Ynlieding op de segen fan Mozes
1Dit is de segen, dy’t Mozes, de Godsman, de Israeliten flak foar syn dea meijoech. Hy sei:
2De Heare is fan ’e Sinai kommen,
Hy is oer har opgien út Seïr wei.
Ljochtsjend ferskynde Er út it berchlân fan Paran,
Hy kaam fan Ribebot-Kodesj,
oan syn rjochterhân hienen hja Esjdat.
3Ja, Hy dy’t ús stammen leafhat, –
al syn hilligen binne yn syn hân,
hja lizze har del oan syn fuotten
en geane oerein op syn wurden.
4Mozes hat ús de wet hjitten,
it erfskip fan Jakobs gemeente.
5Hy is kening wurden oer Jesjûrûn
doe’t de foarmannen fan it folk byinoarkamen,
Israels stammen mei-inoar.
De segen oer de stammen
6Mei Rûben libje en net stjerre,
al binne syn mannen ek te tellen.
7Dit sei er fan Juda:
Harkje, o Heare, nei de stim fan Juda,
en bring him nei syn folk;
wês in strider foar him oan syn beide siden
en in help tsjin syn tsjinstanners.
8Fan Levy hat er sein:
Jo Tûmmim en jo Oerim
binne fan ’e man dy’t jo geunstling is,
dy’t Jo hifke ha by Massa,
dêr’t Jo mei striden hawwe by de wetters fan Meriba,
9dy’t fan syn heit en mem seit:
Ik sjoch net nei har om;
syn bruorren ken er net
en syn bern wol er neat fan witte,
mar jo wurden binne se neikommen
en jo ferbûn hawwe se har oan hâlden.
10Hja ûnderwize jo rjochtsregels oan Jakob
en jo wet oan Israel.
Wijreek lizze se Jo yn ’e noas
en brânoffers op jo alter.
11Segenje, O Heare, syn krêft,
begeunstigje, wat hy ûndernimt.
Slach syn tsjinstanners de ribben stikken,
dat dy’t him haatsje net wer oereinkomme.
12Fan Benjamin hat er sein:
De beminde fan de Heare wennet feilich by Him,
al den dei beskermet Er him,
en tusken syn hichten wennet Er.
13Fan Joazef hat er sein:
Troch de Heare is syn lân segene
mei it kostlike fan ’e himel, mei dauwe
en mei de wetterieren dy’t yn ’e djipte binne,
14mei de kostlike frucht fan ’e sinne
en it kostlik gewaaks fan moanne nei moanne,
15mei it bêste fan ’e oerâlde bergen
en it kostlikste fan ’e ivige heuvels,
16mei it kostlikste fan ’e ierde en al wat derop is,
en de geunst fan Him dy’t yn ’e toarnbosk wennet.
Mocht it dochs komme op Joazef syn holle,
op ’e hollekrún fan ’e wijde mids syn bruorren.
17Syn âldste bolle is syn gloarje,
en dy syn hoarnen binne as hoarnen fan in wâldokse.
Dêrmei sil hy folken delstjitte,
ierdryks einen mei-inoar.
Dit binne de tsientûzenen fan Efraïm
en dat de tûzenen fan Manasse.
18Fan Sebûlon hat er sein:
Wês bliid, Sebûlon, ast derop útgiest
en do Issaskar, ast yn dyn tinten bist.
19Sibben noegje se nei de berch;
dêr offerje hja offers fan woltier.
Want oerfloed sûge se út ’e see
en ferburgen rykdom út it sân.
20Fan Gad hat er sein:
Segene is Hy, dy’t Gad romte makke hat!
As in liuwinne leit er him del
en ferskuort in earm, ja sels in harsenpanne.
21Hy soarget dat er it earst oan bod komt,
want dêr wie it oandiel fan ’e fereare lieder.
Hy kaam by de foarmannen fan it folk.
It rjocht fan de Heare fierde er út,
syn rjochtsregels foar Israel.
22Fan Dan hat er sein:
Dan is in jonge liuw
dy’t út Bazan nei foaren springt.
23Fan Naftaly hat er sein:
Naftaly is sêd fan geunsten
en fol fan de segen fan de Heare.
Lit him it westen en it suden yn besit nimme.
24Fan Azer hat er sein:
Segene boppe de oare soannen is Azer.
Mocht er de leavling fan syn bruorren wêze
en syn foet dope yn oalje.
25Fan izer en koper meie dyn skoattels wêze
en meist sterk wêze, salang ast libbest.
Ein fan Mozes syn segen
26Gjinien is as God, o Jesjûrûn,
Hy rydt de himel lâns, dy ta in help,
en yn syn majesteit oer de wolken.
27In taflecht is God fan âlds,
ivich hied Er hjirûnder de earmen iepen.
De fijân jage Er foar dy út
en sei: Slach him del!
28Sa kaam Israel feilich te wenjen
en lei Jakobs boarne der rêstich hinne,
yn in lân fan nôt en druvesop,
derby dript de loft fan dauwe.
29Ynlokkich bisto, o Israel! Wa kin dij belykje?
In folk, ferlost troch de Heare,
dy’t in skyld is om dij te helpen
en in swurd om dij heech te setten.
Dyn fijannen sille har oan dy ûnderwerpe
en do silst op har hichten omwâdzje.