It manna
Doe brieken se op fan Elim en de hiele mienskip fan ’e Israeliten kaam yn ’e woestyn Syn, dy’t tusken Elim en Sinai yn leit. Dat wie op ’e fyftjinde dei fan ’e twadde moanne, nei’t se út Egypte gien wienen.
En de hiele mienskip fan ’e Israeliten prottele tsjin Mozes en Aäron yn ’e woestyn. De Israeliten seinen tsjin har: Och hie de Heare ús mar yn Egypte stjerre litten, doe’t wy by de fleispotten sieten en ús sêd ite koenen oan brea. Mar jimme hawwe ús dêr weihelle nei dizze woestyn ta om dizze hiele gemeente omkomme te litten fan ’e honger.
Doe sei de Heare tsjin Mozes: Sjoch, Ik sil brea foar har reine litte út ’e himel wei. Lit it folk der dan op útgean en dei oan dei har gerak byinoarsykje. Dan wol Ik har hifkje oft se har oan myn wet hâlde sille of net. En op ’e sechste dei moatte se klearmeitsje wat se thúsbrocht hawwe en dan sil it it dûbele wêze fan wat se troch ’en dei byinoarsykje. Mozes en Aäron seinen tsjin ’e Israeliten: Jûn sille jimme gewaar wurde dat it de Heare is, dy’t jim út Egypte gean litten hat. En moarnier, dan sille jimme de hearlikheid fan de Heare sjen, om’t Hy heard hat hoe’t jimme tsjin de Heare prottelen. Want wa binne wy, dat jimme tsjin ús prottelje? Fierders sei Mozes: As de Heare jim jûn fleis te iten jout en moarnier sêd brea, omdat Hy it geprottel tsjin Him heard hat, – wa soenen wy wêze? Net tsjin ús hawwe jimme prottele, mar tsjin de Heare.
Doe sei Mozes tsjin Aäron: Sis tsjin ’e hiele mienskip fan ’e Israeliten: Kom tichterby, foar de Heare, want Hy hat jim geprottel heard. En wylst Aäron de hiele mienskip fan ’e Israeliten taspriek, kearden se har om nei de woestyn en sjoch, de hearlikheid fan de Heare ferskynde yn in wolk.
Doe spriek de Heare tsjin Mozes en sei: Ik haw it geprottel fan ’e Israeliten heard. Sprek har ta en sis: Yn ’e skimerjûn sille jim fleis ite en yn ’e moarntiid sille jim sêd brea krije en jimme sille gewaar wurde, dat Ik, de Heare, jimme God bin. Dy jûns kamen der kwartels opsetten en dy bedieken it hiele kamp en de oare moarns lei der dauwe om it hiele kamp hinne. Doe’t de dauwe oplutsen wie, lei dêr oer de woestyn in fine, rûne kerl op ’e grûn, as ryp sa fyn. Doe’t de Israeliten dat seagen, sei de iene tsjin ’e oare: Wat is dat? Want se wisten net wat it wie. Mar Mozes sei tsjin har: Dit is no it brea, dat de Heare jim te iten jout en dit is it wat de Heare hjitten hat: Elk moat dêrfan byinoarsykje safolle as er op kin. Jimme moatte in omer de man nimme, nei it tal persoanen dat elk yn syn tinte hat.
En sa dienen de Israeliten doe. De iene socht gâns byinoar, de oare minder. As se it lykwols mei de omer ôfmeaten, hie wa’t ryklik socht hie, neat oer en wa’t in bytsje hie, dy hie net te min. Elk hie socht, safolle as er op koe. Mozes sei tsjin har: Gjinien mei der wat fan oerhâlde foar moarnier. Hja harken lykwols net nei Mozes, mar der wienen guon dy’t dêrfan oerhâlden foar de oare moarns. Mar der kamen wjirmen yn en it stonk en Mozes waard lilk op har.
Sa sochten se it alle moarnen byinoar, elk nei’t er op koe; as lykwols de sinne hjit waard, dan raande it. Op ’e sechste dei lykwols sochten se dûbel safolle brea byinoar: twa omer de man. Doe kamen alle foarmannen fan ’e mienskip by Mozes en fertelden it him.
De sabbat
Mar hy sei tsjin har: Dit is it, wat de Heare sein hat: Moarn is it in folsleine rêstdei, in hillige sabbat foar de Heare. Bak wat jim bakke wolle en sied wat jim siede wolle. En lit alles dat der oer is, oerstean en bewarje it foar moarn. Dat hja lieten it oerstean oant de oare moarns, sa’t Mozes hjitten hie en it stonk net en der sieten gjin maitsen yn. Doe sei Mozes: Dit kinne jim hjoed ite, want hjoed is it sabbat foar de Heare. Jim sille it hjoed net yn it fjild fine. Seis dagen sille jim it byinoarsykje, mar de sânde dei, dan is it sabbat. Dan sil it dêr net wêze. De sânde deis lykwols gongen guon der dochs op út om te sykjen, mar hja fûnen neat. Doe sei de Heare tsjin Mozes: Hoelang wegerje jimme noch om myn geboaden en myn wetten te hâlden? Sjoch dochs yn, dat de Heare jim de sabbat jûn hat. Dêrom jout Er jimme de sechste deis foar twa dagen brea. Lit elk bliuwe dêr’t er is. Gjinien mei op de sânde dei út syn plak komme. Sa hâlde it folk de sânde deis rêst.
Nochris it manna
It folk fan Israel neamde it Man. It wie wyt as koriandersied en it smakke nei hunichkoeken. En Mozes sei: Dit is de opdracht dy’t de Heare jout: Doch der in omer fan fol en bewarje dat foar jim neigeslachten. Dan kinne dy it brea sjen dat Ik jimme yn ’e woestyn te iten jûn ha, doe’t Ik jimme út Egypte brocht. Fierders sei Mozes tsjin Aäron: Nim in krûk en doch dêr in omerfol manna yn en set dy foar de Heare del om it te bewarjen foar jim neigeslachten. Lykas de Heare Mozes opdroegen hie, hat Aäron dy krûk foar de ferbûnsakten delset om it te bewarjen.
De Israeliten hawwe fjirtich jier lang manna iten, oant hja yn bewenne lân kamen. Hja hawwe manna iten oant se kamen oan ’e grins fan it lân Kanaän. In omer is it tsiende part fan in efa.