Opskrift en groetnis
Fan Simeön Petrus, tsjinstfeint en apostel fan Jezus Kristus, oan harren dy’t troch de rjochtfeardichheid fan ús God en Ferlosser Jezus Kristus it foarrjocht hawwe, itselde te leauwen as wy. Dat genede en frede jimme aloan riker jûn wurde mei, trochdat jimme God en ús Hear Jezus Kristus kenne.
Ropping en taak fan ’e kristenen
Want alles dêr’t wy ferlet fan hawwe om from te libjen, hat syn godlike macht ús jûn, mei’t wy Him kenne meie dy’t ús roppen hat troch syn gloarje en wûndermacht. Dêrtroch binne der rike, kostlike beloften oan ús wiermakke; sadwaande binne jimme ûntkommen oan it ferdjer dat der yn ’e wrâld is troch de selssucht en sa hawwe jimme diel krige oan Gods eigen wêzen.
Dêrom krekt moatte jimme alle mooglike war dwaan om troch leauwen deugd te winnen, troch deugd ynsjoch, troch ynsjoch selsbehearsking, troch selsbehearsking trochsettingsfermogen, troch trochsettingsfermogen frommens, troch frommens bruorresin, troch bruorresin leafde. As jimme dat allegearre hawwe en hieltyd oerfloediger, sil dat jimme wol fertuten dwaan om ús Hear Jezus Kristus kennen te learen. Mar ien dy’t dat net hat, dy is blyn, sa koartsichtich is er; dy is it fergetten dat er fan syn eardere sûnden suvere is.
Doch dêrom namstemear war, bruorren, om wier te meitsjen dat jimme roppen en útkard binne; want as jimme dat dogge, sille jimme noait net komme te fallen. Want sadwaande sil de doar wiid foar jimme iepengean nei it ivich keninkryk fan ús Hear en Ferlosser Jezus Kristus.
De grûn fan ús leauwen
Dêrom bin ik fan doel, jimme dy dingen hieltyd wer yn ’t sin te bringen, ek al witte jimme se en ek al steane jimme sterk yn ’e wierheid dy’t jim bekend is. Want ik sjoch it as myn plicht, om salang as ik yn ’e tinte fan dit lichem wenje, jimme te moanjen, om jimme dêrmei wekker te hâlden. Ik wit, dat ik dy tinte mei gauwens ferlitte sil, want dat hat ús Hear Jezus Kristus my betsjut. Mar ik sil derfoar soargje, dat jimme ek as ik hjir net mear bin, alle kearen weroan oan dy dingen tinke kinne.
Want doe’t wy jimme it kommen mei macht fan ús Hear Jezus Kristus bekend makken, binne wy net op fernimstich optochte fabeltsjes te seil gien; wy sprieken as minsken dy’t mei eigen eagen syn hearlikheid sjoen hawwe. Want hy hat ear en hearlikheid fan God de Heit ûntfongen meidat dit boadskip út ’e himelske hearlikheid ta Him klonk: Dit is myn Soan dy’t My leaf is en dêr’t Ik sa wiis mei bin; en dat boadskip, dat út ’e himel klonk, hawwe wy sels heard, doe’t wy mei Him op ’e hillige berch wienen.
Wy hawwe dêrtroch noch mear fertrouwen yn it wurd fan ’e profeten krige. Jimme dogge der goed oan, dat acht te slaan, want it is in lampe dy’t ljocht jout op in tsjuster plak, oant de dage oer de loft giet en de moarnsstjerre opgiet yn jimme hert. Mar dit moatte jimme foaral goed witte, dat gjin inkeld profetewurd út ’e Skrift nei eigen ynsjoch útlein wurde mei. Want der is noch noait in profetewurd sprutsen allinne omdat in minske dat sels woe, nee dreaun troch de hillige Geast hawwe minsken út namme fan God sprutsen.