SUZANNE
1Yn Babylon wenne in man dy’t Joäkim hiet. 2Hy troude mei Suzanne, in dochter fan Chelkias. It wie in tige kreaze en fromme frou. 3Har heit en mem wienen ek deugdsume lju, dy’t har dochter opbrocht hienen neffens de wet fan Mozes. 4Joäkim wie tige ryk. Hy hie in grutte tún nêst it hûs. De Joaden kamen faak by him oer de flier, om’t hy fan allegearre it meast namme hie. 5No wienen der dat jier twa âldere manlju út it folk oanwiisd as rjochters. Dy wienen fan it soarte dêr’t de Hear fan sein hie: Ut Babylon is it kwea kommen, by de âldere rjochters wei, dêr’t fan tocht waard, dat se it folk de wei wize soenen. 6Dy mannen kamen geregeld by Joäkim oan hûs en elk dy’t in rjochtsaak hie, socht harren dêr op. 7Suzanne hie foar gewoante om middeis, as it folk fuort wie, in kuierke te meitsjen yn har man syn tún. 8De beide âldsten seagen har elke dei de tún yngean foar har kuierke en krigen sin oan har. 9It ferstân rekke by harren op ’e rin en se taalden net mear nei wat God yn ’e himel as rjocht steld hie. 10Beide wienen se wei fan har, mar se seinen inoar net, wat harren pleage. 11Se skammen har om rûnút te sizzen, dat se it graach ris mei har oanlizze woenen. 12Dei-út-dei-yn dienen se alle war om har mar te sjen te krijen. 13Op in kear sei de iene tsjin de oare: Lit ús nei hûs ta gean, it is iterstiid. Doe gongen se fuort, elk in kant út. 14Mar al gau gongen se beide werom en stienen doe wer foarinoar oer. Doe’t se inoar nei ’t wêrom fregen, bekenden se, wêr’t se op út wienen. Doe makken se tegearre de ôfspraak om in gaadlik momint ôf te wachtsjen, dat Suzanne allinne wie.
15Sa wachten se dan op ’e geskikte dei, en ja, op in kear kaam se lykas op oare dagen de tún yn. Se hie allinne mar twa helpsterkes by har en om’t it slim waarm wie, woe se yn ’e tún in bad nimme. 16Der wie oars gjinien as de beide âldsten, dy’t weikrûpt wienen om har te bestrunen. 17Se sei tsjin ’e helpsterkes: Helje my oalje en balsem en doch tagelyk de túndoarren op slot; ik wol in bad nimme. 18Dy dienen wat har hjitten wie. De túndoarren dienen se op slot en doe gongen se der oan ’e sydkant út om it guod te heljen, dat se meinimme moasten. De âldsten seagen se net; dy wienen weikrûpt. 19Mar doe’t de famkes goed en wol fuort wienen, kamen se foar it ljocht en stoden op Suzanne ta. 20De túndoarren binne ticht, seinen se tsjin har, gjin mins dy’t ús sjocht; wy binne gleon op jo. Lis jo derby del en wês ús tewille. 21As jo it net dogge, dan fertelle wy, dat der in jongkeardel by jo wie en dat jo dy famkes dêrom fuortstjoerd hawwe. 22Suzanne suchte swier en sei: Ik sjoch gjin inkelde útwei, want as ik it doch, wachtet my de dea en as ik it net doch ... jimme hawwe my yn ’e macht. 23Ik doch it net. It is better, dat jimme my yn ’e macht krije as dat ik in sûnde begean tsjin de Hear. 24Doe begûn Suzanne lûd te roppen, mar de beide âldsten raasden dêr tsjinyn. 25Ien fan harren draafde nei de túndoarren en die dy iepen. 26Doe’t se yn ’e hûs dat gerop út ’e tún hearden, fleagen se troch de syddoar de tún yn om te sjen, wat der mei har wie. 27Se wienen tige fan ’e wize, doe’t de beide âldsten mei har ferhaal oankamen, want noch noait wie soks fan Suzanne sein.
28De oare deis kamen de lju wer byinoar by har man Joäkim oan hûs. De twa âldsten kamen dêr mei neat oars yn ’e holle as har de dea oan te dwaan. Se seinen tsjin it folk: 29Lit Suzanne hjir komme, de dochter fan Chelkias, de frou fan Joäkim. En se lieten har ophelje. 30Se kaam mei har heit en mem, har bern en de hiele famylje by har. 31No wie Suzanne in tige kreaze ferskining, moai om nei te sjen. 32Se hie in wale foar, mar de dogenieten seinen, dat se dy ôfdwaan moast; se woenen har eagen wille jaan oan har kreazens. 33Har famylje en al de oaren dy’t har seagen, skriemden. 34De beide âldsten gongen midden tusken it folk stean en leinen har de hannen op ’e holle. 35Skriemend seach se omheech nei de himel, want se hie alle fertrouwen yn de Hear. 36De âldsten fertelden: Doe’t wy tegearre yn ’e tún omrûnen, kaam dit frommes dêr mei twa helpsters. Se die de túndoarren ticht en stjoerde doe de helpsters fuort. 37Doe kaam der in jongkeardel op har ta, dy’t him dêr ferskûle hie, en dy gong nêst har lizzen. 38Wy wienen yn ’e úthoeke fan ’e tún en doe’t wy dat skandalich gedoch seagen, rûnen wy der hurd op ta. 39Wy seagen har tegearre dwaande, mar wy koenen de keardel net de baas, hy wie ús te mânsk. Hy krige de túndoarren iepen en fuort wied er. 40Mar har krigen wy wol te pakken en wy fregen har, wa’t dy jongkeardel wie. 41Dat woe se ús net sizze. Sjoch dêr ús getugenis. It folk dat dêr byinoar wie, leaude harren – it wienen ommers de âldsten, de rjochters fan it folk – en Suzanne waard feroardiele ta de dea. 42Lûd rôp se doe: O ivige God, Jo, dy’t alle geheimen kenne en alles foarút witte, 43Jo witte, dat har getugenis tsjin my falsk is. No moat ik stjerre en ik haw neat dien fan wat sy sa gemien tsjin my ynbringe.
44En de Hear hearde har rop. 45Doe’t se fuortbrocht waard foar de terjochtstelling, joech God in jongfeint de fromme gedachte yn om te protestearjen. Daniël hiet er. 46Dy begûn te roppen: Ik wol gjin skuld hawwe oan har dea. 47Alle minsken seagen nei him en fregen: Wat wolle jo dêrmei sizze? 48Hy gong midden tusken har yn stean en sei: Binne jim dan net wiis, Israeliten? Feroardielje jimme samar in Israelityske, sûnder alles sekuer nei te gean om achter de wierheid te kommen? 49Kom no, dit proses moat oerdien wurde. Dy lju hawwe in falske oanklacht tsjin har ynbrocht. 50Al it folk gong hastich werom. De oare âldsten seinen tsjin him: Kom hjir mar tusken ús yn sitten en fertel op: God hat jo de weardichheid fan in âldste jûn. 51Daniël sei tsjin harren: Set harren in goed ein byinoar wei; dan sil ik harren ris tantsje. 52Doe’t se in goed ein útinoar stienen, sommearde er ien fan harren mei de wurden: Yn it kwea behurde dogeniet, no krigest de sûnden thús, dyst yn it ferline dien hast. 53Do mei dyn ûnrjochtfeardige fonnissen, dêr’t ûnskuldigen mei feroardiele binne en skuldigen frijsprutsen, wylst God dochs sein hat: In ûnskuldich en deugdsum mins meisto net de dea oandwaan. 54Ast har dan sjoen hast, fertel dan mar ris, ûnder watfoar beam datst harren byinoar seachst. Hy sei: Under in mastykbeam. 55Daniël sei: Soa, dy leagen komt op dyn eigen holle terjochte. In ingel hat it Godlik fonnis al by him om dy midstwa te houwen. 56Doe liet er him in ein fuort gean en de oare komme. Tsjin dy sei er: Brod fan Kanaän en net fan Juda, koest net oer sa’n kreas uterlik, watte? De begearte makke dy oerémis. 57Sa gongen jim te wurk mei de froulju fan Israel en út frees lieten dy jim gewurde, mar dizze frou fan Juda hat jim smoargens net ferneare kinnen. 58No moatsto my ris fertelle, ûnder watfoar beam datst harren tegearre trappearre hast. Hy sei: Under in ikebeam. 59Daniël naam wer it wurd en sei: Soa, dizze leagen komt ek op dyn eigen holle terjochte. Gods ingel stiet al mei it swurd ree om dy as ikehout te kleauwen en mei jim allebeide koarte metten te meitsjen.
60Alle minsken dy’t der wienen, begûnen lûd te roppen en prizen God, dy’t rêding bringt foar dy’t op Him fertrouwe. 61Doe kearden se har tsjin de beide âldsten, want út har eigen mûle hie Daniël it bewiis helle, dat se in falsk getugenis jûn hienen. Wat sy har neiste oandwaan woenen, waard no mei harsels dien. 62Neffens de wet fan Mozes krigen se de deastraf. Sa waard dy deis it libben fan in ûnskuldige rêden. 63Chelkias en syn frou brochten God tank om har dochter. Har man Joäkim en de hiele famylje net minder, want no wie dúdlik útkommen, dat se neat gjin ûnfatsoenliks dien hie. 64En fan dy dei ôf wie Daniël by it folk in man fan oansjen.