Kolossers 4
1Masters, doch jimme slaven lyk en rjocht, want jimme witte dat ek jim in Master hawwe yn ’e himel.
Oanwizings
2Hâld oan mei bidden, wês der wach en tankber by. 3Bid tagelyk ek foar ús, dat God ús in goede kâns jaan mei om syn boadskip te bringen, om sadwaande de ferburgenheid fan Kristus hearre te litten. Dêr bin ik no ek om yn ’e boeiens slein. 4Bid foar my, dat ik it krekt sa bekend meitsje mei as ik it ûnder wurden bringe moat.
5Gean yn alle wysheid mei de net-kristenen om. Nim jimme kâns waar. 6Jimme sprekken moat der altiten ynfalle en krûdich wêze en jimme moatte witte hoe’t jim elkenien te reden stean kinne.
Groetenissen
7Tychikus, ús leave broer, trouwe helper en maat yn ’e tsjinst fan de Hear, sil jimme alles oer my fernije. 8Him haw ik krekt mei dat doel nei jimme tastjoerd, dat jimme witte soenen hoe’t it der mei ús foarstiet en om jim moed yn te sprekken. 9Mei him stjoer ik Onésimus, ús trouwe en leave broer, dy’t ien fan jimmes is. Hoe’t it hjir allegearre is, sille se jim fertelle. 10De groetenis fan Aristarchus dy’t mei my fêst sit, fan Markus, Barnabas syn omkesizzer. (Oer him hawwe jimme al oanwizings om him gastfrij op te nimmen as er by jim komt.) 11Ek de groetenis fan Jezus dy’t Justus neamd wurdt. Dy trije binne myn iennichste Joadske meiwurkers foar it keninkryk fan God en se binne in grutte treast foar my wurden. 12De groetenis fan Epafras, dy’t ek út Kolosse komt, in tsjinstfeint fan Kristus [Jezus]. Hy striidt aloan foar jimme yn syn gebedens, dat jimme fêst stean meie, as minsken sûnder lek of brek, dy’t fêst oertsjûge binne fan alles wat God wol. 13Ik doar fan him ferklearje, dat er tige syn bêst docht foar jimme en foar de minsken yn Laodiséa en Hiërapolis. 14De groetenis oan jimme fan dokter Lukas, ús freon, en fan Démas.
15Doch de groetenis oan ’e bruorren yn Laodiséa en oan Nymfa mei de gemeente dy’t by har oan hûs gearkomt. 16As dizze brief by jimme foarlêzen is, moatte jimme derfoar soargje dat er ek yn ’e gemeente fan Laodiséa foarlêzen wurdt. En jimme moatte dy út Laodiséa lêze. 17Sis tsjin Archippus: Soargje derfoar datsto de tsjinst dysto yn opdracht fan de Hear op dy nommen hast, goed waarnimst.
18De groetenis mei myn eigen hân: Paulus. Ferjit net dat ik fêst sit. De genede wês mei jimme.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap