De dea en it lot meitsje gjin ûnderskie
1Dit haw ik dan allegearre goed yn my opnommen
en ik bin alles bylâns gien:
Wizen en dwazen binne by alles wat se dogge yn Gods macht.
Leafde of haat, gjin minske wit, wat allegearre foar him weilein is.
2Alles is foar elk gelyk;
itselde lot treft de rjochtfeardige en de sûnder,
de goede, de reine en de ûnreine,
dy’t offers bringt en dy’t gjin offers bringt,
de goede likegoed as de ferkearde,
dy’t maklik in eed swart en dy’t him derfoar te wacht nimt.
3Dit is it slimste by al wat der ûnder de sinne bart,
dat itselde lot elkenien treft.
Dêrom is it hert fan ’e minsken fol kwea
en se hawwe har libben lang dwaasheid yn it hert;
en dan stjerre se.
4Salang’t immen noch by de libbenen heart,
is der teminsten noch hope,
want in libbene hûn is better as in deade liuw.
5De libbenen witte ommers dat se stjerre moatte,
mar de deaden witte alhiel neat;
se hawwe neat mear te ferwachtsjen
en sels it oantinken oan har rekket yn it ferjit.
6Ek har leafde, har haat en har oergeunst binne lang foarby,
en se hawwe part noch diel mear oan alles
dat der ûnder de sinne bart.
7No dan, yt dyn brea mei wille
en drink dyn wyn mei in fleurich sin,
want watsto dochst, hat God allang sa wollen.
8Lit dyn klean altyd wyt wêze,
lit der noait oalje op dyn holle ûntbrekke.
9Genietsje fan it libben mei de frou dysto leafhast
alle dagen fan dyn neatich libben,
dat God dy ûnder de sinne jout.
Want dat mei dy yn it libben barre
by al dyn skreppen en skuorren ûnder de sinne.
10Doch wat dyn hân fynt en al watsto dwaan kinst,
want yn it deaderyk, dêrsto hinne giest,
is gjin wurk en gjin oerlis, gjin kundigens of wysheid mear.
11En noch in ding seach ik ûnder de sinne:
de priis is net foar de fluchste rinders,
de oerwinning net foar de dapperste striders,
it brea is net foar de wiisten,
de rykdom net foar de kundichsten,
de geunst net foar de handichsten,
want tiid en tafal treft har allegearre.
12De minske wit syn tiid likemin
as de fisk dy’t yn ’e ferriederlike fûke fongen wurdt
en de fûgels dy’t yn it net beflapt wurde.
Krektlyk reitsje de minsken betize yn it ûnheil,
dat ûnferhoeds oer har hinne falt.
De macht fan it lytse
13Ek dit seach ik as wysheid ûnder de sinne,
it woech by my tige swier:
14Der wie in lyts stedsje mei in bytsje ynwenners
en in grut kening teach der tsjin op;
hy besingele it en lei der grutte skânzen omhinne.
15Der wie yn ’e stêd in earme mar wize man,
dy’t de stêd rêde kinnen hie troch syn wysheid,
mar gjin minske tocht om dy earme man.
16Doe tocht ik: Al is wysheid better as macht,
de wysheid fan dy earme wie gjin tel en nei syn wurden waard net harke.
17De wurden fan wizen, dêr’t stil nei harke wurdt,
binne better as it geskreau fan in hearsker tusken dwazen.
18Wysheid is mear as wapenreau,
mar ien misslach bedjert hiel wat goeds.