Jeruzalem, de ûntrouwe frou Gods ûntferming oer Jeruzalem
1Ik krige dit wurd fan de Heare: 2Minskesoan, bring Jeruzalem ta it ynsjoch, hoe skandlik har praktiken binne, 3en sis: Dit hat de Heare Jeruzalem te sizzen: Fan komôf bist ien út it lân Kanaän en dêr bist te wrâld kommen; dyn heit wie in Amoryt en dyn mem in Hetityske. 4By dyn berte is it sa om en ta gien: doesto berne waardst, is dy de nâlestring net ôfbûn, bist net mei wetter skjin makke; do waardst net iens mei sâlt ynwreaun en net yn doeken bewuolle. 5Net ien joech genôch om dy en doch soks út meilijen mei dy; nee, se hawwe dy samar op ’e romte delsmiten, sa’n ôfgriis hienen se al fan dy, de deis datst berne waardst.
6Doe kaam Ik by dy lâns en Ik seach dy yn dyn eigen bloed omskoppen; en Ik sei tsjin dy, sa’st dêr leiste yn dyn bloed: ‘Mar do moatst al yn libben bliuwe.’ 7Ik liet dy opgroeie, datst waardst as in plant yn it fjild. Sa bist opwoeksen en grut wurden en do waardst al mar kreazer; dyn boarsten tynden en dyn hier begûn te groeien, mar noch altyd wiest neaken en bleat. 8Doe kaam Ik by dy lâns en seach dy, en sjoch, dyn tiid wie kommen, de tiid fan ’e leafde. Ik die de slippe fan myn mantel oer dy hinne en bediek dyn neakenens. Ik swarde dy trou en gong in ferbûn mei dy oan, is de godsspraak fan God de Heare en do waardst mines. 9Ik makke dy skjin mei wetter en wosk it bloed fan dy ôf en wreau dy yn mei oalje. 10Ik joech dy klean mei goudbenaaisel en sandalen fan seehûnefel. Ik die dy in linnense bân om ’e holle en sloech in batisten doek om dy hinne. 11As sieraden die Ik dy earmbannen om ’e polzen en in keatting om ’e hals. 12Ik die dy in ring yn ’e noas en ringen yn ’e earen en sette dy in prachtige diadeem op ’e holle. 13Sa waardsto optoaid mei sulver en goud en hiest klean oan fan fyn linnen en batist en mei goudbenaaisel. Fyn moal, hunich en olive-oalje krigesto te iten. Do waardst tige kreas en krigest de graasje fan in keninginne. 14Under de folken gong in grutte rop fan dyn skjintme, want troch de pracht dêr’t Ik dij mei klaaid hie, wie dy folslein, – is de godsspraak fan God de Heare.
De ûntankberens fan Jeruzalem
15Mar do ferwachtest alles fan dyn skjintme en hast dyn rom brûkt om te huorkjen; dêr stiest mei klear foar de earste de bêste, om sines mar te wêzen. 16Do hast dyn klean brûkt om dyn offerhichten mei op te fleurjen en dêr hast mar tahuorke, sa slim as it kin. 17Do hast dyn sulveren en gouden sieraden nommen, dy’t Ik dy jûn hie, en dêr hast manljusbylden fan makke om dêr mei om te huorkjen. 18Do hast dyn bûntbenaaide klean nommen en harren dy omdien en hast har myn oalje en wijreek foarset. 19It iten, dat Ik dy jûn hie: it fine moal, de hunich en de oalje, alles wat Ik dy te iten joech, hast harren foarset, om har de hearlike rook opsnuve te litten. It is sels safier kommen – is de godsspraak fan God de Heare – 20datst dyn soannen en dochters naamst, dyst foar My te wrâld brocht hiest, en oan dy bylden offerest om op te iten. Wie dyn huorkerij dan noch net slim genôch? 21Moasto myn bern ek noch slachtsje en oerjaan om se foar dy bylden troch it fjoer te heljen? 22En by al dyn ôfgryslike huorkerijen hast noait tocht oan dyn earste dagen, doest der neaken en bleat hinneleist en yn dyn bloed omskoptest.
23Mei al it kwea datst dien hast – wee, wee dij, – is de godsspraak fan God de Heare – 24bist ek noch begûn mei stellaazjes foar dysels te bouwen. Op alle pleinen hast sokke ferhegings makke 25en op alle krúspunten hichten opsmiten om dyn skjintme te skande te meitsjen en dysels sûnder skamte oan de earste de bêste te jaan. Do hast mar tahuorke. 26Do hast huorke mei de Egyptners, dy geile buorlju fan dy; do hast der mar op tahuorke om Mij te tergjen. 27Sjoch, dêrom haw Ik de hân tsjin dy keard en dyn part ynkoarte en dy oerlevere oan ’e Filistynske froulju, dy’t dy haatsje. Dy hienen sels in wjeraksel tsjin dyn skandlik dwaan. 28Omdatsto der mar gjin genôch fan krije koeste, hast ek mei de Assyriërs omhuorke. Ja, mei harren hast ek oan it huorkjen west en nòch hiest gjin genôch. 29Do hast der mar op tahuorke yn it lân fan ’e keaplju, Chaldéa, mar nòch hiest gjin genôch. 30Wat wiest dochs in gleonen-ien, – is de godsspraak fan God de Heare, datst dat allegear samar diest, as wiest in earsten hoer! 31Doesto dyn stellaazjes boud hast op alle krúspunten en dyn ferhegings op alle pleinen, wiest net in gewoane hoer: huorrelean woest neat fan witte. 32In oerhuorrige frou lit frjemden by har komme ynpleats fan har eigen man! 33Al sokke huorren krije der lean foar, mar do jòùst al dyn frijers lean, do keapest harren om, dat se rûnom wei mar op dy tasetten komme om mei dy oan it huorkjen te gean. 34By dyn huorkjen giet it krektoarsom as by oare froulju: net ien hat dy as in hoer achternei rûn; do joust lean en krigest it sels net. Alles leit by dy krektferkeard.
Straf oer Jeruzalem
35Dêrom, hoer datst bist, hear it wurd fan de Heare! 36Dit hat de Heare te sizzen: Omdatsto dy fier te bûten gien bist en dy neaken fertoand hast, ast mei al dyn frijers oan’t huorkjen wiest, mei al dyn smoarge skandlike ôfgoaden, en omdatsto it bloed fan dyn soannen oan harren oerlevere hast, 37dêrom helje Ik al dyn frijers byinoar, dêrsto sa gleon op wiest en allegear dêrst mâl mei wiest en allegear dêrst dyn nocht fan hiest. Ik helje se rûnom wei byinoar tsjin dy en Ik sil dy neaken foar harren útklaaie, dat se dy yn al dyn neakenens sjen kinne. 38En Ik sil rjochtdei oer dy hâlde, sa’t dat dien wurdt mei troubreksters en moardneressen, mei bloedige neigeandens en grime. 39Ik sil dy oan harren oerleverje; se sille dyn stellaazjes en ferhegings ôfbrekke en dyn hichten sljochtsje; se sille dij de klean útstrûpe en dyn sieraden ôfnimme en dy neaken en bleat lizze litte. 40Se sille de kliber tsjin dy opsette, dij stiennigje en dij mei har swurden yn stikken houwe. 41Se sille dyn huzen yn ’e brân stekke en rjochtdei oer dy hâlde foar de eagen fan in grutte kloft froulju. Sa meitsje Ik in ein oan dyn huorkerij en kinst der gjin lean mear foar jaan. 42Sa kuolje Ik myn grammoedichheid op dy en myn neigeande leafde sil har fan dy ôfkeare; dan earst kom Ik ta rêst en sakket myn grime ôf. 43Omdatsto dyn jonge jierren fergetten bist en My mei dyn gedoch ta it uterste brocht hast, dêrom kinst derop rekkenje, dat Ik dy lean nei wurken jou, – is de godsspraak fan God de Heare. Al dyn skandlike praktiken is noch slimme ûntucht oerhinne kommen.
Neat better as Samaria en Sodom
44Ja, alle spreukedichters sille dit sprekwurd op dy tapasse: Sa’t de mem is, sa de dochter! 45Do skaaist alhiel nei jimme mem út, in frommes dat fan har eigen man en bern neat witte woe; do bist in echte suster fan dyn susters, froulju dy’t fan har eigen man en bern neat witte woenen. Jimme mem wie in Hetityske en jimme heit in Amoryt. 46Dyn âldste suster wie Samaria, dy’t mei har dochters oan ’e linker kant fan dy wenne; dyn jongste suster, dy’t mei har dochters oan ’e rjochter kant fan dy wenne, wie Sodom. 47Bisto net itselde paad opgien as dy-en en hasto it net krektlike skandalich dien? Ja, yn al dyn dwaan hasto it suver noch slimmer fertoand as dy beide oaren. 48Sa wier as Ik libje, – is de godsspraak fan God de Heare – dyn suster Sodom en har dochters hawwe har net sa misdroegen as do en dyn dochters. 49De ûngerjochtichheid fan dyn suster Sodom bestie hjirút: hja en har dochters wienen grutsk, bolbjirken en soargeleas. Earmelju en minsken yn ellinde stieken se gjin hân foar út. 50Se waarden oermoedich en dienen dingen dy’t by My skandlik binne. Dêrom haw Ik se út ’e wei reage, sa gau’t Ik it seach. 51En Samaria hat noch net heal safolle sûnde dien as do. Nee, do bist mei dyn skandlike praktiken noch folle fierder gien as sij. Sa hasto mei dyn skandlike praktiken dyn susters ûnskuldich ferklearre. 52Draach do dan dyn skande mar, nosto dyn susters frij pleite hast. Nosto slimmer sûndige hast as sij, steane hja mear yn har rjocht as do. Skamje dy dan en draach dyn skande, no’st dyn susters ûnskuldich ferklearre hast.
Der komt in omkear
53Mar no bring Ik in omkear yn har lot, yn it lot fan Sodom en har dochters en yn it lot fan Samaria en har dochters, [en dêrmei in omkear yn dyn lot,] 54om dij de swierte fan dyn skande fiele te litten en dij beskamme te meitsjen oer alles watst dien hast, en dat sil harren ta treast wêze. 55Dyn suster Sodom en har dochters, sille wer wurde, wat se by âlds wienen, Samaria en har dochters ek; en do en dyn dochters sille ek wer wurde, wat jim by âlds wienen. 56Hiest op dyn suster Sodom net wit-wat te sizzen, doest noch heechmoedich wiest, 57foar’t dyn eigen ferdoarnens oan ’t ljocht brocht waard? No is’t safier kommen, dat de Edomityske froulju en al har buorlju, de Filistynske froulju, dy neipiuwe en oeral op dy spuie. 58Dyn ûntucht en dyn skandlike praktiken, dêr moatst no sels foar stean, – is de godsspraak fan God de Heare –.
En dochs genede
59Dit hat God de Heare te sizzen: Soe Ik mei dij krektsa dwaan ast sels dien hast: do hast de eed fan trou net teld en dêrmei it ferbûn brutsen. 60Nee, Ik, Ik ferjit myn ferbûn mei dij net, it ferbûn dat Ik yn dyn jonge jierren mei dy sletten haw en Ik gean in ivich ferbûn mei dy oan. 61Dan silsto oan dyn hâlden en dragen tinke en dy skamje, wannear’t Ik dyn âldere en jongere susters nim en se dij as dochters jou, al falle dy net ûnder myn ferbûn mei dij. 62Sa sil Ik myn ferbûn mei dy wer oprjochtsje en dan silst witte, dat Ik de Heare bin. 63Dan sil it dy yn it sin komme en silst dy skamje; fanwegen dyn skande silst gjin wurd mear sizze doare, as Ik fersoening foar dy bewurkje oer alles watsto dien hast, – is de godsspraak fan de Heare God –.