It grutte gebod fan ’e leafde
1Dit binne de geboaden, de foarskriften en rjochtsregels, dy’t de Heare opdroegen hat jimme te learen. Jimme moatte dêrnei dwaan yn it lân dêr’t jimme nei oerstekke om it yn besit te nimmen, 2datsto mei dyn bern en bernsbern dyn hiele libben lang ûntsach hawwe silst foar de Heare dyn God mei dy oan syn foarskriften en geboaden, dy’t ik dy opdraach, te hâlden, datst lang libje meist. 3Harkje dus, Israel en tink derom, datst dat dochst. Dan sil it dy yn in lân dat oerrint fan molke en hunich goed gean en do silst tige oanwinne, sa’t de Heare, de God fan dyn foarfaars dy sein hat.
4Harkje, Israel, de Heare is ús God, de Heare allinne. 5Dat do moatst de Heare dyn God leafhawwe mei dyn hiele hert en mei dyn hiele siele en mei al dyn macht. 6En dizze wurden dy’t ik dy hjoed gebied moatst dy goed ynprintsje. 7Do moatst se dyn bern ynskerpje en der oer prate, wannearst yn ’e hûs sitst en ast op ’en paad bist, ast op bêd giest en ast derôf komst. 8Do moatst se as in teken bine op dyn hân en as in bân om dyn foarholle. 9Do moatst se skriuwe op de doarposten fan dyn hûs en op dyn stedspoarten.
10As de Heare dyn God dy dan brocht hat yn it lân dêr’t Hy dyn foarfaars Abraham, Izaäk en Jakob fan sward hat, dat Er it dy jaan soe, grutte en goede stêden, dysto net boud hast, 11en huzen fol mei allegearre treflike dingen, dysto net foltreaun hast, úthakke reinwetterbakken, dysto net úthakke hast, wyngerds en olivehôven dysto net plante hast, en ast dan iten hast en sêd wurden bist, 12tink der dan om, datst de Heare dy’t dy út Egypte weihelle hat, út it slavehûs, net ferlitste. 13Do moatst ûntsach hawwe foar de Heare dyn God, Him tsjinje, en by syn namme swarre. 14Jimme meie gjin oare goaden achterneirinne, út de goaden fan ’e folken om jim hinne, 15want de Heare dyn God, dy’t yn dyn fermidden is, is in oergeunstich God. En de Heare soe tige lilk op dy wurde kinne en dy útroegje fan ’e ierdboaiem.
16Jimme moatte net besykje hoefier’t jim gean kinne mei de Heare jim God, lykas jim Him hifke ha yn Massa. 17Jimme moatte de geboaden fan de Heare jimme God en de oarderingen en de foarskriften, dy’t Hy hjitten hat, tige krekt hâlde. 18Do moatst dwaan wat de Heare rjocht en goed achtet, dat it dy goed gean mei, asto yn dat goede lân kommen bist dat de Heare dyn foarfaars mei in eed tasein hat, en dat yn besit nommen hast, 19wylsto al dyn fijannen foar dy út jagest, lykas de Heare sprutsen hat.
20As dyn soan dy dan letter freget: Hoe sit dat mei dy oarderingen, foarskriften en rjochtsregels dy’t de Heare ús God jimme hjitten hat? 21Dan moatsto tsjin dyn soan sizze: Wy wienen slaven fan ’e Farao yn Egypte en doe hat de Heare ús út Egypte fierd mei in sterke hân. 22De Heare hat doe Egypte en de Farao mei syn hiele hof foar ús eigen eagen rekke mei grutte en ferskriklike tekens en wûnders. 23Us lykwols hat Hy dêrwei fierd, dat Er ús hjir bringe mocht en jou ús it lân dat Er ús foarfaars mei in eed tasein hie. 24Sadwaande hat de Heare ús hjitten ús oan al dizze foarskriften te hâlden en foar altyd ûntsach te hawwen foar de Heare ús God, ta ús eigen bêst. Dan sil Hy ús by it libben behâlde, lykas it hjoed-de-dei is. 25En wy sille op it goede paad wêze, as wy derom tinke en doch al dy geboaden foar de eagen fan de Heare ús God, lykas Hy ús opdroegen hat.