Skriuwer, lêzers, groetenis
1Fan Paulus, in apostel fan Kristus Jezus troch de wil fan God, oan Gods folk [yn Efeze], oan har dy’t yn Kristus Jezus leauwe.
2Genede en frede mei jimme jûn wurde fan God ús Heit en de Hear Jezus Kristus.
Geastlike segeningen yn Kristus
3Heech te priizjen is de God en Heit fan ús Hear Jezus Kristus, dy’t ús yn Kristus segene hat mei alle mooglike geastlike segen yn ’e himelske kontreien. 4Yn Him ommers hat Er ús útkeazen ear’t Er de wrâld grûndearre, mei de bedoeling dat wy hillich en sûnder lek of brek wêze soenen yn syn each. 5Yn syn leafde hat Er ús troch Jezus Kristus ornearre om syn bern te wurden – sa woe Er dwaan yn syn wolbehagen – 6ta eare fan syn hearlike genede. Want it is genede dy’t Er ús jûn hat yn syn leave Soan.
7Yn Him hawwe wy de ferlossing troch syn bloed, de ferjouwing fan ús sûnden. Sa ryk is Gods genede, 8dy’t Er ús yn oerfloed jûn hat, mei alle wysheid en begryp. 9Hy hat ús ommers it geheim fan syn wil te witten dien, it plan dêr’t Er yn syn wolbehagen yn Kristus ta besletten hie. 10Hy woe dat útfiere as de tiid der ryp foar wêze soe. Dat plan wie dit: Om alle dingen, al wat yn ’e himel en op ’e ierde is, fannijs gear te foegjen yn en ûnder Kristus 11Yn Kristus binne wy ek Gods eigen folk wurden. Wy wienen al yn ’t foar dêrta ornearre, neffens it plan fan God, dy’t alles docht neffens syn beslút en wil. 12Wy dy’t yn ’t foar ús hope al op Kristus set hienen, soenen sa syn hearlikheid priizje.
13Yn Him binne ek jimme opnommen, nei’t jimme de wiere tiding, it bliid boadskip oer jimme behâld, heard hawwe. Yn Him binne jimme ek fersegele, nei’t jimme ta it leauwen kommen wienen, troch de hillige Geast dy’t Hy tasein hie. 14Dy Geast is de garânsje fan wat wy krije sille. Sa ferlost God syn eigen folk, dat wy syn hearlikheid priizje meie.
Paulus’ gebed
15No haw ik heard fan jimme leauwen yn de Heare Jezus en jimme leafde foar Gods hiele folk. 16Dêrom hâld ik net op om tank te bringen foar jimme. Ik tink aloan oan jimme yn myn gebeden 17en freegje dat de God fan ús Hear Jezus Kristus, de Heit fol fan hearlikheid, jimme de Geast jaan mei, dy’t jimme wysheid skinkt en iepenbiering fan God. Sa sille jimme Him kennen leare.
18Mei Hy jimme de eagen sa ferljochtsje, dat jimme oan ’e weet komme wat de hope is dêr’t Hy jimme ta roppen hat, hoe ûnwittend ryk de hearlikheid is, dy’t Hy jout as erfdiel mids de hilligen, 19en hoe boppe alles grut syn macht is, dy’t wurket yn ús dy’t leauwe. Dy macht strykt mei de sterke krêft 20dêr’t Er yn Kristus mei wurke hat, doe’t Er Him opwekke út ’e deaden en Him sit joech oan syn rjochterhân yn ’e himelske kontreien 21heech boppe alle bewâld, foech, macht en hearskippij. Hy hat de allerheechste titel, net allinne yn dizze, mar ek yn ’e kommende wrâld. 22God hat Him alles ûnder ’e fuotten lein en Him oan ’e tsjerke jûn as haad oer alles. 23Dy tsjerke is it lichem fan Kristus, dat fol wurdt fan Him dy’t yn alle opsichten it hielal hielendal ynnimt.