2 Tessaloníkers 1
Skriuwers, lêzers, groetenis
1Fan Paulus, Silvanus en Timóteüs. Oan ’e gemeente fan Tessaloníka, dy’t mei God ús Heit en de Hear Jezus Kristus ferbûn is. 2Genede en frede mei jimme jûn wurde fan God de Heit en de Hear Jezus Kristus.
Tank en gebed
3Bruorren, wy fiele ús ferplichte om God aloan foar jimme te tankjen. En dêr is alle reden ta, want jimme leauwen wint tige oan en de leafde foar elkoar fan elk fan jimme allegearre wurdt almar grutter. 4Dat wysels sprekke fan jimme yn ’e gemeenten fan God, om’t jimme leauwen hoekhâldt yn alle ferfolgings en benearings dy’t jimme te ferduorjen hawwe. 5Dat wiist op Gods rjochtfeardich oardiel: sa wurde jimme it keninkryk fan God weardich achte, dêr’t jim no foar lije. 6Want dat is sûnder mis rjocht neffens God: dy’t jimme lije litte, sil Hy yn it lijen bringe. 7Mar jimme dy’t lije moatte, sil Er tagelyk mei ús ferromming jaan, as ús Hear Jezus Kristus út ’e himel wei ferskynt mei syn machtige ingels, 8yn in lôgjend fjoer. Dan sil Hy straffe dy’t om God noch syn gebod net jouwe en dy’t net harkje wolle nei it bliid boadskip fan ús Hear Jezus. 9Sy sille as straf in ivich ferdjer krije, fier fan it antlit fan de Hear en fan syn hearlike macht, 10as Hy komt om ferhearlike te wurden yn al syn hilligen en bewûndere ûnder allegearre dy’t ta it leauwen kommen binne – en ús tsjûgenis by jimme is deryn gien –. Sa sil it gean op dy grutte dei.
11Mei dat doel bidde wy ek aloan foar jimme, dat ús God oardielje mei dat jimme libje sa’t it roppenen past. Mei Hy troch syn macht jimme nocht oan it goede en it yn praktyk bringen fan jimme leauwen folslein meitsje. 12Dan sil de namme fan ús Hear Jezus Kristus yn jimme ferhearlike wurde en jimme yn Him, troch de genede fan ús God en Hear Jezus Kristus.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap