptyske ôfgoaden ôfsjen. Doe haw Ik yn My omgean litten, oft Ik myn grammoedichheid oer har útstoarte soe en sadwaande yn Egypte myn grime op har kuolje. 9Mar Ik bin foar de eare fan myn namme opkommen, dat dy net ûnthillige wurde soe yn ’e eagen fan ’e heidenfolken dêr’t se ûnder ferkearden: Ik hie ommers iepenlik ferklearre, dat Ik myn folk út Egypte weihelje soe.
10Ik helle har dan ek út Egypte wei en brocht harren yn ’e woestyn. 11Ik joech harren myn oarderingen en makke harren myn rjochtsregels bekend, dêr’t in minske neffens dwaan moat, sil er it libben hâlde. 12Fierder joech Ik harren myn fêste sabbat as teken tusken My en harren; dat se witte soenen, dat Ik de Heare it bin, dy’t harren hilligje. 13Mar yn ’e woestyn sette it folk fan Israel it tsjin My yn ’e kant, se libben net neffens myn oarderingen. Myn rjochtsregels dêr’t in minske neffens dwaan moat om it libben te hâlden, woenen se neat fan witte; myn fêste sabbat ûnthilligen se, dat it mear as slim wie; dêrom haw Ik yn My omgean litten, oft Ik myn grammoedichheid yn ’e woestyn oer harren útstoarte soe en der in ein oan meitsje. 14Mar ik bin foar de eare fan myn namme opkommen, dat dy net ûnthillige wurde soe yn ’e eagen fan ’e heidenfolken, dy’t sjoen hienen, hoe’t Ik harren út Egypte helle hie. 15Wol swarde Ik harren yn ’e woestyn mei de fingers yn ’e hichte, dat Ik harren net yn it lân bringe soe dat Ik har tatocht hie, in lân dat oerrint fan molke en hunich, it moaiste lân fan ’e ierde, 16om’t se neat fan myn rjochtsregels witte woenen en net neffens myn oarderingen libben en myn fêste sabbat ûnthilligen, want har hert gong noch út nei har smoarge ôfgoaden. 17Mar út meilijen seach Ik der fan ôf harren te ferdylgjen en der in ein oan te meitsjen yn ’e woestyn. 18En tsjin har bern haw Ik yn ’e woestyn sein: Gean net it paad fan jimme heiten op, hâld jim net oan har rjochtsregels en besmodzje jim net mei har smoarge ôfgoaden. 19Ik bin de Heare, jimme God, neffens myn oarderingen moatte jimme libje en myn rjochtsregels moatte jim yn acht nimme en dêrneffens dwaan. 20Myn fêste sabbat moatte jim yn hillige earbied hâlde, lit dy in teken wêze tusken My en jimme, dêr’t jim oan witte kinne, dat Ik de Heare bin, jimme God. 21Mar de bern setten it ek tsjin My yn ’e kant, myn oarderingen woenen se net neffens libje en myn rjochtsregels dêr’t in minske neffens dwaan moat om it libben te hâlden, hawwe se har net oan steurd. Myn fêste sabbat ûnthilligen se. Dat Ik haw yn My omgean litten, oft Ik myn grammoedichheid oer harren útstoarte soe en myn grime yn ’e woestyn op har kuolje. 22Mar Ik haw de hân werom lutsen en bin foar de eare fan myn namme opkommen, dat dy net ûnthillige wurde soe yn ’e eagen fan ’e heidenfolken, dy’t sjoen hienen, hoe’t Ik harren út Egypte wei helle hie. 23Wol haw Ik harren yn ’e woestyn mei de fingers yn ’e hichte sward, dat Ik har ûnder de folken ferstruie soe en oer de lannen fersilje, 24om’t se net dien hienen neffens myn rjochtsregels, fan myn oarderingen neat witte woenen, myn fêste sabbat ûnthillige hienen en mei longerjende eagen nei de smoarge ôfgoaden fan har heiten seagen. 25Doe joech Ik har ek noch wizânsjes dy’t net doogden, en rjochtsregels dêr’t se it libben net by hâlde koenen. 26Ik liet har harsels besmodzje mei har offerjeften: se lieten al har earstlingssoannen troch it fjoer gean; Ik woe dat se dêr de skrik fan wei krije soenen en witte, dat Ik de Heare bin.
Sûnde yn Kanaän
27Dêrom, minskesoan, sprek it folk fan Israel oan en sis tsjin harren: Dit hat God de Heare te sizzen: Neitiid hawwe jimme foarâlden My wer húnd, doe’t se My ûntrou waarden. 28Doe’t Ik harren brocht hie yn it lân dat Ik harren mei de fingers yn ’e hichte tasein hie, doe slachten se har offers rûnom dêr’t se mar in hege heuvel of in griene beam seagen. Dêr offeren se de jeften dy’t My sa’n grutte argewaasje joegen, dêr leinen se har swietrokige offers del en geaten se har drankoffers út. 29Doe haw Ik harren frege: Wat is dat foar in hichte dêr’t jim by op geane? Sadwaande hat dy de namme krige fan ‘Hichte’ (en dat is sa bleaun) oan hjoed-de-dei ta.
Sûnde hjoed-de-dei
30Sis dêrom tsjin it folk fan Israel: Dit hat God de Heare te sizzen: Binne jimme net dwaande jimsels krektsa te besmodzjen as jim heiten mei achter har stikken ôfgriis oan te huorkjen? 31Mei jim offers te bringen, mei jim soannen troch it fjoer gean te litten besmodzje jim jimsels oan hjoed-de-dei ta mei al dy ôfgoaden fan jimme. En soe Ik My dan troch jimme om in útspraak freegje litte, folk fan Israel? Sa wier as Ik libje, – is de godsspraak fan God de Heare – troch jimme lit Ik My net om in útspraak freegje. 32En as jim by jimsels sizze: Lit ús mar wurde as de oare folken en de stammen fan oare lannen, en ek hout en stien ferearje – dan spilet jim wat troch de holle, dêr’t neat fan komt.
Oardiel en útsjoch
33Sa wier as Ik libje, – is de godsspraak fan God de Heare – Ik sil jimme regearje mei foarse hân, mei útstutsen earm en mei dèleazjende grime. 34Ik helje jimme midden tusken de folken wei en bring jim byinoar út ’e lannen dêr’t jim oer fersille wienen, mei foarse hân, útstutsen earm en dèleazjende grime. 35Ik sil jim bringe yn ’e woestyn fan ’e folken en dêr rjochtdei oer jimme hâlde, each yn each. 36Sa’t Ik it oer jimme foarâlden dien haw yn ’e woestyn fan Egypte, sa hâld Ik no rjochtdei oer jimme, – is de godsspraak fan God de Heare. 37Ik lit jim ûnder de stêf trochgean en sil jimme sekuer telle. 38Dy’t oerhearrich en opstannich tsjin My west hawwe, doch Ik by jim wei. It lân dêr’t se no tahâlde, helje Ik har wol út wei, mar Israels grûn sille se gjin foet op sette. En jimme sille witte, dat Ik de Heare bin. 39Mar, folk fan Israel, jim hat God de Heare dit te sizzen: Lit elkenien syn smoarge ôfgoaden no mar tsjinje. Ienkear – dat swar Ik – sille jimme nei My harkje en myn hillige namme net mear ûntwije mei jim offers oan dy smoarge ôfgoaden fan jimme. 40Want op myn hillige berch, de hege berch fan Israel – is de godsspraak fan God de Heare – dêr sil it hiele folk fan Israel as ien man My yn it lân tsjinje. Dêr sil Ik harren yn geunst oannimme en dêr sil Ik jimme offers en jimme earste opbringsten ynfoarderje, alles wat jim oan hillige jeften te bringen hawwe. 41By leaflike rook sil Ik jimme yn geunst oannimme, as Ik jim tusken de folken weihelje en jim byinoar bring út ’e lannen dêr’t jim oer fersille wienen, en Ik sil Mysels oan jimme as de Hillige kenne litte foar it each fan ’e heidenfolken. 42Dan sille jimme witte, dat Ik de Heare bin, as Ik jim yn it lân Israel bring, it lân dat Ik jimme foarâlden mei de fingers yn ’e hichte tasein haw. 43Dêr sille jimme weromtinke oan jimme eardere hâlden en dragen en de minne praktiken dêr’t jim jimsels mei besmodze hawwe; en jim sille in wearze fan jimsels hawwe fanwegen al it kwea dat jim dien hawwe. 44En dan sille jimme witte, dat Ik de Heare bin, as Ik sa mei jim dien haw om de eare fan myn namme en net sa’t jim mei jim minne hâlden en dragen en jim ferkearde dwaan en litten fertsjinnen, folk fan Israel, – is de godsspraak fan God de Heare.