Paulus wurket twa jier lang yn Efeze
1Doe’t Apollos yn Korinte wie, reizge Paulus ûnder de bedriuwen it binnenlân troch en kaam yn Efeze, dêr’t er in stikmannich kristenen fûn. 2Hy sei tsjin harren: Hawwe jimme de hillige Geast wol krige doe’t jimme ta it leauwen kamen? Se antwurden him: Nee, wy hawwe der ek noch noait fan heard dat der in hillige Geast bestiet. 3Doe sei er: Hoe binne jimme dan doopt? Se seinen: Sa’t Johannes doopte. 4Paulus sei: Johannes hat de minsken doopt as teken fan bekearing en harren ferteld dat se leauwen moasten yn Ien dy’t nei him komme soe, dat is te sizzen: yn Jezus. 5Doe’t se dat hearden, lieten se har dope yn ’e namme fan ’e Heare Jezus. 6En doe’t Paulus harren de hannen op ’e holle lein hie, kaam de hillige Geast op harren del; se begûnen yn frjemde talen te sprekken en te profetearjen. 7Allegearre mei-inoar wienen dat sa’n tolve man.
8Hy gong nei de synagoge en die dêr trije moannen lang frijmoedich it wurd oer it keninkryk fan God en besocht troch syn útiensettingen de lju te oertsjûgjen. 9Mar doe’t guon der mei har stive holle neat fan witte woenen, en de nije rjochting by it folk bespotlik makken gong er by har wei en liet de kristenen apart byinoar komme; hy spriek alle dagen yn ’e skoalle fan Tyrannus. 10Dat duorre sa twa jier lang, dat alle bewenners fan Asia hearden it wurd fan de Hear, Griken likegoed as Joaden.
Joadske geastebanners ôfstraft
11God die troch Paulus ek seldsume wûnders, 12ja, der waarden ek switdoeken en guod dat Paulus op it lichem droegen hie, by de siken brocht en dan rekken se har kwalen kwyt en de kweageasten gongen út harren wei.
13Guon fan ’e omreizgjende Joadske duvelbanners hawwe it ek besocht om de namme fan Jezus út te sprekken oer de lju dy’t kweageasten hienen, mei de wurden: Ik beswar jimme by de Jezus dy’t Paulus ferkundiget. 14Der wienen sân soannen fan in Joadske hegepryster Skeva, dy’t dat dienen. 15Mar de kweageast joech harren dit beskie: Jezus ken ik (wol) en Paulus wit ik fan, mar wa binne jimme? 16Doe sprong de man dêr’t de kweageasten yn wennen, op harren ta, krige se allegearre ûnder en waard har oermânsk, dat se moasten neaken en slim tramtearre meitsje dat se út dat hûs wei kamen. 17Dat feit waard ruchtber by alle Joaden en Griken dy’t yn Efeze wennen; de skrik krige harren allegearre te pakken en de namme fan de Heare Jezus waard heech fan opjûn.
18Frijwat lju dy’t kristen wurden wienen, bychten har tsjoenderskeunsten earlik op. 19Gâns minsken dy’t har mei tsjoenderij ôfjûn hienen, smieten har boeken op in bult en brânden dy op, dêr’t elk by wie: se besiferen de wearde dêrfan en kamen op fyftichtûzen sulverstikken. 20Sa krige it wurd troch de macht fan de Hear hieltyd mear oanhing en ynfloed.
It oproer fan ’e sulversmidden yn Efeze
21Doe’t dat syn beslach krigen hie, naam Paulus him foar om troch Masedoanië en Achaje nei Jeruzalem te reizgjen. As ik dêr west haw, sei er, moat ik ek noch nei Rome ta. 22Hy stjoerde twa fan syn helpers, Timóteüs en Erastus, nei Masedoanië, mar bleau sels noch in skoft yn Asia.
23Om dy snuorje kaam der gâns in opskuor fanwegen it kristlik leauwen. 24Want der wie in man dy’t Demétrius hiet, in sulversmid, dy’t sulveren timpeltsjes fan Artemis makke en de faklju dêr goed mei fertsjinje liet. 25Hy rôp dy faklju en alle arbeiders yn dat bedriuw byinoar en sei: Mannen, sa’t jimme witte, hawwe wy ús wolfeart oan dit bedriuw te tankjen. 26No sjogge en hearre jimme lykwols, dat dy Paulus net allinne yn Efeze, mar suver yn hiele Asia frijwat minsken ompraat hat mei syn sizzen: Goaden dy’t troch minskehannen makke wurde, binne gjin goaden. 27Sadwaande hat it net allinne kâns dat ús breawinning yn ’t neigean rekket, mar ek dat de timpel fan ’e grutte goadinne Artemis net mear yn tel wêze sil, ja dat sij dy’t yn hiele Asia en de hiele wrâld fereare wurdt, har eareplak kwytreitsje sil. 28Doe’t se dat hearden, waarden se poerlilk en raasden: Grut is de Artemis fan ’e Efeziërs. 29En de stêd rekke alhiel op ien ein; se strûsden as ien man nei it théater en sleepten dêrby de Masedoaniërs Gajus en Aristarchus, reismaten fan Paulus, mei.
30Doe’t Paulus him ûnder it folk jaan woe, kearden syn folgelingen him. 31Ek guon leden fan it provinsjebestjoer, dy’t mei him befreone wienen, lieten him warskôgje dat er him net yn it théater jaan moast.
32Yn ’e gearkomste rôp de iene dit, de oare dat: want it wie in tizeboel, de measten wisten net ienris wêrom’t se byinoar kommen wienen. 33Guon út de kliber fertelden Alexander, dy’t troch de Joaden nei foaren skood wie, wat der te rêden wie; Alexander betsjutte mei in hânbeweging dat er ferantwurding ôflizze woe foar it folk. 34Mar doe’t se yn ’e rekken krigen dat it in Joad wie, begûnen se allegearre as ien man te roppen; wol twa oeren lang skreauden se: Grut is de Artemis fan ’e Efeziërs!
35Doe bêde de stedsskriuwer de kliber del en sei: Mannen fan Efeze, wat minske is der dan, dy’t net wit, dat de stêd Efeze noed stean moat fan ’e timpel fan ’e grutte Artemis en fan har byld dat út ’e himel fallen is? 36Omdat dêr neat tsjin ynlein wurde kin, moatte jimme kalm wêze en net te gysten út ein sette. 37Want jimme hawwe dizze manlju hjir wol hinne sleept, mar se hawwe net ienris de timpel skeind of ús goadinne lastere. 38As no Demétrius en syn faklju kwestje mei de iene of de oare hawwe, der wurde rjochtdagen hâlden en der binne goeverneurs, lit de iene de oare foar it rjocht daagje; 39en as jimme dan fierder noch wat wolle, dat sil yn in wetlike folksgearkomste útmakke wurde. 40Want wy wurde dochs al gefaarlik dat wy fan oproer beskuldige wurde om wat der hjoed foarfallen is; dêr wie gjin inkelde oanlieding ta en wy kinne ús net ferantwurdzje foar dizze opskuor. Doe’t er dat sein hie, makke er in ein oan ’e gearkomste.