Ester 7
Ester fertelt de oanslach
1Doe’t no de kening en Haman by keninginne Ester kommen wienen om it gastmiel te hâlden, 2sei de kening ek op dizze twadde dei by it wyndrinken tsjin Ester: Wat is dyn fraach, keninginne Ester? Dêr sil oan foldien wurde. En wat is dyn winsk? Al wie it de helte fan it keninkryk – it sil dy tastien wurde. 3Keninginne Ester antwurde: As jo, o kening, my tagedien binne en as it de kening goed taliket, dan moast my myn libben en dat fan myn folk jûn wurde op myn fraach en myn winsk. 4Want wy binne ferkocht, ik en myn folk, om ferdylge, deade en útroege te wurden. Wienen wy noch as slaven en slavinnen ferkocht, ik hie my stil hâlden. Dat leed hie net slimmernôch west om de kening mei lestich te fallen. 5Doe spriek kening Ahasfearos; hy sei tsjin keninginne Ester: Wa is hy en wêr is hy, dy’t it yn syn holle helle hat om soks te dwaan? 6Ester sei doe: Dy ferfolger en fijân is dizze smjunt fan in Haman dêre! Doe kromp Haman yninoar fan ’e skrik foar de kening en de keninginne. 7Lilk gong de kening oerein fan ’e tafel en rûn nei de paleistún, mar Haman gong by keninginne Ester stean om foar syn libben te pleitsjen, want hy seach wol, dat fan ’e kening syn kant foar him de mjitte fan ûnheil fol wie.
8Doe’t de kening út de paleistún yn ’e drinkensseal werom kaam, hie Haman him delfalle litten by it rêstbêd, dêr’t Ester op lei. De kening sei: Ek noch de keninginne yn it paleis tenei komme, dêr’t ik by stean? It wurd wie de kening noch mar amper ta de mûle út, of se bewuollen Haman syn gesicht. 9En Charbona, ien fan de hovelingen, dy’t by de kening tsjinst die, sei: Sjoch de peal, dy’t Haman ree hie foar Mordekai, de man dy’t yn it belang fan ’e kening sprutsen hat, stiet ommers al by Haman syn hûs, fyftich jellen heech. Doe sei de kening: Spyts him derop. 10En se spytsten Haman op ’e peal dy’t er foar Mordekai oerein set hie. Doe bedarre de grime fan ’e kening.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap