De folkstelling
1De Heare waard op ’e nij tige lilk op ’e Israeliten; Hy sette David tsjin har op en sei: Gean hinne, tel Israel en Juda. 2De kening sei tsjin Joäb, de legeroanfierder dy’t by him wie: Gean alle stammen fan Israel troch, fan Dan oant Beër-Sjêba ta en meunsterje it folk, dat ik it tal fan it folk te witten kom. 3Mar Joäb sei tsjin ’e kening: Mei de Heare, jo God, dit folk noch hûndert kear sa machtich meitsje as it no al is en meie mynhear de kening syn eagen it noch sjen, mar wêrom wol mynhear de kening dit dwaan? 4De kening lykwols koe Joäb en de legeroanfierders mei it wurd wol oer, dat hja gongen by de kening wei om it folk Israel te meunsterjen. 5– Hja stieken de Jordaan oer en sloegen har kamp op by Aroër, súd fan ’e stêd dy’t healwei de rivier leit, by Gad en by Jazer. 6Dêrnei kamen se oan te Gileäd en it lân oan ’e foet fan ’e Hermon. Doe kamen se te Dan, Ijjon en de omkriten fan Sidon. 7Dêrnei kamen se oan by de festing Tyrus en alle stêden fan ’e Chiwwiten en de Kanaäniten en hja kamen út yn it suden fan Juda te Beër-Sjêba. 8Doe’t se troch it hiele lân reizge wienen, kamen se mei ferrin fan njoggen moanne en tweintich dagen wer te Jeruzalem oan. 9Joäb joech de útkomst fan ’e folkstelling by de kening op: Israel bestie út 800.000 striidbere manlju, dy’t har mei it swurd rêde koenen, en de mannen fan Juda wienen 500.000.
10Mar it hert sloech David yn ’e kiel, doe’t er it folk teld hie. En David sei tsjin ’e Heare: Ik haw tige mis west dat ik dit dien haw. Och Heare, nim dochs de skuld fan jo tsjinstfeint ôf, want ik haw tige dwaas dien.
11Doe’t David der de moarns ôfkaam, hie profeet Gad, Davids sjenner, al dit boadskip fan ’e Heare krige: 12Gean hinne, sis tsjin David: Dit hat de Heare te sizzen: Trije dingen lis ik dy foar, kies dy der ien út, dan sil Ik dy dat oandwaan. 13Doe’t Gad by David kommen wie, brocht er it him oer. Hy sei tsjin him: Sil der sân jier hongersneed yn jo lân wêze, of sille jo trije moanne op ’e flecht gean foar jo fijannen en sille dy jo achternei sitte, ôf sil der trije dagen pest yn it lân wêze? Dat wit it no goed en lit yn jo omgean, wat antwurd ik jaan moat oan Him dy’t my stjoerd hat.
14David sei tsjin Gad: No sit ik wol foargoed yn ’e knipe. Lit ús mar yn ’e hân fan de Heare falle, want syn barmhertichheid is tige grut. Mar lit my net yn minskehannen falle.
15Dêrop stjoerde de Heare in pest yn Israel fan ’e moarns ôf oant de stelde tiid en der stoaren fan it folk fan Dan oant Beër-Sjêba ta, 70.000 man. 16Mar doe’t de ingel de hân útstiek nei Jeruzalem om dat te ferdjerren, begrutte it de Heare om dat ûnheil en Hy sei tsjin ’e ingel dy’t it ferdjer oer it folk brocht: No is it genôch. Lûk de hân werom. De ingel fan de Heare stie doe krekt by de terskflier fan Arauna, de Jebûsyt. 17Doe’t David de ingel seach, dy’t it folk sloech, sei er: Och, ik bin it, dy’t de misstap dien haw, ik bin it dy’t sûndige haw. Mar dizze skiep hjirre, wat ha dy dien? Lit jo hân mar tsjin my en myn famylje wêze.
It alter by Jeruzalem
18Dyselde deis noch kaam Gad by David en sei tsjin him: Gean hinne en set foar de Heare in alter op ’e terskflier fan Arauna de Jebûsyt. 19En David gong derhinne sa’t Gad op befel fan de Heare sein hie. 20Doe’t Arauna opseach, waard er de kening gewaar, dy’t mei syn tsjinners op him ta kaam. Arauna rûn him yn ’e mjitte en bûgde him foar de kening mei it gesicht nei de grûn. 21En Arauna sei: Wêrom is mynhear de kening by syn tsjinstfeint kommen? David sei: Om de terskflier fan jo te keapjen en foar de Heare in alter te bouwen, dat de pleach fan it folk ôfnommen wurdt. 22Mar Arauna sei tsjin David: Nim him mar, en lit mynhear de kening mar offerje sa’t it him goedtinkt. Sjochdêr de kij foar it offer en de tersksliden en de jokken fan ’e kij foar hout. 23Dat allegearre, o kening, jout Arauna oan ’e kening. En Arauna sei tsjin ’e kening: Mei de Heare, jo God, it mar goed mei jo miene.
24De kening lykwols sei tsjin Arauna: Sa sil it net. Ik wol it foar de folle priis fan jo keapje. Ik wol de Heare myn God gjin offers bringe dy’t my neat kostje. Dat sa kocht David de terskflier en de kij foar fyftich sikkel sulver. 25Doe boude David dêr in alter foar de Heare en hy brocht brânoffers en tankoffers en de Heare ûntferme Him wer oer it lân, en sadwaande waard de pleach fan Israel weinommen.