Doedestiids sei de Heare tsjin my: Hou dy twa stiennen platen, lykas de earste, kom dan by de berch op, nei My ta en meitsje dy ek in houten arke. Ik sil dan op ’e platen de wurden skriuwe dy’t ek op ’e earste platen stien hawwe, dysto stikken smiten hast, en dan moatsto dy yn ’e arke lizze. Sadwaande makke ik in arke fan akaziahout en houde ik twa stiennen platen út, gelyk oan ’e foarige. Dêrop gong ik by de berch op mei de twa platen yn ’e hân. Doe skreau Hy op ’e platen, neffens it earste skrift, de tsien wurden dy’t de Heare op ’e berch ta jimme sprutsen hie midden út it fjoer wei, de deis fan de gearkomste en de Heare joech se my doe. Doe gong ik werom, by de berch del en lei de platen yn ’e arke dy’t ik makke hie. Dêr binne se bleaun, lykas de Heare my hjitten hie.
De Israeliten ferreizgen fan Beërot fan ’e Jaäkaniten nei Moseara. Dêr stoar Aäron en dêr waard er ek begroeven. Syn soan Eleäzar waard pryster foar him yn it plak. Dêrwei reizgen se nei Gûdgod en fan Gûdgod nei Jotbat, in krite fan wetterbeken.
Yn dyselde tiid sûndere de Heare de stam fan Levy ôf om de arke fan it ferbûn fan de Heare te dragen, foar it antlit fan de Heare te stean en syn tsjinst waar te nimmen en ek it folk mei syn namme te segenjen, oan hjoed de dei ta. Dêrom hat Levy gjin oandiel noch besit krige mei syn bruorren. De Heare, dy is syn besit, lykas de Heare dyn God him tasein hat.
Iksels stie like lang op ’e berch as de earste kears, fjirtich dagen en fjirtich nachten en ek diskear ferhearde de Heare my en Hy seach der fan ôf dy om te bringen. Doe sei de Heare tsjin my: Meitsje dy klear om op reis en gean foar dit folk út, dat hja it lân, dêr’t Ik har foarfaars fan sward haw, dat Ik it harren jaan soe, yngeane en yn besit nimme.
Tankber en hearrich wêze!
En no, Israel, wat freget de Heare dyn God oars fan dy, as datst ûntsach hast foar de Heare dyn God en yn al syn wegen giest, datst Him leafhast en de Heare dyn God tsjinnest mei dyn hiele hert en dyn hiele siel, datst de geboaden fan de Heare en syn foarskriften neikomst, dy’t ik dy hjoed oplis ta dyn eigen bêst? Sjoch, fan de Heare dyn God is de himel, ja, de allerheechste himel, de ierde en alles dat dêrop is. Mar allinne oan dyn foarfaars hat de Heare Him ferbûn, mei’t Hy har leafhie. Hy hat har neiteam nei har – dat binne jimme – út alle folken útkeazen. Sa is it hjoed de dei. Besnij dan de foarhûd fan jim hert en wês net langer dôfhûdich. Want de Heare jimme God is de God fan de goaden en de Hear fan de hearen, de grutte, machtige en freeslike God, dy’t gjinien nei de eagen sjocht en dy’t net omkocht wurde kin; dy’t de wees en de widdo rjocht docht en de frjemdling leafhat, dat Er him brea en klean beskikt. Dat jimme moatte de frjemdling ek leafhawwe, want ek jimme hawwe frjemdlingen west yn Egypte. De Heare dyn God moatst ûntsach foar hawwe, Him moatst tsjinje, dy oan Him fêsthâlde en by syn namme swarre. Him moatste loovje, Hy is dyn God, dy’t by dij dy grutte en freeslike dingen dien hat, dyst mei eigen eagen sjoen hast. Mei har santigen binne dyn foarfaars nei Egypte tein en no hat de Heare dyn God dy like machtich makke as de stjerren oan ’e loft.