Peaske ynsteld
De Heare sei tsjin Mozes en Aäron yn Egypte: Dizze moanne sil foar jimme it begjin fan ’e moannen wêze. It sil foar jimme de earste moanne fan it jier wêze. Sprek de hiele gearkomste fan Israel ta en sis: Op ’e tsiende fan dizze moanne moat elk fan jimme in laam nimme neffens de famyljes, foar elke húshâlding in laam. Is in húshâlding te lyts foar in laam, dan moat er it mei syn buorman, dy’t neist oan syn hûs wennet, nimme en neffens it tal persoanen it laam ferpartsje. Jim moatte it útrekkenje nei’t elk dêr ferlet fan hat. It moat in geef laam wêze, in mantsje fan in jier âld. Jim kinne it fan ’e skiep of fan ’e geiten nimme. Jim moatte it dan fêstsette oan de fjirtjinde dei fan dizze moanne ta en dan moat de hiele mannichte fan Israels gemeente it tsjin ’e jûn slachtsje. Dan moatte se wat fan it bloed nimme en dat strike op ’e beide doarposten en op ’e boppedrompel fan ’e huzen dêr’t se it laam ite sille. Dyselde nachts noch moatte se it fleis ite, roastere yn it fjoer en mei ûnsuorre koeken. Mei bittere krûden derby moatte se it ite. Jimme meie dêr net rau fan ite en ek net yn wetter gear sean, mar roastere yn it fjoer, de kop mei de bouten deroan en it yntaast deryn. Jimme meie der neat fan oerlitte oan ’e moarntiid ta, mar wat dêrfan oerbleaun is, moatte jim opbaarne. Sa moatte jim it ite: de rime om ’e mul, de sandalen oan ’e fuotten en de stôk yn ’e hân. Hastich moatte jim it ite: it is Peaske foar de Heare. Want dy nachts sil Ik troch it lân fan Egypte gean en elke âldste soan deadlik slaan yn Egypte, fan ’e minske ôf oan it fee ta en Ik sil rjochtdei hâlde oer alle goaden fan Egypte, Ik, de Heare. Mar it bloed is foar jimme in teken oan ’e huzen, dat jimme dêr binne. As Ik it bloed sjoch, dan sil Ik jimme foarbygean. Under jimme sil gjin ferneatigjende pleach wêze, as Ik Egypte slaan sil.
Dizze dei sil foar jimme in tinkdei wêze. Jim moatte him fiere as in feest foar de Heare. Jim neigeslachten moatte him as in altydduorjend foarskrift feestlik fiere. Sân dagen moatte jim ûnsuorre koeken ite. De earste deis al moatte jimme it soerdaai út jim huzen wei dwaan, want elk dy’t fan ’e earste oant de sânde deis wat yt dat riisd is, dy persoan sil útroege wurde út Israel. De earste deis sil der in hillige gearkomste wêze en ek op ’e sânde dei moatte jimme in hillige gearkomste hâlde. Dêrop mei hielendal gjin wurk dien wurde. Allinne mar wat elk yt, dat meie jim foar jimsels klearmeitsje.
Jimme moatte it feest fan ’e ûnsuorre koeken hâlde, want dy eigenste dei sil ik jimme famyljegroepen út it lân fan Egypte liede. Jimme moatte dy dei hâlde yn jimme geslachten as in altydduorjend foarskrift.
Op ’e fjirtjinde dei fan ’e earste moanne, de jûns, moatte jimme de ûnsuorre koeken ite, oant de jûns fan ’e ienentweintichste fan dy moanne ta. Sân dagen lang mei der gjin soerdaai yn jimme huzen fûn wurde, want dy’t yt fan wat riisd is, dy persoan sil útroege wurde út ’e mienskip fan Israel, de frjemdling likegoed as dy’t yn it lân sels berne is. Jimme meie hielendal neat ite dat suorre is. Yn al jimme wenten moatte jimme ûnsuorre koeken ite. Mozes rôp alle âldsten fan Israel by him en sei tsjin har: Gean hinne en helje lytsfee foar jimme húshâlding en slachtsje it Peaske-offer. Dan moatte jimme in boskje hyzop nimme en dat yn it bloed dippe dat yn ’e skaal is. Fan it bloed yn ’e skaal moatte jimme wat oan ’e boppedrompel en de beide sydposten fan ’e doar strike. Oan ’e moarntiid ta mei dan gjinien fan jimme ta de doar fan syn hûs útkomme. De Heare sil der dan bylâns komme om de Egyptners te slaan. En as Hy dan it bloed oan ’e boppedrompel en de beide sydposten sjocht, dan sil de Heare dy doar foarbygean en de ferneatiger net yn jimme huzen komme litte om ta te slaan. Jimme moatte dizze ynsetting ûnderhâlde as in altydduorjend foarskrift foar jimme en jim bern. As jimme dan yn it lân komme, dat de Heare jim jaan sil, lykas Er sein hat, dan moatte jimme dizze earetsjinst ûnderhâlde. As dan jim bern tsjin jim sizze: Wat is dat foar in earetsjinst dy’t jim dêr hâlde? dan moatte jim sizze: Dit is in Peaske-offer foar de Heare, dy’t yn Egypte de huzen fan ’e Israeliten foarbygien is, doe’t er de Egyptners sloech, mar ús huzen sparre. – Doe knibbele it folk en hja bûgden har del. En de Israeliten gongen hinne en dienen it. Lykas de Heare Mozes en Aäron opdroegen hie, sa ha se it dien.
De tsiende pleach
It wie midden yn ’e nacht, dat de Heare alle âldste soannen yn it lân fan Egypte deadlik rekke, fan Farao syn âldste ôf, dy’t op syn troan sitte soe, oant de âldste fan ’e man dy’t yn it tichthûs siet en ek alle âldsten fan it fee. Farao gong der de nachts ôf en ek syn tsjinstfeinten en alle oare Egyptners en it waard in lûd gejammer yn Egypte, want der wie gjin hûs dêr’t net in deade wie. Yn dy nacht noch rôp er Mozes en Aäron en sei: Fuort, gean by myn folk wei, jimme sels en de Israeliten! Gean hinne, en tsjinje de Heare, lykas jim sein hawwe. Nim ek jim lytsfee en jim kij mar mei, sa’t jim sein hawwe. En as jim fuortgeane, segenje my dan ek. En de Egyptners fiteren it folk oan, om har mar sa gau mooglik it lân út te krijen, want hja seinen: Wy geane der allegearre noch oan.
Dat sadwaande naam it folk it daai mei, noch ear’t it riisd wie, de bakpannen bebûnen se yn ’e mantels en leinen dy oer it skouder. En de Israeliten dienen sa’t Mozes sein hie: hja fregen fan ’e Egyptners sulverguod, goudguod en klean. De Heare makke, dat de Egyptners it folk tagedien wienen, dat hja joegen har wêr’t se mar om fregen. En sa beroven se de Egyptners.
De úttocht
Doe trieken de Israeliten fan Raämses nei Sûkkot, sa’n 600.000 man te foet; allinne de manlju, de bern net meirekkene. Ek frij wat oar soarte folk triek mei har op, en ek it lytsfee en de kij, in machtigen heap fee. Hja bakten fan it daai dat se út Egypte meinommen hienen, ûnsuorre rûne koeken, mei’t dat noch net riisd wie. Hja wienen ommers Egypte útdreaun, dat tiid om iten klear te meitsjen hienen se net hân.
De tiid dy’t de Israeliten yn Egypte ferkeard ha, hat fjouwerhûnderttritich jier west. It wie op ’e ein fan dy fjouwerhûndertentritich jier, dy eigenste deis, dat alle legers fan de Heare út Egypte trieken. Dat wie de nacht, dat de Heare wacht hâlde om har út Egypte te lieden, en dat is dy nacht, dat alle Israeliten, de geslachten troch, wacht hâlde sille foar de Heare.
Neiere foarskriften foar Peaske
De Heare sei tsjin Mozes en Aäron: Dit is it foarskrift foar Peaske: Gjin frjemd mei dêrfan ite. En elke slaaf, dy’t foar jild kocht is, mei der earst fan ite, neidatst him besnien hast. In gastboarger en in deihierarbeider meie der net fan ite. Yn ien-en-itselde hûs moat it iten wurde. Fan it fleis mei neat út ’e hûs brocht wurde nei bûten ta en jim meie der gjin bonke fan brekke. De hiele mienskip fan Israel moat it hâlde.
As der in frjemdling by dy tahâldt en hy wol it Peaske foar de Heare hâlde, besnij dan allegearre dy’t man binne en by him hearre, en dan mei hy komme en it hâlde. Dan sil er wêze as in lânsman, mar gjinien ûnbesniene sil der fan ite. Ien-en-deselde wet sil jilde foar de lânsman en foar de frjemdling dy’t ûnder jim tahâldt. Alle Israeliten dienen it. Sa’t de Heare it Mozes en Aäron opdroegen hie, sa ha se it dien. It wie dy eigenste deis, dat de Heare de Israeliten yn har famyljegroepen út Egypte late.