Der komme swiere tiden
1Mar tink der wol om, dat der ús yn it lêst fan ’e dagen swiere tiden te wachtsjen steane. 2Want de minsken sille selssuchtich wêze, fûl op jild, swetsers, grutsk, lasterjend, rebelsk tsjin har âlden, ûntankber, sûnder earbied, 3sûnder leafde en sûnder genede, haatsk, rabberich, ûnberoaid, wreed, fij fan it goede, 4ferriederlik, domdryst, blastich, mear begien op geniet as op God. 5De skyn fan frommens sille se ophâlde, mar se miene der neat fan. Ek sokke minsken moatsto dy fier fan hâlde.
6Fan dat slach binne hja dy’t yn ’e huzen witte te kommen en swakke froulju yn ’e macht krije, froulju dy’t ûnder de sûnden bedobbe binne en troch allerhande begearten dreaun wurde, 7dy’t aloan leare wolle en noait ta kennisse fan ’e wierheid komme kinne. 8Lykas Jannes en Jambres it tsjin Mozes yn ’e kant setten, sa dogge hja it ek tsjin ’e wierheid, it binne lju dy’t net goed mei de holle binne en mei in leauwen dat ta weismiten keard is. 9Mar se sille it net fier bringe, want alleman sil ynsjen, hoe ûnferstannich hja binne, lykas it mei dy beide oaren ek gien is.
Lêste opdracht oan Timóteüs
10Do lykwols hast trou myn foarbyld folge; yn ûnderrjocht, hâlden en dragen, libbensdoel, leauwen, langmoedigens, leafde, stânfêstens; 11ek yn myn ferfolgings en al it lijen, lykas yn Antiochië, Ikoanium en Lystra dat my oerkommen is – al dy ferfolgings haw ik drage moatten, mar de Hear hat my út allegearre ferlost –. 12Ja, allegearre dy’t yn ’e mienskip mei Kristus Jezus godfreezjend libje wolle, sille ferfolge wurde. 13Mar dogeneaten en bedragers sille ta slimmer ferfalle, mei’t se oaren en ek harsels op ’e doele bringe.
14Do lykwols moatst bliuwe by watsto leard en yn it leauwen oannommen hast. Want do witst fan hokker minsken do it leard hast, 15en datsto fan jongsôf oan de hillige Skriften kenst, dy’t dy de wei wize kinne ta behâld, troch it leauwen yn Kristus Jezus. 16Elk Skriftwurd is troch God ynjûn en is nuttich om te ûnderrjochtsjen, om te wjerlizzen, om te ferbetterjen, om op te fieden yn ’e gerjochtichheid, 17dat de minske fan God foar syn taak bekwaam wêze mei, ja, ta alle goed wurk tarist.