Paulus foar Festus; hy beropt him op ’e keizer
1Trije dagen nei’t Festus yn syn provinsje kommen wie, gong er út Cesaréa nei Jeruzalem. 2En de hegeprysters en de foarnaamsten fan ’e Joaden tsjinnen in oanklacht tsjin Paulus by him yn. 3Om Paulus de foet dwers te setten fregen se him by wize fan geunst, dat er dy nei Jeruzalem gean litte soe, wylst se al in plan opmakke hienen om him ûnderweis te oerfallen en te fermoardzjen. 4Festus antwurde lykwols, dat Paulus te Cesaréa yn arrest hâlden wurde soe, mar dat er sels mei gauwens dêrhinne ôfreizgje soe. 5Lit dan jimme foarmannen, sa sei er, mei my reizgje, en him oankleie as der wat mis is mei dy man.
6Hy hie noch mar sa’n acht of tsien dagen by harren tahâlden, doe gong er werom nei Cesaréa. De oare deis hâlde er in rjochtsitting en liet Paulus foarbringe. 7Doe’t dy der wie, gongen de Joaden dy’t út Jeruzalem kommen wienen om him hinne stean en brochten gâns swiere beskuldigingen tsjin him yn, dy’t se lykwols net wiermeitsje koenen, 8want Paulus spriek fan him ôf en sei: Ik ha neat dien tsjin ’e wet fan ’e Joaden of tsjin ’e timpel of tsjin ’e keizer. 9Festus woe de Joaden te wille wêze en joech dêrom Paulus dit beskie: Hawwe jo der wat op tsjin om nei Jeruzalem te gean om dêr troch my oer dizze kwestje berjochte te wurden? 10Doe sei Paulus: Ik stean foar de keizerlike rjochtbank, dêr hear ik berjochte te wurden. De Joaden haw ik neat misdien, lykas jo ek skoan witte. 11As ik dan skuldich bin en wat dien haw dêr’t de deastraf op stiet, ferset ik my der net tsjin om te stjerren. Mar as der neat fan oan is, wat dy lju my yn ’e skuon skowe, kin net ien my oan harren útleverje. Ik berop my op ’e keizer. 12Doe lei Festus oer mei syn bysitters en antwurde: Op ’e keizer hawwe jo jo beroppen, nei de keizer sille jo gean.
Festus freget kening Agrippa om rie
13In deimannich letter kamen kening Agrippa en Bernice yn Cesaréa om har opwachting by Festus te meitsjen. 14Omdat se der dagen lang hingjen bleauwen, lei Festus de kening it gefal Paulus foar mei de wurden: Der is hjir in man, dy’t Felix yn arrest bliuwe litten hat. 15Doe’t ik yn Jeruzalem wie, hawwe de hegeprysters en de âldsten fan ’e Joaden dêr in oanklacht tsjin him yntsjinne, en der op oanstien him te feroardieljen. 16Ik haw harren antwurde dat it by de Romeinen gjin wizânsje is om in minske by wize fan geunst út te leverjen, as de beskuldige net earst de beskuldigers foar him oer hân hat en de kâns krige hat, him tsjin de oanklacht te ferwarren. 17Doe’t se hjir tagelyk mei my kommen wienen, haw ik fuortynienen de oare deis in rjochtsitting hâlden en de man foarbringe litten. 18De beskuldigers dy’t om him hinne stienen, brochten gjin inkelde oanklacht tsjin him yn fanwegen gemiene streken, sa’t ik dochs ferwachte hie, 19mar se hienen wat kwestjes mei him oer har eigen godstsjinst en oer in Jezus dy’t stoarn is en dêr’t Paulus fan úthâlde dat er libbet. 20Omdat ik dermei oan wie, hoe’t ik dizze dingen ûndersykje moast, frege ik oft er nei Jeruzalem woe om dêr oer dizze saak berjochte te wurden. 21Mar Paulus gong yn heger berop en woe ûnder arrest bliuwe oant de beslissing fan Syn Majesteit, dêrom joech ik oarder him fêst te hâlden oant ik him nei de keizer stjoere kin. 22Doe sei Agrippa tsjin Festus: Ik woe sels dy man ek wolris hearre. Festus antwurde: Moarn sille jo him hearre.
Paulus wurdt foar Agrippa brocht
23De oare deis kamen Agrippa en Bernice mei grutte staasje en gongen yn ’e ûntfangstseale mei de hege offisieren en de hegerein fan ’e stêd by har. Doe waard Paulus op oarder fan Festus foarbrocht. 24Festus spriek: Kening Agrippa en jimme allegearre dy’t hjir mei ús binne, hjir sjogge jimme de man dêr’t alle Joaden yn Jeruzalem en hjirre, my oer oan west hawwe, wylst se skreauden dat er net langer yn libben bliuwe mocht. 25Mar ik bin ta it ynsjoch kommen, dat er neat dien hat, dêr’t de deastraf op stiet, en omdat hysels him op Syn Majesteit beroppen hat, bin ik fan doel him dêrhinne te stjoeren. 26Mar no kin ik Syn Majesteit neat mei wissichheid oer him skriuwe. Dêrom haw ik him foar jimme brocht en foaral foar jo, kening Agrippa, dan haw ik faaks nei ôfrin fan it ûndersyk wat dat ik skriuwe kin. 27Want it liket my dwaas ta om in arrestant te stjoeren, sûnder tagelyk oan te jaan wêr’t er fan beskuldige is.