1Fierders, bruorren, bid foar ús, dat it wurd fan de Hear fuortrinne mei as diggelfjoer en ferhearlike wurde, lykas by jimme, 2en dat wy ferlost wurde fan dy dwaze en ferkearde minsken. Want it leauwen is net by elkenien te finen. 3Mar de Hear is trou. Hy sil jimme sterk meitsje en hoedzje foar de kweade. 4Om’t wy fan de Hear binne, hawwe wy fertrouwen yn jimme, dat jimme dogge en ek tenei dwaan sille, wat wy jimme hjitte. 5Mei de Hear jimme herten rjochtsje op de leafde fan God en de stânfêstens dy’t fan Kristus komt.
Arbeidzjen is kristenplicht
6Wy hjitte jimme, bruorren, yn ’e namme fan ’e Hear Jezus Kristus, om elke broer te mijen dy’t mar wat omstipt en him net hâldt oan ’e oarders dy’t sij by oerlevering fan ús krige hawwe. 7Jimme witte sels skoan, hoe’t jimme ús foarbyld folgje moatte; wy binne it wurk net út ’e wei gien doe’t wy by jim wienen 8en wy hawwe net it brea – fan wa ek – iten sûnder derfoar te beteljen. Nee, wy hawwe by nacht en by dei arbeide, ja wrotten en wraamd, om mar net ien fan jimme ta lêst te wêzen. 9Net dat wy dêr gjin rjocht op hienen, mar wy woenen jimme ússels as foarbyld jaan, dat jimme dat neifolgje soenen. 10Ek doe’t wy by jimme wienen, plichten wy jimme dit foar te hâlden: Wa’t net arbeidzje wol, sil ek net ite.
11Want wy hearre dat guon by jimme mar wat omstippe en net arbeidzje, al hawwe se fan alles by de ein. 12Wy hjitte sokken en wy steane der by harren op oan yn ’e namme fan de Hear Jezus Kristus om rêstich oan it wurk te bliuwen en sels de kost te fertsjinjen.
13Mar jimme, bruorren, moatte net wurch wurde om it goede te dwaan. 14As ien net harkje wol nei it boadskip fan dizze brief, merk him dan oan en gean net mei him om, dat er him skammet. 15Mar sjoch him net as in fijân, warskôgje him leaver as in broer.
Slot
16Hysels, de Hear dy’t frede jout, mei ek jimme syn frede jaan, altiten en oer alle boegen. De Hear wês mei jimme allegearre. 17De groetenis mei myn eigen hân. Paulus. Sa tekenje ik elke brief, dit is myn hân fan skriuwen.
18De genede fan ús Hear Jezus Kristus wês mei jimme allegearre.