Segen en flok
1Haw de Heare dyn God leaf, ûnderhâld syn tsjinst, syn foarskriften, syn rjochtsregels en geboaden salang’t jimme libje. 2Jimme moatte it hjoed witte. It giet ommers net oer jimme bern, dy’t der gjin weet fan hawwe, noch der wat fan sjoen hawwe fan wat de Heare jimme God jim leard hat: syn grutte macht, syn sterke hân en syn útstutsen earm, 3syn tekens en de dieden dy’t Hy yn Egypte dien hat oan Farao, de kening fan Egypte en syn hiele lân; 4en wat Hy dien hat oan it leger fan Egypte, syn hynders en weinen, dêr’t Hy, doe’t hja jimme efternei sieten, it wetter fan de Reidsee oerhinne spiele liet en dêrmei ferdie de Heare har oan hjoed de dei ta; 5en wat Hy yn de woestyn oan jimme dien hat oant jimme op dit plak kamen; 6en wat Hy oan Datan en Abiram dien hat, de soannen fan Eliab, Rûben syn soan, hoe’t de ierde de mûle iependie en har ferslynde mei har húsgesinnen, har tinten en alles dat libbe en it mei har hâlde yn it fermidden fan hiele Israel. 7Mar jimme hawwe mei eigen eagen it hiele grutte wurk sjoen dat de Heare dien hat.
8Dat jimme moatte jim oan al de geboaden, dy’t ik dy hjoed gebied, hâlde, dat jimme sterk wêze meie en yn it lân komme en dat yn besit nimme, dêr’t jimme no sa dêrmei hinne oerstekke om it te feroverjen, 9en dat jim lang libje meie op ’e grûn dy’t de Heare jimme foarfaars mei in eed tasein hat, dat Er it har en har neiteam nei har jaan soe, in lân dat fan molke en hunich oerrint. 10Want it lân dêrste hinnegiest om it yn besit te nimmen is net lykas Egypte, dêrst weikommen bist, datst, neidatst it ynsiedde hiest, keunstmjittich befloeie moast, as wie it in grientetún. 11Mar it lân dêrsto no sa daliks nei oerstekst om it yn besit te nimmen, is in lân fan bergen en dellingen, dat wetter drinkt fan ’e rein út ’e loft, 12in lân dêr’t de Heare dyn God foar soarget. Altyd troch geane de eagen fan de Heare dyn God dêroer, fan it begjin oan ’e ein fan it jier ta.
13As jimme dan ynmoedich harkje nei myn geboaden, dy’t ik jimme hjoed gebied, en jim de Heare jimme God leafhawwe en Him tsjinje mei jim hiele hert en siel, 14dan sil Ik jimme lân op ’e tiid rein jaan, de iere rein en de lette rein. Dan silsto dyn nôt, dyn druvesop en dyn oalje ynhelje kinne. 15En op dyn fjild sil ik gers jaan foar dyn fee. Dan silst ite en sêd wurde. 16Nim jimme der dan foar te wacht, dat jim jim hert net ferliede litte en reitsje op ’e doele, dat jim oare goaden tsjinje soenen en jimme derfoar delbûge. 17Dan soe de lilkens fan de Heare tsjin jimme oplôgje en Hy soe de himel slute en der soe gjin rein mear komme. Dan soe de grûn syn gewaaks net mear jaan en jim soenen mei gauwens weiwurde út it goede lân dat de Heare jimme jout.
18Lis dizze wurden dan yn jimme hert en yn jimme siel; byn se jim as in teken op ’e hân en lit se in bân om jimme foarholle wêze. 19Jim moatte se jimme bern leare mei dêroer te praten ast yn ’e hûs sitst en ast ûnderweis bist, ast op bêd giest en ast derôf komst. 20Skriuw se op de doarstilen fan dyn hûs en op dyn poarten, 21dat jimme en jimme bern op ’e grûn dêr’t de Heare jimme foarfaars fan sward hat, dat Er harren dy jaan soe, like lang libje meie as de himel boppe de ierde is.
22Want as jimme dit hiele gebod, dat ik jimme oplis, tige krekt bewarje en dêrnei dogge: jim hawwe de Heare jimme God leaf, jimme wannelje yn al syn wegen en jimme hingje Him oan, 23dan sil de Heare dizze folken allegearre foar jim út jeie en jim sille grutter en sterker folken as jimme ferjeie. 24Elk plak dêr’t jimme fuotten oerhinne rinne sille, sil fan jim wêze. Fan ’e woestyn ôf oan de Libanon ta, fan ’e rivier de Eufraat ôf oan ’e westlike see ta, sil it jimme gebiet wêze. 25Gjinien sil it tsjin jim hâlde kinne. De Heare jim God sil skrik en frees foar jimme bringe oer it hiele lân dêr’t jim komme, lykas Hy jim tasein hat.
26Sjoch, ik hâld jimme hjoed segen en flok foar. 27De segen, as jimme harkje sille nei de geboaden fan de Heare jimme God, dy’t ik jimme hjoed gebied. 28De flok, as jimme net harkje nei de geboaden fan de Heare jimme God en ôfwike fan ’e wei dy’t ik jimme hjoed foarhâld, mei achter oare goaden oan te rinnen, dy’t jimme net kenne.
29Wannear’t no de Heare dyn God dy brocht hat yn it lân dêrsto sa dêrmei hinnegiest om it yn besit te nimmen, dan moatsto de segen lizze op ’e berch Gearizim en de flok op ’e berch Ebal. 30Dizze bergen binne ommers oan ’e oare kant de Jordaan achter de westlike wei, yn it lân fan ’e Kanaäniten, dy’t wenje yn ’e flakte, foar Gilgal oer besiden de terebinten fan Moaré. 31Jim geane no sa dêrmei de Jordaan oer om it lân yn te gean en yn besit te nimmen, dat de Heare jimme God jim jout. Mar as jimme it dan yn besit nommen hawwe en jim wenje dêr, 32kom dan al de foarskriften en de rjochtsregels, dy’t ik jim hjoed foarhâld, tige krekt nei.