It bedroch fan Ananias en Saffira
1Sa wie der ek in man – Ananias hiet er – dy ferkocht, mei syn frou Saffira, in stik lân, 2mar hy hâlde fan ’e opbringst wat achterút dêr’t syn frou ek fan wiste; hy brocht mar in part nei de apostels om it foar harren del te lizzen. 3Doe sei Petrus: Ananias, hoe hat de duvel dy sa yn ’e macht krige, datsto de hillige Geast bedraachst, en wat fan ’e opbringst fan it lân achterút hâldst? 4Bleau it dines net, ast it net ferkocht hiest, en koest doe’t it àl ferkocht wie net mei de opbringst dwaan watst woest? Wat beweecht dy om soks te dwaan? Do hast gjin minsken bedragen, mar God sels! 5Doe’t Ananias dy wurden hearde, foel er dea del; en allegearre dy’t der fan hearden, waarden ôfgryslike kjel. 6De jongfeinten gongen oerein, beklaaiden him, en droegen him út om him te begraven.
7Sa’n oere as trije letter kaam syn frou deryn, dy’t net wist wat der foarfallen wie. 8Petrus spriek har oan: Sis my ris, hawwe jimme dat stik lân foar sa- en safolle ferkocht? Se sei: Jawis, foar safolle. 9Doe sei Petrus tsjin har: Wêrom hawwe jimme tegearre ôfpraat om de Geast fan ’e Hear op yngripen te fergjen? Hark, de fuotstappen fan harren dy’t dyn man begroeven hawwe, binne by de doar, se sille dy ek útdrage! 10Op slach foel se dea foar him del; sa troffen de jongfeinten har oan, doe’t se deryn kamen, en se droegen har út om har by har man te begraven. 11En de hiele gemeente en allegearre dy’t der fan hearden, waarden ôfgryslik kjel.
De apostels dogge wûndertekens
12Der waarden troch de apostels frij wat wûndertekens dien ûnder it folk. Ienriedich hâlden se allegearre ta yn ’e pyldergong fan Salomo. 13Fan de oaren doarst gjinien him by har oan te sluten, ek al wie it folk fol lof oer harren, 14– al mar mear kamen der by, dy’t yn ’e Hear leauden, hiele keppels, manlju en froulju, fan beiden. 15Dat se droegen sels de siken de strjitten op en leinen se op bêden en matrassen del, yn ’e hoop dat it skaad fan Petrus op ien fan harren falle mocht, as er dêr lâns kaam. 16Ek it folk út ’e stêden om Jeruzalem hinne kaam der yn kloften op tasetten mei siken en mei lju dy’t troch ûnreine geasten pleage waarden, en dy waarden allegearre better makke.
Oppakt en wer frij
17Mar de hegepryster kaam fanwegen mei syn hiele oanhing, dat wie de partij fan ’e Sadduseeërs; se waarden troch alles hinne oergeunstich. 18Se lieten de apostels oppakke en yn ’e stedsgefangenis sette. 19Mar de nachts die in ingel fan ’e Hear de doarren fan it wachthûs iepen, brocht har derút en sei: 20Gean nei de timpel en fertel dêr de minsken alles oer dit nije libben.
21Se harken dêr nei; doe’t it begûn te daagjen, gongen se nei de timpel en joegen ûnderrjocht. De hegepryster kaam mei syn oanhing en rôp de Hege Rie byinoar, dat is de gearkomste fan alle âldsten fan it folk Israel, en se stjoerden feinten nei de gefangenis om harren te heljen. 22Mar doe’t dy dêr kamen, fûnen se harren net yn it wachthûs; se gongen werom en dienen ferslach: 23Wy fûnen de gefangenis sekuer op ’t slot, mei de wachters op har post foar de doarren, mar doe’t wy se iependien hienen, fûnen wy der gjin minske yn. 24Doe’t de timpelopsichter en de hegeprysters dat berjocht hearden wienen se der glêd mei oan, hoe’t dat no koe mei de apostels.
De apostels moatte foar de rjochtbank komme
25Doe kaam der ien oan mei it boadskip: No steane de manlju dy’t jimme yn it wachthûs sette litten hawwe, yn ’e timpel en ûnderwize it folk! 26Doe gong de timpelopsichter mei syn feinten der hinne en helle harren op, mar net mei geweld, want se wienen bang dat it folk harren oars stiennigje soe; 27en doe’t se harren ophelle hienen, setten se har foar de Hege Rie. De hegepryster begûn har te ûnderfreegjen 28en sei: No hawwe wy jimme sà ferbean om yn dy namme ûnderrjocht te jaan, en likegoed is troch jimme tadwaan hiele Jeruzalem fol fan jimme lear; en jimme wolle ús de dea fan dy man op ’e skuld jaan. 29Mar Petrus en de oare apostels joegen ta antwurd: Men moat mear nei God as nei de minsken harkje. 30De God fan ús foarâlden hat Jezus út ’e dea opwekke, nei’t jimme Him oan ’e krúsbalke hongen en ombrocht hienen; 31God hat Him mei eigen hân ta Kening en Rêder ferhege, om Israel bekearing en ferjouwing fan sûnden te jaan. 32Fan dy dingen binne wy getugen, wy en de hillige Geast, dy’t God jûn hat oan elk dy’t nei Him harkje wol. 33Doe’t se dat hearden, waarden se poerrazend, en woenen harren fermoardzje.
Gamaliël jout rie; de apostels wurde frijlitten
34Mar doe gong der in Fariseeër yn ’e Hege Rie oerein, dy hiet Gamaliël, in wetgelearde, dy’t by it hiele folk heech yn oansjen stie; dy liet de mannen der in skoftsje út sette. 35Doe sei er tsjin de gearkomste: ‘Mannen fan Israel, pas goed op wat jimme mei dizze lju fan doel binne. 36Yndertiid stie Teudas op, dy sei fan himsels dat er wit wat wie en sa’n fjouwerhûndert man sleaten har by him oan; mar doe’t er ombrocht waard, rekke syn hiele oanhing útinoar; der bleau neat fan oer. 37Nei him stie Judas de Galileeër op, yn ’e tiid fan ’e folkstelling, en hy krige foar syn opstân gâns folk mei; dy is ek omkommen, en dy’t nei him harke hienen, binne allegearre fersille rekke. 38Dêrom sis ik jimme no: Bliuw fan dy minsken ôf en lit harren gewurde; want as dit opset en wurk fan minsken wêze mocht, sil it op neat útrinne; 39mar as it wurk fan God is, sille jimme harren net ferneatigje kinne; oars koe it nochris bestean, dat jimme tsjin God stride!’ Se harken nei him; 40se rôpen de apostels der wer yn en lieten harren giselje; doe leinen se har op om net wer yn ’e namme fan Jezus te sprekken, en lieten har gean.
41Mar sij gongen út ’e Hege Rie wei, bliid ta dat it harren barre meien hie, om Jezus’ wil fernedere te wurden. 42Alle dagen weroan joegen se sûnder ophâlden ûnderrjocht yn ’e timpel en oan hûs en brochten it bliid boadskip, dat Jezus de Messias is.