De frijstêden
1As de Heare dyn God de folken, dêr’t de Heare dyn God dy it lân fan jout, útroege hat en do dat yn besit nommen hast en do wennest yn har stêden en yn har huzen, 2dan moatst trije stêden ôfsûnderje midden yn it lân dat de Heare dyn God dy yn besit jout. 3Do moatst de ôfstân fêststelle en it gebiet fan dyn lân, dat de Heare dyn God dy yn besit jout, yn trijen diele. Elk dy’t ien deaslein hat, kin dêr dan hinne flechtsje. 4Sa sil it gean mei in deaslagger dy’t dêrhinne flechtet om yn libben te bliuwen, as hy syn neiste sûnder opsetsin deaslein hat, wylst er fan tefoaren gjin hekel oan him hie: 5As hy bygelyks mei syn neiste de bosk yngien is om hout te kapjen en hy soe syn hân mei de bile úthelje om de beam te slaan en it izer fljocht fan ’e stâle en treft syn neiste sa, dat dy it bestjert, dan kin hy syn libben derôf rêde mei nei ien fan dy stêden te flechtsjen. 6Oars soe de bloedwreker him yn ’e hjitte hei achternei sitte kinne en him ynhelje, omdat de ôfstân sa grut is. Dy soe him dan it libben benimme kinne, alhoewol’t hy de dea net fertsjinne hat, omdat er foar dy tiid gjin hekel oan him hie. 7Dêrom hjit ik dy: Trije stêden moatsto ôfsûnderje.
8En as de Heare dyn God dyn grinzen útlein hat, lykas Er dyn foarfaars sward hat en Hy hat dy it hiele lân jûn, dat Hy ûnthjitten hat dyn foarfaars te jaan, 9– asto der teminsten om tinkst en doch al de geboaden dy’t ik dy hjoed-de-dei gebied mei de Heare dyn God leaf te hawwen en altyd yn syn wegen te gean – dan moatsto oan dizze trije stêden noch trije tafoegje. 10Sa sil der yn it lân dat de Heare dyn God dy jout gjin ûnskuldich bloed fergetten wurde. Oars soe der in bloedskuld oer dy komme kinne.
11As der lykwols ien is, dy’t syn neiste hatet, op him rint, him oanfalt en him deadlik rekket, dat er it bestjert en hy soe dan de wyk nimme nei ien fan dy stêden, 12dan moatte de âldsten fan syn stêd him dêrwei helje litte en him útleverje oan ’e bloedwreker, dat er stjert. 13It mei dy net om him begrutsje, mar do moatst it bloed fan in ûnskuldige fan Israel weinimme, dat it dy goed gean mei.
Tsjin lânroof en falsk getugenis
14Yn dyn diel, datsto ervje silst yn it lân dat de Heare dyn God dy yn besit jout, meisto de grins fan dyn neiste, dy’t de foarfaars fêstlein hawwe, net ferlizze.
15As immen ien of oare misstap of watfoar sûnde ek mar begien hat, dan kin it der net mei ta, dat mar ien inkelde getuge tsjin him foarkomt. Op ’e ferklearring fan twa of trije getugen sil in saak fêststean.
16As in ûnearlike getuge ien oandraacht, dat dy in misdied dien hawwe soe, 17dan moatte de beide mannen dy’t it skeel hawwe, foar de Heare ferskine, foar de prysters en de rjochters dy’t der yn dy dagen wêze sille. 18De rjochters moatte it dan goed ûndersykje. Docht it dan bliken, dat de getuge in falsken ien is, hy hat in falske oanklacht tsjin syn lânsman yntsjinne, 19dan moatte jim mei him dwaan lykas hy fan doel wie mei syn lânsman te dwaan. Sa moatte jimme it kwea út jimme fermidden útroegje. 20De oaren sille it dan hearre en in ôfskrik krije en hja sille net nochris sa’n min stik yn jimme fermidden útheve. 21It mei dy net begrutsje: siel om siel, each om each, tosk om tosk, hân om hân, foet om foet.