De kening komt foar de Joaden op
1Deselde deis joech kening Ahasfearos oan keninginne Ester it hûs fan Haman, de Joadeferfolger, wylst Mordekai tagong krige by de kening, want Ester hie fernijd, wat famylje hy fan har wie. 2En de kening luts de segelring ôf, dy’t er Haman ôfkrije litten hie, en joech him Mordekai. En Ester stelde Mordekai oan as behearder oer Haman syn hûs. 3Ester prate nochris mei de kening. Se liet har flak foar syn fuotten delfalle en skriemde en smeke fan him de geunst, dat er it gemiene plan te neate meitsje woe, dat Haman de Agagyt tsjin de Joaden betocht hie. 4De kening stiek Ester de gouden skepter ta en Ester kaam oerein lyk foar de kening. 5Sy sei: As it de kening goed taliket en as jo my tagedien binne, as de saak foar de kening oannimlik is en as ik in goede yndruk op him meitsje, lit dan in skriuwen útgean, dat de brieven mei it plan fan Haman, de soan fan Hammedata, de Agagyt, dy’t hy skreaun hat om de Joaden yn alle provinsjes fan de kening út te roegjen, ynlutsen wurde. 6Want hoe soe ik der oerhinne komme, as ik it ûnheil oansjen moast, dat myn folk treffe sil, en hoe soe ik der oerhinne komme, as ik de ûndergong fan myn skaai oansjen moast?
7Doe sei kening Ahasfearos tsjin keninginne Ester en tsjin Mordekai, de Joad: Sjoch, Haman syn hûs haw ik Ester jûn en se hawwe himsels op ’e peal spytst, om’t er syn hân oan de Joaden slaan woe. 8Jimsels meie yn it belang fan ’e Joaden út de kening syn namme skriuwe wat jim goed tinkt en it mei de kening syn segelring besegelje. Want in stik, dat út namme fan ’e kening skreaun is en mei de kening syn segelring besegele, dat kin net ynlutsen wurde.
9Doe waarden fuortdaliks de skriuwers fan ’e kening roppen, de trijeëntweintichste fan ’e tredde, de moanne Sivan, en neffens al wat Mordekai hjitte yn ’t belang fan ’e Joaden, sa waard der skreaun oan de steedhâlders, de lânfâden en foarsten fan ’e provinsjes, fan India ôf oant Etiopië ta, hûndert sânentweintich provinsjes, oan elke provinsje yn syn eigen skrift en oan elk folk yn syn eigen taal, ek oan de Joaden yn har eigen skrift en yn har eigen taal. 10Hy skreau út namme fan kening Ahasfearos en besegele it mei de kening syn segelring en ferstjoerde de brieven mei boaden op prinselike hynders, oanset yn ’e keninklike fokkerijen. 11Dêryn joech de kening oan de Joaden yn alle stêden it frij om har te organisearjen ta ferdigening fan har libben, en om de bewapene macht fan folk en provinsje, as dy har bedrige, te ferdylgjen, te deadzjen en út te roegjen mei froulju en bern, en om har besit bút te meitsjen, 12op ien-en-deselde dei yn alle provinsjes fan kening Ahasfearos, op ’e trettjinde fan ’e tolfte, de moanne Adar. 13In ôfskrift fan dat skriuwen, dat as wet yn alle provinsjes útfurdige wurde moast, hearde oan alle folken bekend makke te wurden en de Joaden moasten foar dy dei ree wêze om har op har fijannen te wreken. 14De boaden op prinselike hynders setten mei sân hasten útein op it befel fan ’e kening. En de wet waard útfurdige yn ’e stins fan Sûsan.
15En Mordekai kaam by de kening wei yn in keninklik kleed, pearspoarper mei wyt linnen, in grutte gouden tulbân op en in mantel oan fan fyn linnen mei readpoarper. En de stêd Sûsan jubele fan blidens. 16De Joaden mocht ommers ljocht en blydskip, freugde en eare barre. 17En yn alle provinsjes en stêden, dêr’t it wurd en de wet fan ’e kening bekend waarden, wie der by de Joaden blydskip en freugde, feestmiel en feestdei. En hiel wat minsken út de folken fan it lân waarden Joad, want se hienen foargoed respekt foar de Joaden krige.