Ester 6
De rollen omkeard
1Doe’t de kening dy nachts de sliep bjuster wie, liet er it protokol-boek, de kroniken, helje en dêr waard de kening út foarlêzen. 2Dêr wie beskreaun, dat Mordekai klearrichheid brocht hie yn ’e saak fan Bigtan en Teares, twa hovelingen fan ’e kening, dy’t by de poartewacht hearden, dat se besocht hienen hannen oan kening Ahasfearos te slaan. 3Dêr sei de kening op: Hokfoar eare en ûnderskieding is Mordekai dêrfoar oandien? De hovelingen fan ’e kening, dy’t tsjinst hienen, antwurden: Der is neat foar him dien. 4Doe sei de kening: Wa is dêr yn it hôf? No wie Haman krekt yn it bûtenhôf fan it paleis kommen om de kening oan te praten dat er Mordekai op ’e peal spytse litte soe, dy’t er foar him oereinset hie. 5De hovelingen fan ’e kening seinen tsjin him: Sjoch, Haman stiet hjir yn it hôf. Doe sei de kening: Lit him deryn komme.
6Haman kaam deryn. En de kening sei tsjin him: Wat sil men de man dwaan, oan wa’t de kening earbewiis jaan wol? Haman tocht by himsels: Oan wa soe de kening mear eare bewize wolle as oan my? 7Dêrom sei Haman tsjin ’e kening: De man, oan wa’t de kening earbewiis jaan wol – 8wel, der moat in keninklike mantel komme, dy’t de kening sels oan hân hat, en in hynder, dêr’t de kening sels op riden hat, mei in keninklike sierkroan op ’e kop, 9en dan moat ien fan ’e kening syn heechste foarsten dy mantel en dat hynder krije en de man wa’t de kening earbewiis jaan wol, moat er dan dy mantel omhingje en op dat hynder ride litte oer it stêdsplein en se moatte foar him útroppe: Sa giet it mei de man, oan wa’t de kening earbewiis jaan wol. 10Doe sei de kening tsjin Haman: Nim gau dy mantel en dat hynder, sasto sein hast en doch sa mei de Joad Mordekai, dy’t yn ’e poarte fan ’e kening sit. Fersomje neat fan alles datsto sein hast. 11Doe naam Haman dy mantel en dat hynder, klaaide Mordekai der mei, liet him oer it stedsplein ride en rôp foar him út: Sa giet it mei de man, oan wa’t de kening earbewiis jaan wol.
12Dêrnei gong Mordekai werom nei de poarte fan ’e kening, mar Haman makke dat er thús kaam, ferslein en de holle bewuolle. 13En Haman ferhelle syn frou Seares en al syn freonen wat him oerkommen wie. Doe seinen syn wizen en syn frou Seares: As Mordekai, oer wa’sto begûn bist te stroffeljen, fan Joadsk komôf is, dan silsto him net baas bliuwe, mar alhiel foar him komme te fallen. 14Hja wienen noch mei him yn petear, dêr kamen de hovelingen fan ’e kening oan en brochten Haman mei sân hasten nei it gastmiel dat Ester set hie.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap