De rede fan Stefanus
Oer Abraham
1Doe sei de hegepryster: Is dat allegear sa? 2En Stefanus sei: Harkje nei my, jimme, bruorren en heiten. De almachtige God is oan Abraham, ús stamheit, ferskynd doe’t er yn Mesopotamië wie, ear’t er him yn Charan nei wenjen sette; 3en Hy hat tsjin him sein: ‘Gean út dyn lân en by dyn famylje wei, en kom mei nei it lân dat Ik dy oanwize sil.’ 4Doe gong Abraham út it lân fan ’e Chaldeeërs wei en sette him yn Charan nei wenjen. En nei’t syn heit ferstoarn wie, liet God him dêrwei ferfarre nei dit lân dêr’t jimme no noch yn wenje. 5Hy joech him dêr gjin erflik besit, ek noch gjin fuotbree, mar Hy sei ta, dat Er it him en letter syn neiteam, yn eigendom jaan soe – en dat wylst er noch gjin bern hie! 6Sa hat God sprutsen: Syn neiteam sil as frjemdling yn in frjemd lân tahâlde, dêr sille de lju slaven fan har meitsje en har tramtearje, fjouwerhûndert jier lang; 7mar oer it folk, dêr’t se dan slaaf fan binne, sil Ik rjochtdei hâlde, sei God; dêrnei sille se dêr weigean en My op dit plak ferearje. 8En God joech Abraham it ferbûn fan it besnijen: Sadwaande hat Abraham, doe’t er in soan Izaäk krige, dy de achtste deis besnien; Izaäk die itselde mei Jakob en Jakob mei de tolve aartsfaders.
Oer de aartsfaders
9Dy aartsfaders waarden oergeunstich op Joazef en hawwe him doe nei Egypte ferkocht; mar God stie him by 10en ferloste him út al syn lijen; Hy soarge dat Joazef troch syn wysheid yn ’e geunst kaam by Farao, de kening fan Egypte, en dy stelde him oan as bestjoerder oer Egypte en oer syn hiele besit. 11Doe kaam der hongersneed oer hiele Egypte en oer Kanaän, ien stik ellinde, en ús foarfaars koenen net oan iten komme. 12Mar Jakob hearde dat der yn Egypte wol iten wie, dat hy stjoerde ús foarfaars dêr hinne, dat wie de earste kear; 13de twadde kears makke Joazef him oan syn bruorren bekend; sa waard Farao syn ôfkomst gewaar. 14Doe stjoerde Joazef boadskip en liet syn heit Jakob oerkomme mei syn hiele famylje, fiifensantich man sterk. 15Sa kaam Jakob del nei Egypte; dêr is er stoarn en ús aartsfaders ek; 16se binne nei Sichem oerbrocht en byset yn it grêf dat Abraham foar sulver kocht hie fan ’e famylje fan Hemor, yn Sichem.
Oer Mozes
17Mar doe’t de tiid oankaam dat neikomme soe wat God oan Abraham tasein hie, waard ús folk yn Egypte hoe langer hoe machtiger. 18Op ’t lêst krige Egypte in oare kening, ien dy’t Joazef net kend hie. 19Op in fyn-ynleine manier besocht er ús folk yn ’t lijen te bringen: hy liet ús foarâlden har lytse poppen út ’e hûs dwaan, dat se net yn ’t libben bliuwe soenen. 20Yn dy tiid waard Mozes berne; it wie in âlderleafst bern; hy waard trije moanne lang yn syn âlderlik hûs fersoarge, 21mar doe’t er út ’e hûs dien wie, naam de dochter fan Farao him oan en brocht him grut as eigen soan. 22Mozes krige les yn alle Egyptyske wiisheid; hy wie hiel wat mânsk mei it wurd en mei de die.
23Doe’t er fjirtich jier âld wurden wie, foel it him yn, dat er syn folk, de Israeliten, wolris opsykje mocht. 24Hy kaam op foar in man dy’t foar syn eagen mishannele waard, hy naam wraak foar de stumper en sloech de Egyptner dea. 25Syn lânslju soenen – tocht him – wol begripe, dat God him brûke soe om harren te befrijen; mar dat pakte oars út. 26De oare deis trof er harren by in fjochtpartij,en hy woe harren beprate om it by te lizzen; hy sei: ‘Mannen, jimme binne dochs bruorren! Wêrom komme jimme inoar tenei?’ 27Mar de man dy’t de oar tenei kommen wie, reage him oan ’e kant en sei: ’Wa hat dy as lieder en as rjochter oer ús oansteld? 28Wolste my soms ek deaslaan, lykasto juster mei de Egyptner dien haste?’ 29Doe’t er dat hearde, naam Mozes de wyk; hy sette him as frjemdling yn it lân Midjan nei wenjen, en krige dêr twa soannen.
30Doe’t der wer fjirtich jier om wienen, ferskynde him yn ’e woestyn by de berch Sinai in ingel yn it fjoer fan in brânende toarnestrûk. 31Doe’t Mozes dat seach, woed er syn eagen net leauwe; hy kaam tichterby om te sjen wat it wie, en doe klonk de stim fan ’e Hear: 32Ik bin de God fan dyn foarfaars, de God fan Abraham, Izaäk en Jakob. Mozes trille deroer en doarst der net nei sjen. 33En de Hear sei tsjin him: Doch dyn sandalen út, want it plak dêrst op stiest, is hillich lân. 34Ik haw wier wol sjoen hoe’t myn folk yn Egypte mishannele wurdt, en heard hoe’t it suchtet, en no bin Ik delkommen om harren te befrijen. – No dan, kom, Ik stjoer dij nei Egypte.
35Dyselde Mozes, dy’t se ôfwiisd hienen mei de wurden: ’Wa hat dy as lieder en as rjochter oansteld?’ dy Mozes hat God as lieder en befrijer stjoerd troch middel fan de ingel dy’t him yn it toarnebosk ferskynde. 36Hy hie de lieding by de úttocht, en hy die wûndertekens yn it lân Egypte, by de Reade See en yn ’e woestyn, fjirtich jier lang. 37Dyselde Mozes hat tsjin de Israeliten sein: God sil út jimme fermidden in profeet opstean litte lykas ik ien bin. 38Doe’t it folk yn ’e woestyn byinoar wie, wie hy it ek, dy’t mei de ingel ferkearde dy’t ta him spriek op ’e berch Sinai, en mei ús foarfaars; hy hie libbenswurden krige om se jimme troch te jaan, 39mar ús foarâlden woenen net om syn sizzen jaan; nee, se woenen neat fan him witte en winsken harsels werom yn Egypte; 40want se seinen tsjin Aäron: Meitsje goaden foar ús, dy’t foar ús út gean kinne; want dy Mozes, dy’t ús út Egypte weihelle hat, wy witte net wat him oerkommen is. 41Yn dy dagen makken se in keal as ôfgodsbyld en brochten it in offer; se fierden feest ta eare fan wat se mei eigen hannen makke hienen. 42En God kearde Him ôf; Hy liet it gewurde dat se de stjerren ferearen, lykas beskreaun stie yn it boek fan ’e profeten:
Hawwe jimme My soms fleisoffers
en moaloffers brocht,
dy fjirtich jier yn ’e woestyn, o folk Israel?
43Nee, jim hawwe de tinte fan Moloch meidroegen
en de stjer fan ’e god Romfa,
de bylden dy’t jimme makke hienen om dy te ferearjen.
Dêrom sil ik jimme nei in oar lân bringe,
noch fierder as Babylon.
Oer iepenbieringstinte en timpel
44Us foarâlden hienen yn ’e woestyn de iepenbieringstinte by harren, lykas oan Mozes opdroegen wie om ien te meitsjen neffens it foarbyld dat er sjoen hie; 45ús foarâlden namen dy oer en brochten him ûnder Jozua it lân yn, doe’t se dat feroveren op ’e heidenfolken, dy’t God foar ús foarâlden útdreau. Sa bleau it oan ’e tiden fan David ta. 46Dy David – dêr’t God gâns mei op hie – frege in kear oft er foar it folk fan Jakob in timpel meitsje mocht. 47Mar Salomo earst hat dy timpel foar harren boud. 48Dochs wennet de Allerheechste net yn bouwurken fan minskehân, lykas de profeet ek al seit:
49De himel is myn troane, de ierde myn fuotbank;
watfoar hûs sille jimme dan foar My bouwe, seit de Hear,
of op wat plak soe Ik My deljaan kinne?
50Haw Ik dy dingen net allegearre mei eigen hân makke?
Stefanus beskuldiget syn rjochters
51Jimme stijfkoppen, heidens yn jimme harkjen en jimme ferstean, altyd sette jimme it tsjin de hillige Geast yn ’e kant! Sa wienen jimme foarâlden en jimme binne neat better! 52Is der wol ien profeet dy’t jimme foarâlden nèt ferfolge hawwe? Ja se hawwe harren fan kant makke dy’t de komst fan ’e Rjochtfeardige oankundige hawwe; en no binne jimme de ferrieders en moardners fan dy Rjochtfeardige sels wurden, 53jimme, minsken dy’t de wet troch tadwaan fan ingels krige hawwe, mar jim der net oan hâlde.
Stefanus wurdt stiennige; fierdere ferfolging fan ’e kristenen
54Doe’t se dat hearden, waarden se poerrazend en knarsten tsjin him op ’e tosken. 55Mar Stefanus, fol fan ’e hillige Geast, sloech de eagen op nei de himel; hy seach Gods majesteit en Jezus, dy’t oan Gods rjochterhân stie; 56hy sei: ‘Wier, ik sjoch de himel iepen en ik sjoch de Minskesoan oan Gods rjochterhân stean!’ 57Doe skreauden se it út en hâlden de earen ticht; se foelen as ien man op him oan, 58sleepten him ta de stêd út en stiennigen him. Dy’t derby wienen, leinen har mantels del by in jongkeardel dy’t Saulus hiet. 59Wylst se him stiennigen, rôp Stefanus de Hear oan: Hear Jezus, nim myn geast oan. 60Hy bûgde de knibbels en rôp lûd: Hear, rekkenje harren dizze sûnde net oan! Doe’t er dat sein hie, is er rêst.