Moard troch in ûnbekende
As der op ’e grûn dy’t de Heare dyn God dy yn besit jout yn it iepen fjild ien fûn wurdt, dy’t fermoarde is, en it is net bekend, wa’t him deade hat, dan moatte dyn âldsten en rjochters hinnegean en mjit de ôfstân ta de stêden dy’t om de fermoarde hinnelizze. En de stêd dy’t it tichtste by de fermoarde leit, fan dy stêd moatte de âldsten in hokkeling nimme, dêr’t noch gjin wurk mei dien is en dat net ûnder it jûk lutsen hat. Dan moatte de âldsten fan dy stêd it hokkeling nei in delling mei rinnend wetter bringe, dêr’t neat oan dien wurdt en dêr’t net yn siedde wurdt. Dêr yn dy delling moatte hja it hokkeling de nekke brekke. Dan moatte de Levityske prysters dêrby komme, want har hat de Heare dyn God útkeazen om Him te tsjinjen en om yn ’e namme fan de Heare te segenjen; hja moatte útspraak dwaan oer alle skelen en oer elk gefal fan ferwûning. En alle âldsten fan dy stêd, dy’t it tichtste by de fermoarde leit, moatte har de hannen waskje boppe it hokkeling, dat de nekke brutsen is yn ’e delling. Dan moatte hja plechtich ferklearje: Us hannen hawwe dit bloed net fergetten en ús eagen hawwe it net sjoen. Doch fersoening foar jo folk Israel, dat Jo ferlost hawwe, o Heare en lis gjin ûnskuldich bloed yn it fermidden fan jo folk Israel. Dan sil de bloedskuld foar har fersoend wêze. En sa moatst it ûnskuldich fergetten bloed út dyn fermidden weinimme, want dan dochst wat de Heare rjocht achtet.
De kriichsgefangen frou
Asto úttein bist ta de striid tsjin dyn fijannen, en de Heare dyn God hat se dy yn ’e macht jûn, do hast kriichsgefangenen makke, en do sjochst ûnder de gefangenen in frou, sa kreas fan uterlik datst sin oan har krigest, dan meist har ta frou nimme. Do moatst har dan yn dyn hûs bringe en dan moat se har it hier fan ’e holle skeare en de neilen knippe. De klean dêr’t hja yn meifierd is, moat se útdwaan. Dan moat se yn dyn hûs bliuwe en in moanne lang skrieme kinne om har heit en mem. Dan pas meist ta har komme en mei har trouwe, dat hja dyn frou wurdt. Mocht hja dy net mear befalle, dan moatst har gean litte dêr’t hja sels hinne wol. Yn gjin gefal meist har foar jild ferkeapje of har min behannelje, want do hast omgong mei har hân.
It rjocht fan ’e âldste
As in man twa froulju hat, de iene hâldt er fan en de oare is der oer en hja jouwe him bern, sawol dy dêr’t er fan hâldt, as dy’t der oer is en de âldste soan is fan har dy’t der oer is, dan sil hy de deis dat er syn soannen syn besit tamakket, it rjocht fan ’e âldste net jaan kinne oan ’e soan fan ’e frou dêr’t er fan hâldt ta skea fan ’e âldste, de soan fan har dy’t der oer is. Hy moat de soan fan ’e frou dy’t der oer is, as âldste erkenne. Dêrom moat er him in dûbeld diel jaan fan alles wat der by him te finen is, want it bliuwt de earste fan syn manlike krêft. It rjocht fan ’e âldste komt him ta.
De soan dy’t net om lyk wol
As immen in soan hat, dy’t opstannich is en it yn ’e kant set, hy harket net nei wat syn heit en mem sizze en hoewol’t hja him straffe, wol er noch net nei har harkje, dan moatte syn heit en mem him beetpakke en him nei de âldsten fan syn stêd bringe, nei de poarte fan syn wenplak. Dan moatte hja tsjin de âldsten fan syn stêd sizze: Dizze soan fan ús is opstannich en set it yn ’e kant. Hy wol net harkje nei wat wy sizze. In trochdraaier is it en in sûper. Dan moatte alle manlju fan syn stêd him mei stiennen smite oant er it bestjert. Sa silst it kwea útdylgje út dyn fermidden en hiele Israel sil it hearre en bang wurde.
Begraffenis nei deastraf
As ien him skuldich makke hat oan in sûnde dêr’t de deastraf op stiet en hy wurdt deade en do hingest him oan in peal, dan mei syn lyk de nacht net oer oan ’e peal hingjen bliuwe. Do moatst him perfoarst deselde deis noch begrave, want ien dy’t ophongen is, is troch God ferflokt. Untreinigje dyn grûn dan net, dy’t de Heare dyn God dy as erfdiel jout.