Oer skieden en wer trouwen
1As in man in frou nommen hat, hy is mei har troud en dan jout er neat mear om har, omdat hy wat skandliks oan har fûn hat, en hy hat har in skiedelbrief skreaun en har dy oerjûn en hy stjoert har dan syn hûs út, 2as hja syn hûs dan ferlitten hat en fuortgien is en in oare man sines wurdt, 3en as dan dy oare man ek in hekel oan har kriget, har ek in skiedelbrief skriuwt, har dy oerjout en har syn hûs útstjoerd hat, of dy oare man, dy’t har ta frou nommen hat, stjert, 4dan kin har earste man, dy’t har fuortstjoerd hat, har net weromnimme, om syn frou te wurden, neidat hja ûntreinige is, want soks hat de Heare in ôfgriis fan. Bring gjin sûnde oer it lân dat de Heare dyn God dy yn erfbesit jout.
Foarskriften fan sosjale strekking
5As in man krekt troud is, dan hoecht er der net mei it leger op út en dan mei him gjin inkelde ferplichting oplein wurde. In jier lang moat er frij wêze, dat er thúsbliuwe kin om de frou dy’t er troud hat, bliid te meitsjen.
6Gjinien mei in hânmûne, noch in boppeste mûnestien ta ûnderpân nimme want dêrmei soed er it libben sels ta ûnderpân nimme. 7As ien derop betrape wurdt dat er in minske, ien fan syn lânslju, de Israeliten, stelt, him as slaaf behannelet en him ferkeapet, dan moat dy dief stjerre. Sa silst it kwea út dyn fermidden útroegje.
8Do moatst derom tinke yn gefal fan in pleach fan melaatskens alles dat de Levityske prysters jimme leare sille, tige krekt yn acht te nimmen en nei te kommen. Sa’t ik it har opdroegen ha, sa moatte jimme it yn acht nimme en neikomme. 9Betink wat de Heare dyn God dien hat oan Mirjam doe’t jimme ûnderweis wienen nei jim úttocht út Egypte.
10Asto dyn neiste it ien of oar liend hast, dan meist net by him yn ’e hûs gean om in ûnderpân fan him te nimmen. 11Do moatst bûtendoar stean bliuwe en de man oan wa’st liend hast, moat it bûten nei dy ta bringe. 12En as dy man earm is, dan meist dy net mei syn ûnderpân deljaan. 13Do moatst him it ûnderpân beslist werombringe ear’t de sinne ûndergiet. Dan kin er him yn syn eigen mantel deljaan en dij segenje en dan sil de Heare dyn God it dij as in goed wurk oanrekkenje.
14In earm en behoeftich arbeider, in lânsman of in frjemdling dy’t yn dyn lân, yn dyn stêden tahâldt, meist net ferhûddûkje. 15Elke dei moatst him syn lean jaan, ear’t de sinne ûndergiet, want hy sjocht dêr nei út. Oars soe er de Heare oer dy oanroppe kinne en dan soesto skuld op dy lade.
16De heit mei net deade wurde om syn bern en bern meie net deade wurde omde heit. Elk moat om syn eigen sûnde deade wurde.
Oantrún ta barmhertichheid
17Do meist it rjocht fan frjemdling of wees net ferdraaie. Klean fan in widdo meist net ta ûnderpân nimme. 18Betink datst slaaf west hast yn Egypte en dat de Heare dyn God dy dêrút ferlost hat. Dêrom hjit ik dy dêrneffens te dwaan.
19Asto de rispinge fan dyn lân hellest en do hast in skeaf op it lân fergetten, dan meist net weromgean om dy op te heljen. Dy komt de frjemdling, de wees of de widdo ta. Dan sil de Heare dyn God dy segenje yn alles datst ûndernimst. 20Ast dyn oliven ôfslachst, dan meist de tûken net nochris wer neigean. Dy komme de frjemdling, de wees en de widdo ta. 21Asto de druven fan dyn druvehôf ôfsnijst, dan meist dêr net nochris trochgean. Dat komt de frjemdling, de wees en de widdo ta. 22Betink datst slaaf west hast yn Egypte. Dêrom hjit Ik dy dêrneffens te dwaan.